Kweapraat 2024 (7).
Gerelateerde Artikelen
Noch trije nachten sliepe en dan is it wer sa fier. De 171ste PC stiet dan wer foar de doar. Wat it waar oanbelanget kin it net mis gean soenen je sizze mar dan hâldt it ek wol op. Fansels it partoer fan Menno van Zwieten is swier favoryt mar dat binne der wol mear west yn de lange skiednis fan de PC. As elk partoer winnen moaten hie wa’t favoryt wie op dizze dei dan hie de list mei winners der gâns oars út sjoen.
Yn Arum wie de finale in moai ein fan in moaie dei seker wat it waar oanbelanget. Foar moai keatsen moast it folk wachtsje oant de finale. Doe gong it noch earne om want de oare partijen oant de finale ta hienen in bytsje wêr’t je as leafhawwer waarm fan wurde koenen. Mar dat is it hiele seizoen al sa. It partoer fan Menno van Zwieten rint der út wat foaral in fertsjinste is fan Tjisse Steenstra. As it knypt nimt hy syn partoer op sleeptou en dat giet him oant no ta aardich of. As it op de PC ek slagget is in oar ferhaal. De PC hat syn eigen wetten.
Moai wie te sjen dat de grutte tenoaren Gert-Anne van der Bos en Taeke Triemstra der wer in bulte aardichheid oan krije. Snein stienen de mannen dan eins wer ris yn de finale. Dat hie folle earder moatten mar altyd wie der wol wat. It begun fansels mei de blesseure fan Gert-Anne. Dat wie in lêstich ferhaal en kostte de Mantgumer in lytse 40 trainingen. Dy trainingen is altyd de basis west foar in goed seizoen en no moast Wynkreft Tolve belies jaan. Dat hat sear dien en docht noch sear. Komt by dat dritte im bunde Erwin Zijlstra it dit jier net echt hat. Erwin kin genoch docht ek wol syn stjonkende best mar de lêste meter, de echte wil om te winnen mis ik. It strielte te min út. Dat hat net allinne te meitsjen mei it liif mar ik tink noch folle mear mei alles wat him yn it bakje ôfspilet. Yn myn eagen soe en moat Erwin it motorblok fan de Oranje Brigade wêze mar alles liket him by de hannen of te brekken. Snein yn Arum wie Erwin ek wer de ferliezer hoe ferfelend dat ek foar him is mar de wierheid hat in skel lûd. As it net rint dan komme de twivels as je it no wol of net witte wolle. Der komt praat oer hoe no fierder. Moatte de beide tenoaren om sjen nei in oare maat of hawwe je noch it gefoel dat it goed komt.
As je ris in pear rûntsjes oer it fjild dangelje dan hearre je fansels in hiele boel. Dan is it de keunst om alles efkes tsjin it ljocht te hâlden. Ik haw der wol in idee oer… de mannen wolle der ek wol efkes oer prate mar yn lytse romte. Dat snap ik folkomen want it giet wol earne oer en is wichtich foar 2025. De fraach is dan: wa past it beste by ús. As keatser mar ek as minske. Hoe faak is dat yn it ferline by in soad partoeren net mis gongen. Je hoege net fan elkoar te hâlden mar je moatte wol wat fan elkoar hawwe kinne. Ik dan oan Jehannes Westra en Johan van Seijst om mar in pear te neamen. It wienen beide etterbakken yn it fjild mar der bûten hiele grutte tenoaren. Boppedat it paste. Ik wit wol de tiden binne feroare mar eltse keatser wol noch altyd graach winne. Boppedat foarmaasje komme en gean. Mar ik wol en sil de mannen nea foar de fuotten rinne mar tusken no en Bitgum giet sil de boel seker wol oer de kop. Der halde keatsers op en der binne mar in bytsje partoeren dy’t yn de stoarm oerrein bliuwe as je it no wol of net folle winne. Lit dat dúdlik wêze. Eltse feroaring hoecht gjin ferbettering te wêzen mar bytiden moat der wat barre om it skip net strande te litten. Krekt as yn de leafde der binne altyd ferliezers en winners mar dat is it libben..falle en wer opstean.
Ja, dan kom ik noch efkes werom op de Keats-off. Ik fyn it trije kear niks en soe graach sjen dat it 16de partoer yn de ranking ek it partoer is wat meidocht oan de PC. Hâldt op mei dy flauwekul. Ik moat der neat fan hawwe en as je soks dochs oarganisearje swoargje der dan foar de lieding fan sa’n jûn der ek ta docht. No wie Sipke Hiemstra fan Easterein optrommele en echt net om Sipke mar dat soe de bond dochs net mear wolle moatte. Sipke syn tiid sit der op. It is klear. As hy dat sels net yn’e gaten hat dan moat de bond him in triuwke jaan. Sipke kin it net mear berinne en is lang net skerp mear. Hellet saken út wêr’t ik as keatser gek fan wurde soe. Sjoch, it partoer fan Jehannes van der Veen keatste fansels as in krante mar Sipke hie der gjin muoite mei om partoer Jorrit Nanninga by situaasjes ek noch in handsje te helpen. Dat kin en mei net. Sjoch, de bond hat ea de leaftiid fan 55 jier ynfiert. Dat hat de bond net samar dien. Nei 55 wie it dien foar de skeidsen mar dat wie yn de tiid dat it noch optilde fan skeidsen. As je no nei de blaue boekjes sjogge dan tilde it op fan de skeidsen. No, anno 2024 binne der noch in handsjefol dy’t noch beskikber binne en dan hâlde je noch je hert fest wa’t bytiden de lieding hat. Want it hâldt net oer….sjoch Arum. De tiden fan Tamme van der Berg, Appie Knol en Rienk de Groot komme noait mar dan ek noait wer.
Oant in oare kear!
Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie