Kweapraat 2025 (10)

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma juli 13, 2025 20:56

Kweapraat 2025 (10)

Sa geandewei it seizoen wurdt dúdlik hoe’t de hazzen troch keatslân huppelje. Dat is moai om te sjen en dan komme je der ek achter dat it keatsen in bulte feroare is en dan giet it foaral om de ferhaldingen yn it fjild. It keatsen is hjoeddedei in ôspegeling fan de tiid. Der binne noch noait sa folle kampen west as no en it spul is bot feroare. Alles is hurder wurden. Der komme je daliks efter as je in pear kear in loopke oer it fjild meitsje. De keatsers hawwe net allinne bytiden bonje op it fjild mar as de partij dien is is it noch net oer. Dat kinne je spitich finne mar sa leit it der op dit stuit foar. Der is pest gedach wurdt der sien…nei wie ta tink ik dan. De finger der efter lizze falt net altyd ta…mar ik soe my der net oer ferbase. Der binne no folle mear kampen as eartiids en dat docht it keatsen gjin goed. Komt ek noch by dat de leafhawwer min oer in krityske halding kin fan hja dy’t wat oars tsjin it spultsje oansjoche. Alles moat moai fun wurde. No, der stean ik wat oars yn.

Dat wie eartiids sa mar no is it folle slimmer. As je no sjogge dat der yn in goed moanne al wer in reade kaart lutsen wurdt dan skrik ik der net mear fan. De keatser lit him net mear piepelje en soe hiel graach wolle dat it spul troch hja dy’t der tinke doel oer te hawween better folgje wurdt. De hjoeddeiske skiedsrjochters hawwe bytiden grutte muoite om it spul goed te folgjen. Te faak sitte se der njonken en dat jout argewaasje yn it fjild. Ik fyn persoanlik dat it noch wol wat meifalt mei de opmerkingens fan de keatsers mar ik fyn wol dat de mannen rjocht hawwe dat it spul goed folgje wurdt troch harren dy’t der troch de bond foar oansteld binne. Goeie skiedsrjochters dus dy’t der doel oer hawwe en besykje it spul goed te folgjen en der begrip foar hawwe as in keatser efkes lûd jout as der yn syn eagen in ferkearde beslissing nommen wurdt. It giet faak mar om ien slach en dat wolle je as sporter wol dat beslissing earlik nommen is en dat skiedsrjochter it by it goeie ein hat. Hjoed yn Boalsert gong it wer mis en wer wie Henk van der Zee de skiedsrjochter.

Dat kin tafal wêze mar it jout wol wat oan. Yn Sint Jabik gong Pieter van der Schoot op de bon en yn Boalsert wie no Patrick Scheepstra oan bar. Sjoch beide mannen hawwe it hert op ‘e tonge. Persoanlik fyn ik dat moai. It binne gjin ‘meelopers’en stean foardat se sizze. Patrick neamde Van der Zee in mafklapper. Hoe betinke je it mar hy moast nei dizze útspraak wol fan it fjild. Sjoch, Patrick syn partoer waard yn syn eagen foar de twadde kear naaid. Sjoch, dan hawwe je oan Patrich de ferkearde. Komt noch by dat de hjoeddeiske skiedsrjochters wolris wat aktiever wêze koenen. De keatssport hat ferlet fan de Hendrik Sweeringen….mei Hendrik barde der genoch op de fjilden mar Hendrik syn wurd telde. Hy seach fansels lang net alles mar hy spruts de taal fan de keatser. De mannen fan hjoeddedei binne wat mear skoalmasters. Dat koe eartiids wol…mar no net mear. Joop Dijkstra begjint pas mar je kinne sjen dat hy syn stjonkende best docht om alles in bytsje te sjen. Dat die ek Hendrik Tolsma mar dy is it bosk yn stjoerd troch de bond net in konflikt mei syn frou Afke Hijlkema dy’t jierren foar de bond wurke hat. Der is mear bart dan in lyts skeel maar it keatsen is in kundich skiedsrjochter earmer. Tolsma wol der neat oer sizze mar it is dea sonde.

Kom noch efkes werom op de junioaren kompetysje fan 2025. Yn Holwert stiernen 12 man en 13 froulju op de list. Dan keatse je dochs net mear. Dit is gek oanstekken rjochting feriening.

Mar der is folle mear. Ik wie wer by it lotsjen en dan hawwe se it oer de herkansing by it keatsen. Herkansing…ja dan prate wy oer de judosport en it baan fytsen. Ferliezerronde kin noch mar gjin herkansing. Gau mei ophâlde.!

Oant in oare kear!

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma juli 13, 2025 20:56
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel