Kweapraat (2026) 18
Gerelateerde Artikelen
Yn dizze kweapraat kom ik efkes werom op de keatserij yn Bitgum. De Van Aisma dagen binne in begrip yn de keatswrâld en dat al mear as hûndert jier. De snein is ien fan de fjouwer klassiekers fan it keatsbûn mei de PC, De Rengers en de Aldehou partij. Je soenen sizze der falt noch wol wat oer te skriuwen. Mar de de grutste krante fan Fryslân docht der net mear oan mei. Ik siet ôfrûne snein njonken Bouke Poelsma dy’t foar Ljouwerter yn it spier wie en hy liet my witte dat hy gjin wurd skriuwe mocht oer it ferrin fan de Van Aismadagen. Oer de sneons partijen wurdt al jierren net mear skreun dat is net nij. De minsken dy’t it witte kinne hienen him fertelt dat hy allinne mar skriuwe mocht oer de stellerij yn keatslân dat al sa âld is salang it keatsen bestiet.
Dus dat is ek gjin wrâld nijs. Mar blykber tinkt ek de LC dat de âlderein sneon en snein efter harren kompjuter sitte om it keatsnijs digitaal te folgjen. No moai net! Myn generaasje wol noch graach witte hoe’t de wedstriid ferrûn is en der is de krante no krekt foar nedich. Mar de bobo’s sis mar de wiisnoasen by de krante witte it fansels wer better. Ik fyn it skande!
Ja, ja de stellerij. Dat heard no ien kear by it keatsen. De leafhawwer wit net oars. De iene is der wol betufter yn as de oare mar dat is mei alles sa. Sjoch, it is hiel simpel. As in keatser of keatsster him of har ferbetterje kin dat sil hy of sy dat net nei litte. Fansels komt de ien der better út as de oar. It is naaie of genaaid worden en dat bart al mear as hûnderd jier. Ien fan de slachtoffers is Marten Bergsma fan Minnertsgea. Marten hie steld foar 2027 mei Hessel Postma. In geweldige foarynse mei syn linker han. In twadde Sake Porte en dy binne der net safolle. Marten tocht: ik haw wer in moai partoer foqar 2027…mar hja doe kaam Menno mei de meidieling…ik stopje mei keatsen. No dan leit alles wer iepen. Ofspraken jilde dan net mear. Dat is ek keatsen.
In bûtensteander mei der fan alles fan fine mar sa giet it al mear as hûndert jier. Rick Minnesma wie de boadskipper fan Tjisse en kaam by Hessel út. Hessel hoechde net lang nei te tinken en sei ja doe’t hy de kâns kriege om foarynse te wurden by Steenstra en Minnesma. Dat foel rauw op it dak fan Bergsma en hy fielde him naait. Hat hy gelyk oan. Mar hja nei de winst op de PC fan 2025 nam dyselfde Bergsma samar ôfskie fan Pieter-Jan Leijenaar. Dan ferjit ik noch dat Van Zwieten Gabe-Jan van Popta dien jaan moast om plak te meitsjen foar Rick Minnesma. Sa giet dat no ien kear. Boppedat hawwe Steenstra en Minnesma de tsjinstanner ek in klap ta brocht troch Postma by Bergsma en Kootstra wei te heljen.
Hotze Schuil sei altyd: Je mutte kaatse mei it perk wêr’t je it measte last fan heve. Sa is it en net oars. Mar yn Huzum die bliken dat Marten der noch tige mei sit. Hy wie der mei de holle bepaald net by en seach it wetter barnen. It keatsen like ek nearne nei. Spitich foar him mar ek foar ynfaller Martijn Olijnsma en maat Erwin Zijlstra. Mei sa’n ynstelling kinne je better thús bliuwe.
Ja, foel der dan neat te laitsjen yn Huzum. Fansels wol. Ik siet lâns de kant wêr’t de froulju foar best opsloegen en seach dat it Frouljus-PC winnende partoer mar mei syn twaën keatsten. Jennie Terpstra harren tredde maat wie der net. Foar de froulju blykber gjin probleem want se hienen Noa Elzinga yn it foar al frege as hja nei de earste omloop mei harren fierder keatse woe. No dat wie samar klear. Mar ja…dan moatte je de earste omloop fansels wol winne oars hat sok praat gjin sin. No, dat wie in kâlde dûs foar Annet en Gerde want hja kriegen in geweldich pak foar de keatsbroek yn de earste omloop. Ik koe der wol om laitsje. Boontje komt om zijn loontje!
Oant in oare kear!








Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie