Kweapraat 9

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma september 5, 2021 21:50

Kweapraat 9

It keatsseizoen 2021 rint langsam mar seker nei de ein. Sneon sloech de bond foar senioaren yn Tsjom foar best op en snein wie it flaggeskip fan de haadklasse manlju te gast yn de arena fan keatsferiening Jan Reitsma. Jan Reitsma senioar ien fan de grutte tenoaren út in lang ferline. Mei Jan Reitsma yn it partoer wûn Penjum de earste bûnspartij yn 1897. No krapoan 125 jier letter stie sneon yn Tsjom de bûnspartij op it programma. Tsjom…werom Frjentsjer net tinke je dan. No om lang ferhaal koart te meitsjen soe it te krijen han haw mei it net beskikber wêze fan de fuotbalfjilden oan de Hertog van Saxenleane hjir yn Frjentsjer. Ik haw my der efkes yn ferdjipe mar geandewei krige ik der in ferfelende smaak fan yn ‘e mûle. Eintsje beslut hie it best kinnen yn Frjentsjer mar je moatte it as bond wol wolle fansels…en der jekke it! Wer haw ik sa’n ferhaal wolris earder heard. De bond sjocht graach nei wat net mooglik is en net wat der wol mooglik is! Sil ek wol noait oars wurde.

Mar hawar Minnertsgea hat de pot wûn en dat hie ek samar Bitgum wêze kinnen mar soms sit it je mei en soms sit it je tsjin. Ik spruts yn Penjum mei âld-skiedsrjochter Jan Bruinsma fan Berltsum. Hy seach de bal kwea en der koe Bitgum him net yn fine. Tjisse Steenstra makke nei ôfrin ek noch it nedige kabaal mar kaam der snein wer op werom nei Jan Bruinsma ta. Klear! Miskien in idea om de minsken dy’t by de boppe peal stean earne oars del te setten. Yn Penjum siet de man ek wer hast ûnder de peal…Ik soe oan de oare kant fan it fjild sitte wolle sadat je goed sicht hawwe op ‘e boppe. Of in man op sa’n tennistoel sette. Ik sjoch dat hast nearne mear.

Mar goed der is fansels wol wat mear oer de bond te sizzen. Ik haw efkes lustere nei de direkteur fan de keatsbûn Marco Hoekstra. Hy mocht syn sechje dwaan by de Omrop oer it marginale oantal fan 42 partoer. Ik haw it stikje twa kear belustere en ik haw my oer de útlis fan Hoekstra ferbaasd.

‘Wy hiene ek op mear hope it is wat it is. Hoekstra tinkt net dat dizze delgong troch sette sil. Ik beskôgje it as in ynsidint want gewoanwei is de partij op Pinkstermoandei dat is tradysje. Hoekstra sjocht dus gjin delgong yn it keatsen. Dan is hy wol de ienige dy’t sa tinkt. Sjoch, ik mei graach sjen nei hoe it ea wie sjen. It ferline is ommers de spegel fan de takomst. Hoekstyra komt út de wrâld fan de fûgeltsjes en miskien soe hy him ris ferdjipje moatte yn it ferline fan de bond. Dan soe hy sjen dat it gjin dipke is wat der no bard. Efkes wat sifers! By it hûnderd jierig bestean yn 1997 stienen der 85 partoeren op ‘e list. Dus fan de krapoan 125 ôfdielingen die twa tredde oan de wedstriid mei. Yn 2000 wienen dat der noch 75. Dat oantal koe der wol op troch. Yn 2010 binne dat der noch 70. Yn 2019 it lêste jier dat de bond ferkeatst is stienen der noch 69 partoeren op de list mei mar leafst 14 dûbele ôfdielingen. Dermei is de delgong begun. De bond is de bond net mear. Eartiids wie it in hichtepunt yn de karrière fan de keatser om mei te dwaan oan de bûnswedstriid. Derom kaam hy ek yn de rige fan de klassiekers. Mar der is no neat mear fan oer.

De Ryp stie mei trije partoer op de list. Kwaliteit is ynlevere foar kwantiteit! It is no in ordinaie ôfdielingswedstriid wurden. Niks wichtichs oan! Dat seachen je no sneon ek by de wedstriid yn Tsjom. 42 ôfdielingen stienen op de list mei acht dûbele ôfdielingen. Feitlik hienen mar 34 ôfdielingen harren foar dizze wedstriid opjûn. Yn fergelyk mei 2019 wer in efter útgong fan 21 ôfdielings. Dus fan de rom 110 oanslutend ferienings hie twa tredde gjin each mear foar dizze ‘klassieker’. Dat is no ienkear de realiteit anno 2021 as je it no wol of net wolle. Hjir kin en meie de minsken dy’t it goed miene mei it spultsje net de eagen foar slute want dan snappe se der gjin bliksum fan. Ik wie sels net yn Tsjom mar wat ik fan myn kollega’s heard haw dat hâlde it net oer yn Tsjom. It wie faak net oan te sjen. Dat is hurd mar wol de wierheid. Dat Jacob Wassenaar en Daniël Iseger noch op harren 41ste foarbest opslaan kinne by de haadklasse seit alles oer hoe’t it keatsen der anno 2021 foar stiet. Dan haw ik it noch mar net oer Simon Minnesma (48) en Chris Wassenaar ek 48 dy’t samar wer ynstappe kinne. Dat seit alles oer it nivo fan hjoeddedei. Keatsen is topsport moatte je dan ek mei in korreltsje sâlt nimme. It is in moai spultsje. In prachtich stikje Fryske folkloare mar mear is it ek net.

Sjoch nei de partij yn Penjum en dan giet je de grize oer de grauwe. Trije heechút fjouwer partoeren rinne fier foar de rest út. Je kinne foarôf wol úttekenje wa’t mei de priis nei hûs gean sil. De Auke Boomsma’s binne der te folle. Foar dy keatsers is der ek gjin sek oan. Gau werom nei de earste klasse! Dus yn it oantal fan tsien partoer by de haadsklasse moat ek it mes yn. Werom nei acht miskien wol nei seis partoeren. Dan is de kâns dat je mear striid krije en dat de kwaliteit ek omheech giet. Miskien wol nei seis partoer en dan keatse yn twa pûltsjes fan trije. Yn de jierren 50 hie Snits altyd in partij mei fiif partoer earsteklassers mar it wienen wol de bêste partoeren en der moast wol fjouwer kear keatst wurde om te winnen. As ik der  oan tink dat muoit it mei dat Hotze Schuil syn prizen c.q. punten net meitelt wurde mochten omdat der mar fiif partoeren op’e list stienen.

Ik fyn persoanlik dat ik my dat sels ek oanrekkenje mei by it samen stellen fan de regels foar it klassemint alle tiden. De tiid hat my leart dat de punten fan Hotze meitelt wurde moatte hienen. It is net allinne by de froulju fiif oer tolve mar ek by de manlju. Yn Penjum wie ek wer in partij mei fiif earsten gelyk mar ek mei hast tritich opslach flaters. Ik sjoch dat dochs net allinne. Moai waar en lange dagen is it faak genoch mar it is no echt tiid om spikers mei koppen te slaan. De TC moat ek wer werom. No stean der keatsers op it fjild dy’t sear dogge oan de eagen. Dat witte dy keatsers sels ek wol. Sjoch nei Simon Zijlstra dy’t yn Reduzum kening fan de partij der waard. Foar de haadklasse komt Simon noch te koart mar troch dy freeslike ranking hat hy tal fan partijen op de haadklasse keatse moatten. De keatser moat sels útmeitsje wêr’t hy keatse wol en net dat de ranking it foar him bepaald.     

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma september 5, 2021 21:50
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel