KV Sjirk de wal wint Jong Feinte Partij

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juli 9, 2023 09:01

KV Sjirk de wal wint Jong Feinte Partij

Dronryp 1 mei de keatsers Jorrit Nanninga, Jorn Lars van Beem en Rick Minnesma winne de 18e edysje fan de Jong-Feinte Partij yn Easterein! Dat de waarmte de keatsers yn it liif sit wie dúdlik en seker net frjemd. Dronryp 1 hie foarich jier al in spannende finale keatst mei alles oan ‘e hang. Sy wienen perfoarst út op revanche. Mei dúdlike sifers winne sy op 0-5 2-6. 

Op dizze 18e edysje waard der keatst mei in totale prizepot fan wol €4000,-. Hiel wat om foar te striden, at de ear al net genôch wêze soe. Op de list stiene 24 partoeren fan 23 ferskillende ferienings, in moai gemiddelde fan ús dielname troch de jierren hinne. It wie waarm keatswaar. Boppe de 30 graden soarget foar ekstra maatregelen. Ekstra kateringrondes, tintes foar ekstra skaad, langere pauzes foar de keatsers en wettertappunten foar it fullen fan de wetterfles as gewoan om ûnder te stean om ôf te kuoljen. In dikke pluim wer foar alle karmasters, blokjerinners en oare frijwilligers dy’t hjoed de hiele dei yn it spier wienen. 

Dronryp 1 keatst de earste omloop tsjin Sint Jabik en winne dit mei 0-5 2-6. Yn de twadde omloop treffe se Wommels, mar ek dit eindigt yn 5-0 6-6. Dêrnei wurdt it wat dreger, Boalsert wurdt ferslein mei 4-5 4-6. Menaam is de tsjinstanner yn de heale finale. Sy wienen in stille kracht dizze dei, mar no binne se útkeatst. Op 5-1 6-2 slacht Dronryp 1 in sitbal. De 3e priis is foar Menaam mei de keatsers Youri de Groot, Mark Polstra en Douwe Palsma. 

Dronryp 1 dendert de trein fjirder, it sit der spitigernôch net yn foar Wytmarsum. Op 0-5 2-6 makket Dronryp 1 de partij yn stijl út mei in boppeslach. Mei 4 tsjinearsten wienen se hjoed oppermachtich. Dochs in moaie 2e priis foar Jari Visser, Redmer Zaagemans en Colin Baarda fan Wytmarsum. (Tekst Easterein).

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juli 9, 2023 09:01
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Liefhebber

    Liefhebber

    15 partoer, it is net best foar Jacob Klaver. Kost een protte tiid foar de club en dan mar een…

    View Article
  • Sjoerd Hofstee

    Sjoerd Hofstee

    Wat niisskjirrich om te lêzen dat ik in tik mei de mûlpûde hawn ha soe. Jan, do en alle oare…

    View Article
  • Hh

    Hh

    Moai stikje Jan , stiet 1 flaterke yn ûs heit Roel Hoekstra is berne yn 1922 dus wie hy 41…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel