Verbaast U niet verwondert U slechts
Related Articles
It is al wer in skofke lyn dat ik de pinne foar it lêst oppakt haw. Troch myn sûnens wie it der net mear fan kommen. Yn sa’n tiid kom je der efter dat keatsen mar in lytse bysaak is yn jo deistich bestean. Wol in leuke, mar seker net de wichtigste. No’t de enerzjy der wer is, haw ik ek wer de nocht en wille efkes werom- en foarút te sjen. Want ien ding is wis! Sels no, yn it winterskoft, falle de leafhawwers wer fan de iene ferbazing yn de oare.
Yn novimber 2023 wie der ynienen it berjocht dat ús aller Marco Hoekstra (en myn grutte freon) de kuierlatten naam hie. Nei seis jier oanwêzigens, want mear wie it net, luts hy de doar efter him ticht. De fraach is dan: Sille wy ús fûgeltsjeman misse! Ik tink it net. De man wie op in plak delsetten dat him net paste. Feitlik hie hy neat mei it keatsen. Hy naam, en dat waard ek noch tastien, fakânsje yn de heechsimmer fan it keatsen en liet de boel de boel. As je der wat fan seinen dan krigen je de wyn fan foarren. Dat joech dochs gjin pas om dêr krityk op te hawwen. Om mar te swijen fan dy krapoan fiif ton dy’t ús freon yn dy seis jier de bond lichter makke hat. It mei wat kostje waard der dan sein. Mar foar wat? Fansels, Marco wie handich mei it meitsjen fan rapporten, en koe dat aardich op gearkomsten nei foarren bringe. Mar fierder…hy liet de boel graach de boel.
“Na mij de zondvloed”, soe ús mem wol sein hawwe. Mar litte wy earlik wêze…It lei ek hielendal net yn it plan om Marco Hoekstra direkteur fan de keatsbond te meitsjen seis jier tebek. Dirk Jan van der Woud wie ommers de beëage direkteur. Dat wie hy oant jûns 9 oere, mar doe waard de stekker der troch de doetiidse foarman fan de bond útlutsen. It wie ien tsjin twa stimmen. It hat freon Van der Woud jierrenlang stutsen dat de bond doe net foar him keas mar foar in folsleine bûtensteander. No witte wy hoe’t it ôfrûn is. De goeie man hie neat mei it keatsen en boppedat waard hy stipe troch de foarman fan de bond dy’t feitlik ék neat mei it keatsen hie. Ja, de tredde helte wie wichtich. Ik hear it him noch sizzen: It wichtigste fan it keatsen is as it ôfrûn is. Brek my de bek net iepen. Mar ja, nei de perioade fan Sipke Saakstra waard it gau goed fûn.
No is Dirk Jan van der Woud de fiifde yn’e rige fan direkteuren fan de keatsbond. Hy moat no wier meitsje wat hy yn lytse en gruttere kring hiel faak roppen hat. Dat hy it better kin. Hy hat as foardiel dat hy wit hoe’t it net moat, mar dat wol net sizze dat hy it keatsen wer “smoel’ jaan kin. Want dat is maklikker sein as dien. De keatsbond is in oaljetanker, wêr’t hast gjin beweging yn te krijen is. En as der dan beweging komt, dan beweegt it geregeld de ferkearde kant út. Ik neam dan mar efkes alle drokte dy’t der makke is om it keatsen “sexy” te meitsjen. It moast en it soe oars. Jan Bles waard fan stal helle en grutte nammen moasten it keatsen mear as in kontsje jaan.
De wedstriden moasten koarter. It duorre fiersten te lang. Dus gjin acht punten mear foar in earst mar seis. Dat soe it keatsen in set de goeie kant op jaan. Wolno, koartsein wie it nei ien junioarewedstriid yn Makkum al beslikke. As ik de lûden leauwe mei, dan hawwe in oantal grutte nammen út de kommisjes de kuierlatten al wer naam. En ek Jan Bles is al ferustreard ôfheakke. Ferbjustere troch in keatsbûn dy’t mar net slachfeardich wurde woe yn syn tempo. Ien fan de punten wie dus dat de keatspartijen fiersten te lang duorren. Mar dat koe faak maklik oplost wurde troch de tiden tusken de partijen te beheinen en de ellenlange pauzes folle koarter te meitsjen. Mar ja, sokke ideeën moatte fansels by it gesach weikomme en seker net fan de wurkflier. Want dat past in keninklike bond net. Mar goed, hjir kin dus ek wer in streek troch. Fansels: Dirk Jan krijt fan my it foardiel fan de twivel. As keatser hat hy alles út syn karjêre helle. Hy hie gif. Koe geweldich stelle en boppedat wie it in rotsak yn it fjild. No mar sjen hoe’t dat him fertaald no’t de sneltrein in boemel wurden is. Hoe’t hy om gean sil mei de ‘stroperich funksjonearjen fan in loch orgaan as de KNKB. Keatse koe hy wol. Bestjoere en lieding jaan yn sa’n organisaasje is in oar fak.
Ein desimber waard Taeke Triemstra yn it keatsmuseum yn it sintsje set troch de minsken fan it keatsmuseum. vHy krige syn eigen fitrine in it museaum. Dat is moai! Ik krige de foto’s fan Henk Bootsma ûnder eagen en doe foel my op dat der gjin ien fan de bond oanwêzich wie. Dat fyn ik beskamsum. Dat net ien fan it HB de muoite nommen hat om der by oanwêzich te wêzen. Of wienen de bûnsbestjoerders net útnoege? Dat soe dan ek nearne nei lykje. Sjoch, Taeke Triemstra is de ambassadeur en it boechbyld fan it Fryske keatsen. Dêr heart by sa’n gelegenheid in sterke belangstelling by fan bestjoerders dy’t oer dat keatsen gean. En dus hienen sy der by wêze moatten yn it keatsmuseum.
Oant in oare kear!
Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.
Write a comment