Kweapraat (2023) 18

Jan Braaksma
By Jan Braaksma september 3, 2023 21:27

Kweapraat (2023) 18

Hoewol it keatsen nei de ein rint bart der noch fan alles yn de hieltyd lytsere wrâld fan it keatsen. Nim no it frouljuskeatsen yn Reduzum yn de haadklasse. It wie de lêste frije formaasje wedstriid fan it seizoen 2023 en dan wurdt sa’n seizoen besluten mei fjouwer haadklasse partoeren op de list. Fjouwer partoer wa’t soks betinkt is yn ’e war of hat in oantal klappen mei de moulpûde han oars kin ik net begrype dat je dit de froulju dy’t in fin mear hawwe as in bears dit oandogge. Yn Weidum drok pronkje mei de oanwêzige 36 froulju en no by de ein wurdt Reduzum opsadele mei fjouwer haadklasse partoeren.

Ik kin my no wol yntinke werom Ilse, Anne en Marrit it foar sjoen hâlde. Dit hat dochs neat mear te krijen mei top keatsen. Feitliks oenen de punten foar dizze wedstriden ek net mear telt wurde moatte want it útgongspunt foar klassemintpunten is ea bepaald op in dielname fan seis partoeren. Derom mocht de partij yn Snits mei dielname fan fiif partoeren net mei telt wurde yn it klassemint alle tiden. Hjir wurdt dúdlik mei twa maten mjitten. Is noch net it lêste wurd oer sprutsen.

By de froulju earste klasse stienen 14 partoeren op de list en gong hast de helte fan de keatssters mei in priis nei hûs feitlik te gek foar wurden. Dat is yn myn eagen ek de ferliezersronde yn it keatsen. Der of is der of! Hâldt op mei dat pamperjen! It kost de keatsferiening allinne mar sinten en hat feitlik gjin inkel doel. Mar goed nei it ôfskie straks fan de grutte tenoaren kin de bond op ‘e begjinne. Dan mar roppe der komt genôch jeugd oan….ja, ja mar dat duorret noch wol even en wol de jeugd sa lang wachtsje tot dat se prizen pakke…want it is mar in lytse laach dy’t prizen wint. 80 prosint is ommers listfulling.

Yn Penjum pakte de formaasje fan Tjisse Steenstra de njoggende hage fan it seizoen. In hiele knappe prestaasje fan dizze trije keatsers. Partoer Van der Bos it hiele seizoen pleage troch lyts ungemak kaam ta fjouwer krânsen en kin yn 2024 wer op herhelling. Dat jildt net foar Hiemstra en Wassenaar dy’t de mof oan de wilgen hingje. Doe’t Van der Bos troch in blessuere net fierder koe tochten in oantal leafhawwers dat Haije Jan Nicolay noch wol efkes ynfalle koe…ja wis de man dy’t al in lytse preemje wûn koe noch wol in kear meidwaan. Dan fal ik stil…it historyks besef is faak nul!

Oant in oare kear.      

 

 

 

Jan Braaksma
By Jan Braaksma september 3, 2023 21:27
Write a comment

1 Comment

  1. Sjoerd Hofstee september 4, 01:13

    Wat niisskjirrich om te lêzen dat ik in tik mei de mûlpûde hawn ha soe.
    Jan, do en alle oare oaren kin fragen stjoere gerust per mail, appke as belje.
    Want ja, dat idee fan 4 partoer komt, folslein bewust, by my wei.

    Reply to this comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Liefhebber

    Liefhebber

    15 partoer, it is net best foar Jacob Klaver. Kost een protte tiid foar de club en dan mar een…

    View Article
  • Sjoerd Hofstee

    Sjoerd Hofstee

    Wat niisskjirrich om te lêzen dat ik in tik mei de mûlpûde hawn ha soe. Jan, do en alle oare…

    View Article
  • Hh

    Hh

    Moai stikje Jan , stiet 1 flaterke yn ûs heit Roel Hoekstra is berne yn 1922 dus wie hy 41…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel