Kweapraat 2025 (10)
Gerelateerde Artikelen
No dat wie hjoed yn Harns bingo foar de formaasje fan Menno van Zwieten. Mei in blessearde opslager Van Zwieten waard simpel de hage ophelle. By de tsjinstânner falt de iene nei de oare fuort troch pijntje sus of pijntje so. It liket wol op fuotbal wêr’t de iene nei de oare bytiden omfalt. Mar goed de PC is noch fier en it kin noch altyd by eltsenien goed komme.
KV Eendracht stiet wer op’e kaart. Dizze 125-jierige keatsferiening driege om te fallen mar safier is it net kommen. De redding moast fan fier komme mar der is no wer ljocht oan de hoarizon. Ald-top keatser Johan Okkinga is de nije foarsitter fan Eendracht mei de stipe fan Arie den Breejen hikke en tein yn de havenstêd. It moat fier wei komme want Okkinga seach dat de Ouwe Seunen net mei gongen binne mei de nije tiid en dan moatte je in hiele bulte saken oanpakke. Mar it komt goed der bin ik wis fan.
Woensdeitemoarn bin ik efkes by it lotsjen west. Der wie nochal wat om te dwaan. No’t der wer frij lotte wurdt kin it lot mei en tsjin sitte. As it keatse wol dan sit it lot faaks wol mei en as dat net it gefal is dan sit faaks ek alles mar dan ek alles tsjin. It partoer fan Gert-Anne van der Bos wit der oer mei te praten. Faaks de better fan de twa mar faak op de beslissende mominten belies jaan moatte en dan docht blyken dat it lot net altyd harren kant keas. Dan gean je twifeljen en dan komt der alles nei foaren. Wurdt der wol earlik lotte der op it bûnsburo…it bliuwt fansels minskewurk. Dus ik tocht ik moat mar werris op besite by de jonges en famkes fan it bondsburo. Yn it foar wie ik de direkteur Dirk Jan van der Woud al efkes op ‘e lije side west om efkes te freegjen hoe’t is tsjintwurdich giet mei it lotsjen. Ik haw dat sels jierren dien mei Tetman van der Meulen dus ik wit hoe’t de hazzen yn keatslân rinne. Op nei it bûnsburo. Efkes nei njoggen oere gong it los. Willem Miedema nimt it foartouw en Jan fan Weidum skriuwt de lottings op. Dat die hy ek al doe’t ik yn de mande die mei Tetman. Ik stoppe doe’t Tetman nei de útgong gong mar Jan is sitten bleun. Mar hawar om 9.10 gong it spektakel dan los. Net mear mei de lotsjes fan eartiids. Dy binne nei jierren brûkt te wêzen rjochting keatsmuseum gongen. Der waard no lotte mei nagel nije lotsjes. Myn oandacht gong út nei it lotsjen fan de manlju en froulju haadklasse en net sa’t op ‘e list stiet fan leeftijdscategorie senioaren. Wa’t dat no wer betocht hat libbet yn in oare tiid of is net ûnder dy befaamde stien wei west. Gau oanpasse jonges en famkes fan de KNKB. Wêr’t om keatst wurdt stiet ek faak ferkeard op de list. KV Eendracht hie it oer: totaal aantal prijzen 3. Dat is fout. Der moat stean om hokker prizen it giet…
Mar goed is sit der by en it partoer fan Gert-Anne van der Bos krijt daliks it numer tsien. Dat wie foar de earste kear dat hja yn it lêste blokje sieten. Tafal of net…mar miskien kinne eagen dwingend wêze. Doe noch de froulju haadklasse. No dat gong moai. Earst kaam Louise Krol op it papier, doe Sjanet Wijnia en doe kaam Manon Scheepstra noch út de hege hoed. Bliid dat soks noch kin. Dat is it moaie fan it lot. Ik bin der sels wol ris by west dat der lotte waard en dat twa letter hiele oare partoeren op de list stienen. Wat de lottingsploech dan fergetten wie dat ik ek by itt lotsjen west wie dat ik ek alles optekene hie. Dat joech spektakel mar wol fan de ferkearde oarder. Lot is lot en dat moat moai sa bliuwe. Wit dat de lotting iepenbier is en meitsje der gebrûk fan….want de minske is swak…mar dat wisten wy al hiel lang.
Seach fanemiddei efkes op de wedstriden fan kommende wike. Yn it Fean wurdt freed de Masters ferkeatst. Altyd hast frije formaasje mar no hawwe hja dy’t miene it witte te kinnen de Pompeblêdden opsadelle mei in trochinoarlotterspartij op de freedteneimiddei. No, ik kin jimme wol sizze it rint stoarm mei de opjeftes foar dizze partij. Nee, dus! Miskien giet it hielendal net troch. Want it bestjoer fan de Pompeblêdden is net gek fansels. By seis partoer wurdt der net keatst en gelyk hawwe se. Dat is gek oanstekken en dat wol keatsend Fryslân net mear. Keatsferienging yn Paesens en Moarre-Ljussens krije it swit wer op ‘e kop as je oan harren wedstriden werom tinke. It hie sa moai wêze kinnen mar dy omkoalen op it bûnsburo wolle de trochinoarlotterspartijen mei alle geweld der mar ynhâlde hoewol se witte dat eltsenien dy partijen leaver kwyt as ryk binne. Se hawwe net troch dat de ferienings der skeit siik fan wurde. Ophâlde mei sokke partijen. Gewoan frije formaasje. Dat wol de keatser en de leafhawwer….en de keatser stiet dochs sintraal …of wie dat el wer in kreet dy’t neare opslaat.
Oant in oare kear!
Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie