Corona hat lange earm
Related Articles
It is noch mar 23 maart mar ien ding is wis: de haadklasse partij fan keatsferiening Tsjommearum leit der al wer út.
Fan ‘e moarn hie ik de foarsitter Theo Draijer oan de telefoan en hy wie dúdlik: ‘Kin net Jan. De foarútsichten binne sa beheind dat wy moatte spitich genoch foar de twadde kear op ‘e rige de partij werom jaan. Johannes Siegersma hat noch belle om te sjen wat der noch mooglik wie mar doe stie ús beslut al fest. As wy it dwaan moatte sûnder taskôgers dan dogge wy it net.
It is fansels wol ris earder bart dat ús partij net troch gean koe. Earne yn de jierren fan de twadde wrâldoarloch en nochris yn de jierren sechtich en fansels it ôfrûne jier. It spyt ús ferskrikik mar sa lang der safolle foarskriften binnen fan de gemeente Waadhoeke fan dit mei net en dat mei net dan sette wy der in streep troch.
Meist wol witte der is de lêste tiid hiel wat ôfpraat yn myn gesin. Komt ek omdat ik foarsitter bin en myn frou sekretaris. De bern hawwe wol ris sein: hjir wurdt net sân dagen yn de wike oer keatsen praat. Wy hawwe no ôfpraat dat it praten oer it spultsje no beheind bliuwt ta trije dagen!
Sjoch as de partij troch gean soe dan moast der fansels ek noch praat wurde oer it prizejild. Ik wit net hoe’t de bond der yn steat mar gewoan foar de fust wei it selfde dwaan wat wy altyd dienen kin fansels net. De bond hie ús temjitte komme moatten. Der sille se by de ferienings dy’t der straks krekt sa foar stean as ús ek net oan ûntkomme. De sponsors hawwe genoch oan harren sels en it ledetal rint ek werom. Sjoch as it net út de lingte of de breedte kin dan komme je dochs út by de bond. As hja dat no wol of net wolle.
Hoe no fierder?
Ja, dat is in goeie fraach. Hoe no fierder! Wy as bestjoer sette no yn op de partij fan de froulju haadklasse yn septimber 2021. Der sille wy ús foar ynsette mar as der dan noch gjin ferommimg is dan is it ek foar dit jier ‘over en uit’.
Ik bin no twa jier foarsitter: twa jier lang gjin foarjier gearkomste en twa jier gjin haddklasse partij. Wa hie dit no ea betinke kinnen.
Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.
Write a comment