Kweapraat 1
Gerelateerde Artikelen
‘Goeie mannen, der ek wer op út west?
Fansels Sake, hiest net oars ferwachte dochs? Wy hawwe hiele muoisume en ferfelende wiken efter de rêch. Yn de earste wike fan juny rekke de site fan kaatsen.nl út de tiid en wy hawwe der goed trije en in heale wike sûnder dwaan moatten. Ik haw der nachten net fan sliept mar ien ding wie wis. Sa woe ik net eindige. Mei stipe fan myn soan en oare kunde hawwe wy de fuotten wer ûnder it gat krigen. Wy binne der noch lang net mar it begjin is der wer. It frije wurd kin wer fan him hearre litte. Der wienen guon minsken dy’t tochten dat kaatsen.nl net werom komme soe mar dy hawwe foar har beurt sprutsen. Wy gean der no fanút dat wy wer in oantal jierren foarút kinne. Mar it wie ek fansels in rare tiid foar it Fryske keatsen. Troch de corona koe der net keatst wurde, mar no’t de corona op de werom reis is kin der ek wer keatst wurde. Wol mei wat oanpassings mar dat it kin hawwe Moarre en Boalsert dit wykein wol sjen litten. (Cartoon Peter Vassilev).
Ik woe dêr ek mar mei begjinne. Der is hiel wat oer de corona en syn beheinings praten. It wurd protokol koenen je hast úttekenje.As je de foarman fan de bond leauwe moatte wie it hast net mear mooglik om in wedstriid del te setten troch it protokol fan de corona. As dat sa wêze soe dan soe dat ôfgryslik wêze. In jier net keatse: De mage keart him hast om. Benammen as eltsenien ropt dat it net kin of mei dan set ik de hakken yn de grûn. Ik haw wat rûn belle en kaam al rillegau ta de konluzje dat der folle mear kin dan de foarman fan de bond ús leauwe litte wol. Allinne je moatte it paad wol witte wêr’t je mei je fragen hinne moatte. Gewoan de koppen byelkoar stekke en der foar gean. Net stinne mar der hinne.
Mar dan rinne je as organisaasje as earste oan tsjin it feit dat de direkteur fan it keatsbûn mei fakânsje is, wylst de keatswrâld yn ‘e brân stiet. Ik wurd der net goed fan. De kaptein dy’t it skip yn need ferlit en it is net de earste kear dat hy dat docht. No hear ik de lieding fan de bond al roppen: “Hy hat ek rjocht op fakânsje”. Dat wit myn bleate kont ek wol mar yn de heechsimmer fan it keatsen giet de direkteur fan de bond net op fakânsje. Hoe betinke je it! Komt noch by dat HB-lid Durk Kuperus, dy’t ek oer wedstriidsaken giet, ek op fakânsje gongen is. Alles komt no del op de foarman fan de bond en Johannes Siegersma. Sy moatte no it skip dat al aardich oerhellet wer op koers krije…!
Mar je kinne je ôf freegje oft dat wol in goeie set is. Ik seach Wigle by de Omrop no net bepaald foar bêst opslaan. Wigle wie bepaald net wis fan syn saak doe’t hy mei Geartsje de Vries yn petear wie. De gemeente Waadhoeke krige der fan lâns. Wie net koöparatyf nei de bond ta…Sjoch, dan binne der altyd wol minsken dy’t dat efkes útsykje wolle. No tongersdei waarden der fragen dellein by de Waadhoeke en freed wie it antwurd der al. En dan blykt dat it dochs efkes oars is dan wat Wigle Geartsje de Vries yn it petear foar Omrop TV fertelde. Koart sein: Gewoan net goed de kontakten socht dy’t je yn dizze tiid nedich binne. Daliks nei it de ferrommimg hie de bond de boer op moatten.
De hiele ploech fan de bond hie alle ferienings belje moatten en de fraach stelle moatten: “Wa wol wol in partij op poaten setten en wa wol dat net”. No waard de bal dellein by de ferienings. Foute boel! De bond hie folle mear pro-aktyf wêze moatten yn dizze saak. No betanke de iene feriening nei de oare. Allegearre bang foar kâld wetter! Dat muoit my en dêr wurd ik gramstoarich fan. Keatsen is Fryslân en heart by Fryslân. Dêr hearre je as KNKB je stjonkende bêst foar te dwaan. Der op ôf. Sjen litte dat der yn Boalsert en Moarre wol keatst wurde koe en dat der bepaald net in ‘masterclass’ foar nedich is om dit út de grûn te stampen.
As der yn Boalsert en Moarre keatst wurde kin dan kin dat ek yn Kimswert, Seisbierrrum, Berltsum, Holwert, Stiens , Sint Jabik en Sint Anne om mar wat te neamen. Grutte tinten mei net mar der kin noch wol genôch. Allinne je moatte it wol wolle. Sjoch ik wit dat bepaalde ferienings it net wolle omdat der dan net genôch jild yn it laatsje komt…De biertinte moat draaie!
Dêr moatte de ferienings mar efkes fan ôf stappe! De keatsers wolle graach keatse. Sekken fol jild is net it probleem. De krânse en de punten dêr binne se al bliid mei. No tiisdei is der in byienkomst yn Blomketerp om te sjen wa’t it noch wol wol. Dokkum skynt dizze sneon al keatse te wollen wylst it earst net koe. Dokkum stie net iens op de agenda. Mar goed moai dat Joop ta ienkear kommen is. Noch efkes oer dy byienkomst: Wigle Sinnema mailde Geert van Tuinen dat der tiisdei in byienkomst is. Begjint om acht oere.
Geert mailde werom dat hy mei my dêr dan ek efkes kommme soe. Doe liet Wigle witte dat leaver net te wollen. Geert van Tuinen en ik sei de gek binne yn de ban dien troch Wigle Sinnema. Yn datselde petear dat hy hie mei Geert liet hy ek witte dat Geert en ik net mear wolkom binne by de regio byienkomsten yn it neijier en yn it foarjier. As ik it goed begryp dan soe ús oanwêzigens ferlammend wurje op dat ploechje minsken dy’t op sokke byienkomsten ôf komt. Dat fine wy frjemd omdat wy allinne mar lústerje wolle wat de goegemeente te sizzen hat…as se wat te sizzen hawwe.
Sjoch as de foarman ús wat freget dan jouwe wy der op ús manier antwurd op. Hiel simpel…Wy libje dochs net yn Noard-Korea wêr’t Un de baas is. Mei it folk net mear witte wat der him ofspilet op de flier fan us Keninlike bond? Sjoch, wy binne al ferbannen fan it bûnsblêd de Keats omdat wy meningsfoarmjend skriuwe. Ja, wy hawwe in miening en dy drage wy út. Komt omdat wy leafhawwers binne fan it keatsen en wy tinke dat wy noch wol in bydrage jaan kinne oan it Fryske keatsen.
As de iepenheid net mear jûn wurd dan is der mear oan de hân. Bang foar kâld wetter kin it net mear wêze. As de finger net mear op de seare plak lein wurde mei dan moatte je de tinte mar slute.
Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie