Yn memoriam Dirk van der Zee 1937-2020

Jan Braaksma
By Jan Braaksma oktober 13, 2020 18:11

Yn memoriam Dirk van der Zee 1937-2020

Op sneon 10 oktober 2020 kaam der in ein oan it libben fan âld-keatskening Dirk van der Zee fan Ljouwert. Ik hie Dirk it koarte keatsseizoen net op’e fjilden sjoen en wist fan syn soan Henk dat heit hiel wat foar de kiezzen hân hie de ôfrûne tiid. Dat besite oan it keatsfjild soe der nei alle gedachte net mear fan komme. Ik hearde it earst fan de namme Dirk van der Zee op de dei nei de PC fan 1960. Ik bin dan tsien jier en lis noch op bêd as Kees Dijkstra, de skoanheit fan keatser Jan Faber fan Peins, del komt om de kij te melken. Heit wie út de tiid en Kees Nanings, ik koe de man net oars, wie dan altyd ree om heit út de brân te helpen. Mem wie al wekker en frege Kees wa’t de PC fan woansdei wûn hie. Hy neamde de nammen wêrûnder die fan de jonge Dirk van der Zee fan Ljouwert. “Gjin Hotze Schuil dus”, hearde ik mem noch sizzen. It wie de ienigste keatser dy’t se ek koe.

Letter as ik by de belestingtsjint oan it wurk bin kom ik Dirk van der Zee wer tsjin, mar no as ponghâlder fan fuotbalklub Nicator fan Ljouwert. Dirk moast net folle fan de belestingtsjint hawwe, mar it klikte daliks doe’t ik in foet oer de drompel sette yn it klubhûs fan Nicator. De belangen leinen oars mar dat wie dan ek in iennige. Dat kaam ek trochdat wy ien mienskiplike hobby sis mar passy hienen:  It spultsje mei de lytse bal.

Oeren hawwe wy der tegearre oer praat. Dirk koe smout fertelle en letter ek, doe’t wy elkoar sawat alle sneonen en sneinen op it fjild tsjin kamen. De lêste jierren altyd yn it selskip fan Jehannes Duhoux en Eppie Westra dy’t foar it ferfier soarge. Want de tiid dat Dirk op de fyts oeral hinne gong lei al in skoftsje efter him. Mar de wille wie der altyd. Yn de pauzes efkes sitte mei Frans Poppes. It wie “a way of life” foar Dirk.

Dirk van der Zee wie ek net samar in keatser. Berne yn 1937 soe hy jierrenlang foar bêst opslaan sawol yn de jeugd as letter as yn de earsteklasse (no de haadklasse). Dirk is ek ien fan de keatsers dy’t yn it besit is fan it Klaverke Fjouwer. In teken dat je de fjouwer meast oansprekkende partijen sawol yn de jeugd as yn de senioaretiid wûn hawwe. Ik neam dan de Freule, de Jong Nederlân Partij, de bond foar senioaren en de PC. De bond soe Dirk sawol foar LKC Sonnenborgh winne as foar keatsferiening Baard. Foar de Ljouwerters sels twa kear. Op de PC fan 1962 wie ik der sels by dat hy mei Jehannes Stavinga en Tamme Velstra yn de finale belies jaan moast. Moai foar Dirk wie ek noch dat hy mei Baard twa kear yn de finale fan de bond stie en yn1967 as winner mei Piet Tuinman en Tamme Velstra fan it Sjûkelân kaam.

Dirk van der Zee sloeg yn syn frij koarte keatskarrière dochs noch 134 punten by elkoar. Dirk krige yn 1963 bot lêst fan it skouder en doe wie it feitlik dien mei keatsen op nivo. Dirk syn bêste jierren wienen 1961 oan’t en mei 1963. Hy sloech net op en dat sil ien fan de redenen wêze dat Dirk nea kening wurden is.

Op de rou adfertinsje stie: “Als je in de harten van zovelen een plaatsje hebt gekregen dan is het leven rijk geweest”.

Dat jout wol oan hoe’t Dirk van der Zee yn it libben stie. In noflik minske dy’t gjin fijannen hie. Tongersdei 15 oktober wurdt der yn lytse rûnte ôfskie nommen fan Dirk van der Zee.             

Jan Braaksma
By Jan Braaksma oktober 13, 2020 18:11
Write a comment

1 Comment

  1. Pieter Klaas Goodijk oktober 14, 07:34

    Mijn jongensjaren komen in Memorian Dirk van der Zee weer voorbij.
    Inderdaad Kees Nanings, de schoonvader van Jan Faber uit Peins.
    Ik woonde destijds in Pietersbierum.
    Verder wil de familie van Dirk van der Zee heel veel sterkte toewensen met dit verlies..
    .Rust in Vrede.

    Reply to this comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Liefhebber

    Liefhebber

    15 partoer, it is net best foar Jacob Klaver. Kost een protte tiid foar de club en dan mar een…

    View Article
  • Sjoerd Hofstee

    Sjoerd Hofstee

    Wat niisskjirrich om te lêzen dat ik in tik mei de mûlpûde hawn ha soe. Jan, do en alle oare…

    View Article
  • Hh

    Hh

    Moai stikje Jan , stiet 1 flaterke yn ûs heit Roel Hoekstra is berne yn 1922 dus wie hy 41…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel