Kweapraat 4

Jan Braaksma
By Jan Braaksma augustus 2, 2020 22:39

Kweapraat 4

‘Goeie mannen, kinne jimme de fleur der noch wat ynhâlde?

Sake, jonge brek my de bek net iepen. Ik rin no hast fyftich jier mei yn dizze wrâld dy’t keatsen hjit mar sa gek as it no oan ta giet haw ik noch nea meimakke. De grize giet je bytiden oer de grauwe. Ik wurd  der sa njonkenlytsen wyld en foaral gramstoarrich fan. Je krije it skom der fan op ‘e bek. Je soenen hast geweld brûke wolle, as je merke wat der mei it keatsen op dit stuit bart. Fansels, it corona barren hat it keatsen in geweldige klap om de earen jûn mar wat benammen opfalt is it falende belied fan de hoeders fan de Keninklike keatsbûn. It liket mei de wike gekker te wurden. Alle dagen tink ik dat wy as keatsleafhawwers it meast gekke no wol hân hawwe. Mar as ik dan sjoch wat ik dizze wike yn de mailboks krige, dan stiet it ferstân dochs stil. Dan freegje je je ôf:  Hoe lang wurde dizze grapmakkers noch tolerearre of hâlde se de eare oan har sels. Want it rekket sa njonkenlytsen kant noch wâl. (Cartoon: Peter Vassilev).

Ik wol efkes werom gean nei dy bewuste tiisdeitejûn yn Blomketerp. Doe wie der ommers in byienkomst wêryn’t de bond, sis mar Wigle, ferienings it hôf meitsje moast om noch wat fan it ferlerne keatsjier te meitsjen. Wol wat oan de lette kant fansels want yn maart seach in blyn hynder wol dat it mei de sport op ‘e kop ferkeard komme soe en dat it keatsen dêr ek  it nedige fan mei krije soe. Blykber sieten de gerdinen ticht by hja dy’t noch altyd miene der doel oer te hawwen. Want as it keatswetter je hast boppe de holle stiet, dan jouwe jo as organisaasje je direkteur net frij ôf. As Sake Saakstra noch boppe baas west wie, dan hie Marco no fûgeltsjes fange kinnen, mar op fakânsje wie der net by west. Sake Saakstra wie wol in man mei ballen. Kom dêr no ris om! Fakânsje yn de drokste tiid fan it jier en yn de grutste krisis yn it keatsen: Hoe kinne je it betinke. Mar by de hjoeddeiske beliedbepalers kin in soad. Komt ek omdat se der net it measte fan snappe. Ik hear it ús foarman Wigle Sinnema nei ôfrin fan in partij noch sizzen. ‘It moaiste fan it keatsen is as it dien is….! En sa’n man moat no it keatsen oan de gong halde?

No mei Wigle ús graach leauwe litte dat it KNKB-stjoer by him yn goeie hannen is. Ik soe trouwens net graach by him yn de auto stappe. Wigle is it paad kwyt. Wa’t dat net sjocht is ek in blyn hynder. Dan mar roppe dat hy bytiden wat rebels is. Dus dat domme praat dat de ferienings kapot gean soenen oan it widweidige corona protokol moatte wy der dan mar ûnderskowe?

Sjoch, op dy bewuste jûn yn july liet Wigle witte dat de ynstek fan dizze jûn wie om keatsferienings oer te heljen noch in wedstriid foar de haadklassers op priemmen te setten. Der moast keatst wurde no’t  it wer kin en mei. Hy en Jehannes Siegersma wienen de oansprekpunten en it moast al raar gean as dat net klear kaam. Se hienen de stipe fan it buro net nedich. No ik tink dat Peppi en Kokki der mear doel oer hân hienen want as je je ear te lústerjen lizze dan giet de grize je oer de grouwe. Ik krige in mail yn de hannen wêryn’t frege wurdt om tawizing fan in haadklassepartij foar sawol de manlju as de froulju.

Ik haw de mail net ien kear, mar wol meardere kearen foarby gean litten omdat ik net begripe koe dat ien fan de meiwurkers fan de bond dizze ûnsin oan it papier tabetrouwe kin. Sjoch, hja hat it dan wol allegearre op papier set mar de lieding fan de keninklike bond is hjir ferantwurdelik foar en net ien oars. Mar ik tink dat de persoan wol hielendal op eigen man en boet hannelet.  En dat hja dat net iens oan ien fertelt, want sa sit dizze persoan wol yn elkoar. In wittenskipper dy’t it paad yn de gewoane minskewrâld al lang en breed kwyt is en dêrby hannelet as is sy de bond. Efkes in ‘inkijkje’ yn ien fan de mails dy’t fan it bûnsburo ôf fertsjoerd binne oan de PC en keatsferiening  Jan Bogtstra dy’t de fraach dellein hawwe om noch in datum foar in frije formaasjepartij.

“ M.b.t. een ‘gewone’ hoofdklassepartij op 30 september, als ik mijn persoonlijke gevoel daarover mag delen, ik vraag mij sterk af of de heren daar belangstelling voor hebben. Nu heb ik geen enkele heer daar zelf over gesproken, ik zal dan ook niet zeggen of dat wordt toegejuicht of juist niet. Ik zou alleen niet verrast zijn als de animo daarvoor zou tegenvallen, wat heel jammer zou zijn als de keuze op die invulling zou vallen en jullie daar veel inzet voor zouden doen. Mogelijk dat jullie het wel hebben gepeild, dan heb ik natuurlijk helemaal niets gezegd”.

Tsja wat moatte je no mei in persoanlik gefoel fan in bûnsmeiwurkster…. Dy’t  dat gefoel ek noch ris net basearje kin op feiten…. Sa wurde je dus behannele as je mei in  konkrete fraach by de KNKB komme.  En myn fraach is dan: Wêr is Wigle; wêr is Siegersma. Dy moatte soks beprate mei de ferienings en, yn dit gefal, mei de PC. Net in meiwurkster fan it bûnsburo. En as dy sokke dingen maild sûnder oerlis mei de bestjoerders dan moat sy op it matsje komme. Sy hat dat foech net.

Ik en  mei my in kloft leafhawwers, gean oer de nekke gean as je dit lêze.. Wêr is de bond foar? No. Hiel simpel: Sy moatte safolle mooglik wedstriden faslilitearje en dêrby alle war dwaan om ferienings te stypjen.  En net komme mei wat fage ûnderbúkgefoelens.

Gean je hjir al fan oer de reade…Tiisdeitejûn is it al jierren de tiid om te lotsjen. Dat die ik jierren yn de mande mei de Miedema’s  en Tetman van der Meulen. Fan sân oere oan’t en mei healwei njoggen gienen wy dan te set oer de lotterij. No, yn 2020 is alles oars. Gjin Tetman, gjin Miedema’s en net mear sân oere lotsje. Nee, dat is no acht oere en dat wurdt no dien troch ien persoan, nammentlik deselde dame fan de ûnderbúkgefoelens fan it bunsburo! In aksje fan ien frou dus! Doe’t ik tiisdeitejûn by it buro kaam wie de doar ticht. Dan prate wy oer rom kertier foar achten…De lotting is iepenbier.

Dat soe de bond witte moatte. It is in rjocht om by de lotting oanwêzich te wêzen!  Ik lit my ek net fuort stjoere en haw krekt salang belle oan’t der iepen dien waard. Mar de lotting waard dien troch ien persoan. Ik tocht efkes dat wy werom wienen yn de tiid dat de lotting by ien oan de keukenstafel dien waard…Neifraach hat leard dat dit net de ôfspraak is en dat it út ien bepaalde koker komme moat…Dan tink ik: Mar goed dat ik der tiisdei wol by wie want oars wienen de rapen gear west. De lotting fan Bitgum is ien fanút de gedachte fan de ranking. Dat is oars bêst mar it slacht no wer nearne op want der binne gjin acht wedstriden mear te keatsen. Dus fan gelikesens is ek hjir wer gjin sprake. As sporter en as folger spat it kalk je fan de tosken…hoe lang noch!!!!!!!!!!!!!!!!!!!

Sake, oant in oare kear!

Jan Braaksma
By Jan Braaksma augustus 2, 2020 22:39
Write a comment

2 Comments

  1. Pieter Klaas Goodijk augustus 3, 07:29

    Ik ben pas bij de tandarts geweest, was duur genoeg.
    Maar ik kan het verhaal bijna niet geloven.
    Zij zijn toch niet even snel naar America gegaan en Trump om advies te vragen.
    Zou zomaar kunnen, want deze g…. lost het zomaar op.
    Toch blijven wij van het spelletje houden Jan…

    Reply to this comment
  2. kaatser augustus 24, 22:57

    Terwijl gerenommeerde verenigingen door corona plotseling afhaken met organiseren van hoofdklasse partijen, pakken andere verenigingen dit weer op en waarom kunnen die dat dan wel organiseren?

    Reply to this comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Liefhebber

    Liefhebber

    15 partoer, it is net best foar Jacob Klaver. Kost een protte tiid foar de club en dan mar een…

    View Article
  • Sjoerd Hofstee

    Sjoerd Hofstee

    Wat niisskjirrich om te lêzen dat ik in tik mei de mûlpûde hawn ha soe. Jan, do en alle oare…

    View Article
  • Hh

    Hh

    Moai stikje Jan , stiet 1 flaterke yn ûs heit Roel Hoekstra is berne yn 1922 dus wie hy 41…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel