Willem Tuinman 1966-2021

Jan Braaksma
By Jan Braaksma november 30, 2021 11:22

Willem Tuinman 1966-2021

6illem Tuinman, hikke en tein op De Ryp, is net mear. Yn de nacht fan 29 op 30 novimber moast hy op 55-jierige leeftiid al belies jaan. Willem wie net allinne de keatsheit fan Sipke Jan en Bouke Jan, mar koe sels ek wol in baltsje slaan.

Willem lit him yn 1980 al sjen mei it winnen fan de bond foar skoaljonges. Mei S. Alberda en Tom Ringia wint hy de priis. It sil it begjin wêze fan in moaie keatskarrière by de jeugd. Sa wint hy yn 1983 de Freule mei Gosse Smid en Tom Ringia. Dêr bliuwt it net by, want op de Jong Nederlân kin it net op. Sawol yn 1985 as yn 1986 is de hage foar him. Coos Veltman en Anne van der Wal binne dan syn maten. Yn 1987 is der noch in lytse preemje foar deselde mannen.

Yn de earste klasse, no de haadklasse,  is Willem twa jier aktyf. Sawol yn 1986 as yn 1987 falt hy yn de prizen. Op 15 juny 1986 wint hy yn Sint Jabik de priis mei Peter Rinia en Piet Jetse Faber. Op de PC fan dat jier is der in lytse preemje mei Goos Nijman en Jehannes Andela.  Yn 1987 falt yn Kimswert it doek as it giet om it útkommen op it heechste nivo foar Willem. Mei in preemje nimt hy oan de side fan Lambert Postma en Gerrit Boomstra ôfskie fan it earste klas keatsen.

Willem wie in man mei in útsprutsen miening! Sa en net oars!  Oan syn libben is te betiid in ein kaam.

Jan Braaksma
By Jan Braaksma november 30, 2021 11:22
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Liefhebber

    Liefhebber

    15 partoer, it is net best foar Jacob Klaver. Kost een protte tiid foar de club en dan mar een…

    View Article
  • Sjoerd Hofstee

    Sjoerd Hofstee

    Wat niisskjirrich om te lêzen dat ik in tik mei de mûlpûde hawn ha soe. Jan, do en alle oare…

    View Article
  • Hh

    Hh

    Moai stikje Jan , stiet 1 flaterke yn ûs heit Roel Hoekstra is berne yn 1922 dus wie hy 41…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel