Kweapraat 12

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma september 29, 2020 10:43

Kweapraat 12

No, dat wie it dan. Der kin in skras troch it keatsseizoen 2020. In hiel oars seizoen as ik, en mei my in kloft leafhawwers, ea tocht hienen. Doe’t ik yn it neijier nei de regio byienkomst ôfsette hie ik nea tinke kinnen dat dy duvelse Corora sa om him hinne slaan soe. Want litte wy earlik wêze:  Der binne klappen útdielt en it keatsen is der ek net oan ûntkommen. Fan alle yn it foar fêststelde wedstriden is mar in tredde part oan de ein kommen. (Cartoon: Peter Vassilev).

Alle bûnswedstriden, de Jong Feinte partij, de Ald-Meiers partij en net te ferjitten de PC hawwe it net oprêde kinnen. Gelokkich binne de Rengers, de Aldehou en de Freule noch wol ta in goed ein brocht mei hulde oan al dy minsken dy’t de rêch wol rjocht hâlden hawwe. Dat jildt fansels ek foar de ferienings dy’t de partijen dy’t der noch hâlden binne mooglik makke hawwe. Dan pak ik der dochs twa ferienings út.

Warber Bliuwe út Moarre en keatsferiening Boalsert út Boalsert mei as driuwende kreften de De Stiemsma’s en de Wijtsma’s en foarsitter Lammert Leeuwen mei syn frijwilligers om mar in pear nammen te neamen. Sy batsten deryn doe’t Rutte op 24 juny witte liet dat der romte wie om te sporten. Wol mei beheinings fansels. As Moarre en Boalsert dat begjin july net dien hienen dan hie ik noch sjen moatten oft der noch mear op de hispel kommen wie. Foarsitter Nijman fan LKC Sonnenborgh liet in wike yn it foar mei stipe fan leafhawwers fan it spultsje sjen dat der noch hiel wat mooglik wie as je it mar wolle.

Der waard ommers fierstentefolle tocht yn  ûnmooglikheden ynstee fan wat der wol mooglik wie. Grutte spilers lieten it ôfwitte omdat hja bang wienen dit jier net droech oer de sleat springe te kinnen. Dat bliuw ik noch altyd spitich finen omdat ferienings sa as Hommerts-Jutryp, Burchwert en Reduzum wol harren nekke útstutsen hawwe om de sporters dochs noch har wedstriden te jaan. Kin my net foarstelle dat dizze ferienings no op’e flesse binne.

Ek de Bildtdoarpen Sint Jabik en Sint Anne hawwe har wedstriden noch hâlden. Spitigernôch lieten de leafhawwers har dik yn de kjeld stean. Dan ferjit ik noch OKK út Bitgum dat ek alles noch út de Corona mooglikheden helle en de leafhawwwer it gefoel joech dat der mear koe as der tocht waard. Dat der troch Bitgum dan wol ris in bochje ofsnijd is heart by it spul. Takom jier hooplik wer de ‘echte’ Van Aismapartij.

Hoop is der ek dat yn 2021 de PC  wer ferkeatst wurde sil. Twa kear gjin PC is gjin opsje foar de mannen fan de Keninklike PC. Hja witte no ek net hoe’t it der ein july begjin augustus mei ús lân foar stiet. Hat de corona him dellein en is der al in faksin. Mar yn de kommende tiid wurdt der alfêst goed neitocht wat de alternativen binne. In PC mei in grôtfol Sjûkelân soe prachtich wêze, mar yn de stêd binne dan ek like folle minsken. Kin dat? Sa net, dan sil der neitocht wurde oer in PC mei pak’m beet 1000, 2000 en miskien wol 3000 leafhawwers. En hoe dogge je dat. Wat moatte je as organisaasje dwaan en wat moatte je litte om de PC wer stâl te jaan. It duorret noch wol efkes mar ien ding is wis: Twa jier gjin PC is gjin opsje. Ik sil it mei jimme ôfwachtsje!

Snein yn Weidum kaam der ek in ein oan it seizoen fan de froulju. Nije Kriich hie it dan dochs noch foar elkoar krigen om de 44ste útfiering fan de Frouljus-PC hannen en fuotten te jaan. In lytse 600 leafhawwers wienen noch op it spektakel ofkommen en dy seagen dat de ‘Reade Brigade’ der mei de winst fan troch gong. It hie samar oars rinne kinnen mar doe’t it der om gong wienen hja it oare kâns partoer, dat fan Ilse Tuinenga, fier de baas.

It ferskil lei him foaral yn de krite wêryn’t sawol Manon Scheepstra as Marrit Zeinstra fjoer yn de mof hienen en by Imke van der Leest en Margriet Bakker siet der der lym yn de mof, want de bal woe net út de mof wei. Spitich, hiel spitich foar harren want no moast it fierstentefolle fan Ilse Tuinenga komme. Ilse sloech geweldich op. 22 kear nam se it perk fan Scheepstra en Zeinstra ûnder fjoer mar ek sy krige de beide froulju der net ûnder. Hoewol’t Ilse mar ien kear miste kaam se mei har opslach dochs net fierder as 7 winnende slagen.

Mar dat wie wol de helte fan de punten dy’t it partoer fan har oan de tillegraaf krige. Wat my fan har perk ek by bleaun is, is dat efterynse Margriet Bakker yn al har keatste partijen te fier nei foaren stie en dêrtroch altyd efterút rinnend ûnder de bal komme moast. Ik haw my der oer ferbaasd dat net ien yn har omjouwing har der op wiisde dat je better nei foarren rinne kinne dan dat je al efterút rinnend dat dwaan moatte. Hoe dreech kin it dochs wêze.

Oer de hiele dei waarden der yn Weidum 80 ballen boppeslein. In gemiddelde fan 7,2 de partij. Dan te witten dat Manon en Marrit  29 oer it kleedsje slein hawwe. Dat is mear as 36,25 prosint fan it totaal.

Ut de sifers waard ek dúdlik dat froulju dochs mear om keatsen keatse as de manlju. Ik haw de partij fan de mannen op de lêste Aldehou der njonken lein. Dan praat ik oer de finale by sawol de manlju as de froulju. De Aldehou telde 104 punten werfan 94 troch direkte winst. Mar seis kear waar der om in keats keatst. By de froulju wie dat snein dochs wat oars. Fan de 98 ferkeatste punten kamen der 54 troch direkte winst. 22 kear waard der striden om in keats. Snein waard ek dúdlik dat keatsferiening Nije Kriich it drok hân hat mei de organisaasje fan de 44ste Frouljus-PC. Je kinne ek sizze dat de drukker fan de wedstriidlist en de byhearrende ynformaasje de eagen ticht hân hat doe’t it wurkje ynelkoar set waard want dat wie der by dizze 44ste útfiering  fier by troch. Spitich want it is wol it besitekaartsje fan de feriening. Blykber hat net ien fan it bestjoer it sjoen, oars hie it oer moatten. Soks bringe je net nei bûten ta.

Wat my mei my ek opfoel wie it feit dat de skiedsrjochters fan hjoeddedei as in soad fan ferkearsplysje oer it fjild gean. Eltse keats dy’t der slein wurd dêr gong de skeids snein op ôf. Dat is syn wurk net. Dat is it putsje foar de karmaster. De skeids is der foar it gehiel. Dy hoecht net as in fjouwerdaagse rinner oer it fjild te fleanen. Oanmerken litte je oer oan de oanmerkers en de karmasters. It is fansels wol saak om dat yn it foar mei harren troch te praten. In skeids is ynhierd om tafersjoch te halden op wat der yn it fjild bart!   

Wat fierder opfoel yn Weidum wie it feit dat de top fan it frouljus keatsen hiel tin is. Bliid waard ik fan it keatsen fan Wybrig Bakker, Corrie Kroondijk en Fiera de Vries. Ek Annet de Haan en Lotte Delgrosso kinne noch groeie yn har mooglikheden. Mar dat is it dan ek wol. Spitich ek dat Marte Altenburg der mei ophaldt! Hja hat it partoer fan Tineke Dijkstra folle sterker makke. Hja is en wie in tûke keatser en dy binne der noait genôch. Boppe neamde froulju hawwe it yn harren om straks mei te dwaan om de prizen. Mar ek hjir sil de tiid it leare. Yn de kommende stikjes wol ik graach werom komme op de prestaasjes fan sawol de manlju as de froulju.

Sake oant in oare kear!   

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma september 29, 2020 10:43
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel