Corona hat lange earm

Jan Braaksma
By Jan Braaksma maart 24, 2021 15:32

Corona hat lange earm

It is noch mar 23 maart mar ien ding is wis: de haadklasse partij fan keatsferiening Tsjommearum leit der al wer út.

Fan ‘e moarn hie ik de foarsitter Theo Draijer oan de telefoan en hy wie dúdlik: ‘Kin net Jan. De foarútsichten binne sa beheind dat wy moatte spitich genoch foar de twadde kear op ‘e rige de partij werom jaan. Johannes Siegersma hat noch belle om te sjen wat der noch mooglik wie mar doe stie ús beslut al fest. As wy it dwaan moatte sûnder taskôgers dan dogge wy it net.

It is fansels wol ris earder bart dat ús partij net troch gean koe. Earne yn de jierren fan de twadde wrâldoarloch en nochris yn de jierren sechtich en fansels it ôfrûne jier. It spyt ús ferskrikik mar sa lang  der safolle foarskriften binnen fan de gemeente Waadhoeke fan dit mei net en dat mei net dan sette wy der in streep troch.

Meist wol witte der is de lêste tiid hiel wat ôfpraat yn myn gesin. Komt ek omdat ik foarsitter bin en myn frou sekretaris. De bern hawwe wol ris sein: hjir wurdt net sân dagen yn de wike oer keatsen praat. Wy hawwe no ôfpraat dat it praten oer it spultsje no beheind bliuwt ta trije dagen!  

Sjoch as de partij troch gean soe dan moast der fansels ek noch praat wurde oer it prizejild. Ik wit net hoe’t de bond der yn steat mar gewoan foar de fust wei it selfde dwaan wat wy altyd dienen kin fansels net. De bond hie ús temjitte komme moatten. Der sille se by de ferienings dy’t der straks krekt sa foar stean as ús ek net oan ûntkomme. De sponsors hawwe genoch oan harren sels en it ledetal rint ek werom. Sjoch as it net út de lingte of de breedte kin dan komme je dochs út by de bond. As hja dat no wol of net wolle.

Hoe no fierder?

Ja, dat is in goeie fraach. Hoe no fierder! Wy as bestjoer sette no yn op de partij fan de froulju haadklasse yn septimber 2021. Der sille wy ús foar ynsette mar as der dan noch gjin ferommimg is dan is it ek foar dit jier ‘over en uit’.

Ik bin no twa jier foarsitter: twa jier lang gjin foarjier gearkomste en twa jier gjin haddklasse partij. Wa hie dit no ea betinke kinnen.   

Jan Braaksma
By Jan Braaksma maart 24, 2021 15:32
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Pieter Klaas Goodijk

    Pieter Klaas Goodijk

    Mijn jongensjaren komen in Memorian Dirk van der Zee weer voorbij. Inderdaad Kees Nanings, de schoonvader van Jan Faber uit…

    View Article
  • Jasper

    Jasper

    Beste Jan! Wat een skande dat de bern de tillegraaf net goed bij halde! Dit kin natuurlijk echt net bij…

    View Article
  • Bestuur LKC Sonnenborgh

    Bestuur LKC Sonnenborgh

    LKC Sonnenborgh heeft vanaf augustus bij de KNKB aangegeven bereid te zijn de dames hoofdklasse Oldehove partij op zaterdag 19…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel