Robert van Wieren (1942-2020)

Geert van Tuinen
Door Geert van Tuinen juni 30, 2020 19:35 Bijgewerkt

Robert van Wieren (1942-2020)

Hjoed de 30ste juny 2020 ferstoar Robert van Wieren. Robert wie de âldste fan de fjouwer bruorren Van Wieren dy’t  yn de keatswrâld in ûnútwisbere namme opboud hawwe. De Van Wierens út Marsum: Dan wit elkenien oer wa’t it giet.

Robert van Wieren waard berne op 24 juny 1942 yn it Eastenrykse Wenen, as soan fan Wijbren van Wieren en Henriëtte Eidler. Benammen  de mem fan Robert waard yn it begjin fan de twadde wrâldoarloch geregeld oansjoen foar in Dútske frou en dat smiet de neidige hatelikheden op.  Fandêr dat besletten waard te ferhúzjen nei it bertelân fan Robert syn mem,  Eastenryk.

It gesin komt werom yn Nederlân en nei de oarloch festige Wijbren van Wieren him lang om let as kapper yn Marsum. 

En dat soe ek it berop wurde fan Robert van Wieren.

Dat berop hie konsekwinsjes foar syn keatskarjêre. Op de sneons moast hy yn de saak oan it wurk, dus hy koe allinnich op snein keatse.

En keatse koe hy. Yn 1959 wûn hy foar Marsum in lytse preemje op de Freule Partij; in jier letter folge troch in oerwinning op de Jong Nederlân Partij.

Yn 1972 wûn hy, mei broer Wybren en Lammert Breuker, de Bûnspartij.  PC winst siet der foar de âldste Van Wieren net yn.  Krekt net.  Yn 1968 stie hy mei Pier de Groot en Gerrit van der Heide op it Sjûkelân yn de finale. Dêryn wienen Johan van Seijst, Johannes Westra en Tamme Velstra te sterk. Dat hy de PC noait wûn hat, neamt Robert van Wieren yn it boek “De fiifde woansdei,  150 jier PC”, in frustraasje.  Mar it tekenet de hechte famyljebân fan de Van Wierens, as hy dêr drekt oan taheakket: 

“Mar Klaas en Wyb hawwe him tegearre tsien kear wûn en dat makket wer in protte goed”.

Ien kear yn syn keatstiid waard Robert van Wieren kening fan in earsteklas partij. Dat wie al yn 1963 yn Bitgum. Amper 21 jier âld stie Robert oan de ein fan de dei mei de ‘feteranen’ Roel Hoekstra en Wijtse Vlietstra mei de krâns om de nekke en de keningspriis yn de hannen. En…sy wûnen in fyts.

Mar sa as dat gie yn dy tiid: Der moast fansels al efkes neisitten wurde. En ek op dat mêd koe Robert van Wieren aardich meikomme.  Se sieten noch net sa lang yn it kafee doe’t it stjoer fan de fyts al konsumearre wie, sa skriuwt Rynk Bosma yn syn boek oer de van Wierens. It frame, de tsjillen, it kettingkast: It waard allegear omset yn alkoholyske fersnaperingen. Mar Robert wie wol de kening.

As je nei de keale sifers fan Robert van Wieren syn keatstiid op it heechste nivo sjogge dan docht bliken dat hy yn syn aktive tiid 149 punten by elkoar slein hat. 17 earste prizen,  29 preemjes en 40 lytse preemjes berikten de prizekast fan de Marsumer kapper.   Dêrmei is hy net de meast súksesfolle keatser út de Van Wieren dynasty. Dy eare giet nei syn bruorren Klaas en Wybren, dy’t beide bygelyks fiif kear de PC wûn hawwe en folle heger yn it klassemint stean.

Foar de mindere sifers fan Robert ten opsichte fan syn bruorren binne wol in pear ferklearrings te jaan. Troch syn berop as selsstannich kapper, koe hy dus allinnich  mar op snein keatse. En dan woe Robert van Wieren him ekstra sjen litte. As in bal boppe koe, dan gie de bal boppe. As dat eins net koe, dan woe Robert de bal dochs boppe hawwe. Betinkt hjirby dat yn dy tiid it materiaal bepaald net de klasse hie fan no. Op de boppe slaan kosse krêft, dêr wêr’t it hjoeddedei folle mear in kwestje fan technyk is. 

Der wienen genôch betûfte keatsers dy’t Robert warskôgen: “Net te gek jonkje, want do giest stikken”. 

Sy krigen gelyk. Robert wie noch net sa âld doe’t in ‘stikken skouder’  (in bekind fenomeen yn dy jierren) him optimaal keatsen ûnmogelik makke.

Nettsjinsteande dy beheining wist Robert van Wieren him noch behoarlik lang steande te hâlden. Dat hie fan alles te krijen mei syn karakter, syn útstrieling, syn flamboyante ferskining, syn prachtige markante kop, mei moai trimde burd,  syn populêritiet  by it folk en syn eigen resept fan helpmiddeltsjes. Yn de klaaikeamer wie it lytse flakonsje noait fier wei. Yn in rappe beweging naam Robert ynspirearjende slokjes út dy flakon. It ferromme him. It makke him wisser en hy krige der de nedige praatsjes fan. Praatsjes dy’t noait ferfelend waarden. Wêr’t Robert van Wieren op in keatsfjild kaam, dêr soarge hy foar reurring. Hy sei it sels: “Ast it keatsend net winne kinst, dan kinst de tsjinstanner der ek ôfprate”.  En sa waard Robert in fleurich en kleurryk man yn de keatsmienskip.

Wat dy slokjes oanbelanget:  Dêrby hie hy in goeie maat.  Hotze Schuil, de  legendaryske “Lange út Harns”,  die it ek geregeld. En Hotze Schuil en de Van Wierens, dy hienen wat mei elkoar. In bysûndere soarte fan chemy bestie der tusken de Harnser Schuil en de fjouwer Marsumer bruorren Van Wieren.  Yn 1972 sochten Robert van Wieren en Lammert Breuker in tredde maat foar de PC. Fia Jolke Former, in grut fan fan ‘De Lange’, kamen sy  út by Hotze Schuil. Schuil hie al in pear kear ôfskied naam fan it keatsen, mar woe noch wol in kear mei dizze jonges keatse. Ien betingst: Se moasten him al in deihier fergoedzje, want as los arbeider moast Schuil dy dei ynkomsten misse. Folslein logysk fûnen Breuker en Van Wieren en sa kaam Hotze Schuil nochris werom op de keatsfjilden.  It waard in sensaasje. It folk wie optein en folslein op de hân fan de populêre mannen Hotze Schuil, Robert van Wieren en de entûsjaste Lammert Breuker.  It aventoer einige mei in prachtige lytse preemje en it befêstige de bân tusken Hotze Schuil en de Van Wierens.

Dy bân krige noch mear stâl by it ferstjerren fan Hotze Schuil yn 2005. Op in yndrukwekkende byienkomst op it Sjûkelân (wêr oars) waard de kiste fan Schuil droegen troch de fjouwer Van Wieren bruorren mei Piet Jetse Faber en Johannes Brandsma.  Dy seremoanje moast fansels wat oefene wurde. Dus de seis dragers wienen moarns al yn Harns om de spesjale technyk fan it dragen fan- en rinnen mei in kiste ûnder de knibbel te krijen. Dat slagge goed en doe’t  de rippetysje achter de rêch wie stienen de mannen bûten in sigaretsje te smoken. En sy lieten har ûntfalle dat dy kiste dochs wol behoarlik swier wie. Dat waard heard troch in foarby fytsende Harnser. En dy rôp: “Aaah jaa jonge, mar sy hewwe al syn bekers oek in die kist gooit”.  Humor is noait fier fuort as der keatsers yn de buert binne.

Yn 2018 hienen wy Robert van Wieren útnoege yn PC Kafee. Wy soenen wiidweidich stilstean by syn moaie twadde priis fan fyftich jier ferlyn op de PC. It kaam der net fan. Flak foar dy tiid waard Robert van Wieren troffen troch in harsenynfarkt.  En sûnt dy tiid hawwe wy him net mear sjoen yn it iepenbiere libben. Syn sûnens gie de lêste tiid, troch in bykommende slimme sykte,  efterút sa fernamen wy.

En no hat Robert van Wieren syn plak yn it perk en  de opslach definityf oerjaan moatten.

De keatswrâld hat wer in kleurrike soan ferlern.

Geert van Tuinen.

Geert van Tuinen
Door Geert van Tuinen juni 30, 2020 19:35 Bijgewerkt
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel