Pieter Klaas Goodijk 1942-2023
Gerelateerde Artikelen
Abba, Vader, U alleen, U behoort ik toe….dat stie yn de kop fan de advertinsje by it ferstjerren fan Pieter Klaas Goodijk. Der seach ik wol in bytsje frjemd by op…sa koe ik Pieter net. Pieter kaam út Pitersbierrum it selfde doarp wêr’t ik berne bin en gong mei myn broer Sieb nei de ULO yn Frjentsjer. Je kinne sizze Pieter wie my net frjemd. Boppedat wienen wy allebeide gek fan it spultsje en dan praat it faak wat makliker.
Dat de tiid gjin skoft hâldt die mar wer bliken doe’t ik seach hoe lang it alwer lyn wie dat ik by Pieter op besite wie. Yn 2010 hie ik in lang en wiedweidich petear mei Pieter oer alles en noch wat. Pieter wie keatsen en fuotbal. Je kinne it hast net sa gek betinke as Pieter hie wol in sit hân yn wat foar bestjoer dat bining hie mei de sport.
Ik hear him noch sizzen: ‘Jan ik haw gjin frou…ik bin troud mei de sport en dat foldocht noch altyd. Mear as tweintich jier hie hy in sit yn de pleatslike keatsferiening De Twa Doarpen-Dios. Fan 1963 oant 1979 en fan 1994 oant 1998 hie hy in sit de fuotbal klub AVC. Fiif jier lang wie hy lid fan de TC fan it keatsbûn en mear as 35 jier hat hy dwaande west foar de Federaasje Barradiel. Pieter hie feitlik nearne oars tiid foar. Pieter iet keatsen en fuotbal. Dat hy gek wie fan it spultsje hie hy net fan in frjemde want heit Klaas Goodyk wie ek mal fan it keatsen.
Pieter: ‘Wy koenen fietlik ek mar allinne oer it keatsen prate want oars gong it geheid mis. Wy hongen elkoar gau yn ‘ bek as it oer wat oars gong dan it keatsen.’
Pieter hat hiel lang foar kaatsen.nl útslagen fan it keatsen binne helle. Pieter hie in rjocht troch see miening oer alles en noch wat en seker oer it keatsen. Pieter wie ek in man fan net boeche net rjochts of links. Je sels wêze en bliuwe. Ik wist dat it al jierren net goed gong mei Pieter mar dochs komt syn ferstjerren dochs noch ûnferwacht. Pieter berne yn 1942 wurdt woansdei 7 juny yn Pitersbierum te hof brocht.
Beste Jan.
Mijn broer Pieter is begraven in Pietersbierum en niet in Sexbierum,misschien dat dit aangepast kan worden.
Met vriendelijke groet,
Bauke Goodijk.