Kweapraat (2023) 14

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juli 30, 2023 22:12

Kweapraat (2023) 14

De heechsimmer fan it keatsen bringt hielwat drokte yn it hinnenhok. Nei it bekend meitsjen fan it stopjen fan Hans Wassenaar (Renze Hiemstra wie bekend) gong de hiele bakkerij fan it stellen op’e kop. Dat heart no ien kear by it keatsen mar ik haw myn fraachtekens der by. As ik nei de nije partoeren sjoch dan tink ik dat der troch al dy feroaringen der feitlik mar ien partoer better fan wurden is sûnder wat te dwaan. Dat is it partoer fan gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra. Ik sjoch net yn dat de oare partoeren fan al dy wikselingen der no echt better op wurden binne. Tjisse foar Pieter Jan…bliuwt ôfwachtsjen. Pieter Jan en Tjisse komme der sterker út…ja,ja! Moat allegearre noch. Fan heech ta leech fyn ik dat der net ien partoer better fan wurden is. Ik tink dan oan Dylan Drent. Yn syn hert tocht hy fansels dat Marten en Hendrik wol op him wachtsje soenen mar dy kar is mar foar in bytsje keatsers wei lein. Gert-Anne en Daniël dienen dat wol en dat hat him grouwelich útbetelle. Mar Taeke is dan ek in wyte raaf tusken de keatsers. By de nij foarme partoeren kaam ek Sjoerd de Jong foarby. Ik wil en sil it no goed aanpakke liet Sjoerd my yn Arum witte. No wol traine sa’t it heart…sil my benije en dat jildt feitlik foar alle nije partoeren. Eltse feroaring is faak gjin ferbettering en it moat ek noch wat passe. Trije goeie keatsers is noch net in goed partoer. Der binne foarbylden genôch.

Yn Arum makke Taeke Triemstra bekend dat hy noch in jier troch giet…hy hie der lang oer neitinke moatten waard der sein. Dat sil wol mar ik bin bliid dat hy de mof noch net oan de wilgen hinget. Roel Hoekstra wie yn 1963 43 jier….mar dat wie fansels in oare tiid. Op nei de 900 punten grins! 

It partoer fan Youri de Groot-en-dy pleatste harren foar de 170ste PC op de keats-off. Wie dat in ferrassing? Miskien wol mar ek wer net omdat se krekt op é tiid yn ‘e gaten kriegen dat mei Johan Sipma oan de stuit it partoer folle mear oan kreft wûn hat. Johan syn kreft leitt no ien oan de stuit en net yn de krite. Mei Youri yn it efterperk kinne de mannen no better út de fuotten. Better let as net! 

Yn Froubuorren wie freed it slot fan de junioaren kompetysje. Broeder as it slot fan dizze troch de PC stype kompetysje koe hast net. Ik soe my noch wol twa kear betinke om der jild yn te stekken. Wa’t betinkt om sa’n wichtige wedstriid nei de keats-off te plannen hat in ferrekt bytsje ferstân hoe’t je sa’n wedstriid in bytsje promote moatte. Te betinken dat de PC yn it earder stadium al oan jûn hie dat hja net gelokkich wienen mei de plande datum. Mar je witte it sa njonkenlytsen wol…de minsken dy’t it foar it sizzen hawwe by ús keninklik bondsje binne faak ‘horende doof en ziende blind’ oars dogge je soks doch net. It oantal keatsers dat nei Froubourren te set wienen wienen op de fingers fan ien han te tellen. Dan besykje je wat op poaten te setten en wurdt troch de minsken fan de bond nei de bliksum holpen. Moai wurk mannen…kinne je grutsk op wêze! Nee dus! 

Seach fanemiddei ek noch efkes by it frouljus keatsen. Ik tocht it kin noch…oer in pear jier is it ommers foarby. Seis suterige partoerkes stienen op ‘e list. Ja hear: seis stiks! Hoe fier binne wy fallen mei it frouljuskeatsen. Wa sei noch de keatser stiet sintraal…dat moat in dream west hawwe. Want de hampelmannen dy’t de keatskalinder gearstalt hawwe dy stean sintraal…skande dat it safier komme moast!

Oant in oare kear!      

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juli 30, 2023 22:12
Write a comment

1 Comment

  1. Hh augustus 3, 09:11

    Moai stikje Jan , stiet 1 flaterke yn ûs heit Roel Hoekstra is berne yn 1922 dus wie hy 41 jier yn 1963.
    Groetnis Hendrikus Hoekstra Ternaard.

    Hast gelyk!

    Reply to this comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Liefhebber

    Liefhebber

    15 partoer, it is net best foar Jacob Klaver. Kost een protte tiid foar de club en dan mar een…

    View Article
  • Sjoerd Hofstee

    Sjoerd Hofstee

    Wat niisskjirrich om te lêzen dat ik in tik mei de mûlpûde hawn ha soe. Jan, do en alle oare…

    View Article
  • Hh

    Hh

    Moai stikje Jan , stiet 1 flaterke yn ûs heit Roel Hoekstra is berne yn 1922 dus wie hy 41…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel