Taeke Triemstra is de nije lieder yn it ivich punteklassemint.

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juli 23, 2023 19:31

Taeke Triemstra is de nije lieder yn it ivich punteklassemint.

In fenomeen lit in ikoan en in legende efter him.

It siet der it hiele seizoen al oan te kommen, en snein wie it rekke. Troch de preemje fan Taeke Triemstra op de Rengersdei yn Ljouwert kaam syn puntetotaal op 886. En dêrmei is hy no de nûmer ien yn it ivich punteklassemint.  Op 18 juny fan dit jier passearre hy  yn eigen wenplak St. Jabik al de Harnser leginde Hotze Schuil.  No moat ek  keatsikoan Piet Jetze Faber in stapke tebek dwaan.

Taeke Triemstra is in keatsfenomeen. De nûmer ien fan alle tiden.

Piet Jetze Faber naam op sneon 8 septimber  1990, om presys trije minuten oer fjouweren, de lieding yn it punteklassemint oer fan  de Harnser keatskening Hotze Schuil. “De Lange” hie de nûmer ien posysje op 19 augustus 1962 oernaam fan in oare topper, Taede Zijlstra.  Yn dit rychje yllústere nammen stiet no op it heechste plak  de namme fan Taeke Triemstra.

Al rap dúdlik: Taeke wie in talint.

Al yn de jeugd wie it dúdlik dat Taeke Triemstra oer bysûndere keatskwaliteiten beskikte. Hy hie de goeie genen mei krigen fan syn heit Reinder dy’t ek jierren op it heechste nivo keatst hat.  De kwaliteiten fan Taeke wurden ek troch it grutte publyk sjoen doe’t hy yn 1999 as grutte útblinker foar St. Jabik de Freule Partij wist te winnen.  Doe seinen de kenners it al: “Dy jonge komt der wol”.

Snelle trochbraak yn  de haadklasse.

Binnen it jier stie Taeke al yn it ‘grutte spul’.  Op woansdei 2 augustus 2000 keatste hy al syn earste PC. Mei René Janse en Henk Vlietstra pakte hy dy dei  mei in tredde priis syn earste punt op de haadklasse. It soe it begjin wêze fan in lange keatskarjêre, mei prachtige súksessen.

Yn septimber fan dat jier stie hy foar it earst mei de krâns om de nekke foar de bestjoerstinte. Yn Snits wie hy mei Johan Okkinga en Sake Porte dy dei de bêste. Triemstra  foel doe yn foar Auke van der Graaf. Dy hie spul krigen mei syn maten Okkinga en Porte en dy setten de Berltsumer achterynse oan de kant en namen de gok om de hiel jonge Triemstra as achterynse te freegjen.

Dat pakte dus goed út en it jier derop stie Taeke Triemstra op ‘e nij  achter de topper Sake Porte yn it perk op de PC.  It waard in twadde priis diskear. Pieter van Tuinen, André Kuipers en Chris Wassenaar wienen justjes sterker, al  hienen Taeke en syn maten seker kâns op mear.  Ien ding wie helder: De namme fan Taeke as útsûnderlik talint wie yn hiel koarte tiid ek op it heechste nivo festige.

De earste krâns en keningskip  op de PC.

De earste krâns op de PC kaam yn 2006 om de skouders fan Taeke.  Mei Johan van der Meulen en Kor Zittema fleagen se dy dei troch de list. Taeke waard kroand ta kening; in eare dy’t  hy dêrnei net wer krije soe.   Wol folgen der noch fiif oerwinnings en de nedige twadde en tredde prizen op de belangrike klassiker.  Safolle,  dat Taeke yn it PC klassemint fan alle tiden no op it twadde plak stiet, mei 35 punten. Twa punten minder as Hotze Schuil. Dat klassemint kin Taeke dus ek noch pakke. Fan de 22 PC’s  dyt Taeke keatst hat foel  hy mar leafst  19 kear yn de prizen.  In ûnwierskynlik heech gemiddelde.

De winst op klassikers.

Taeke hat op de bekinde klassikers behoarlik skoard. De Freule Parti is al neamd. De Bûnspartij wûn hy twa kear: yn 2008 en 2012. Foar St. Jabik, it plak dat hy altyd trouw bleaun is.

De PC waard oan’t no ta 6 kear wûn; de van Aisma Partij yn Bitgum stiet fiif kear op de namme fan Taeke. Op de Aldehou (gjin frije formaasje!) wie hy mar leafst 7 kear de bêste. It iennige smetsje is it net winnen fan de Jong Nederland Partij. De klassemintslieder hat dêrom net it klaverke fjouwer achter syn namme stean.

De punten wurde binnen helle.

Nei syn earste punt op de PC fan  2000, kamen de punten yn rap tempo achter Taeke syn namme te stean.  Op 19 july 2004 helle hy de hûnder puntegrins yn Makkum. Hy komt dan op it 215e plak yn it klassemint.

Binnen trije jier wurde der wer hûndert punten pakt . Op 5 maaie 2007 yn Jorwert komt hy op 202 punten. Yn it klassemint makket hy in sprong nei it 134e plak.

23 augustus  2009 is de datum dat Taeke de trije hûndert puntegrins passearret. Mei  301 punten giet hy âld PC winner PieterTienstra  foarby en klimt hy nei it 79e plak yn it klassemint.

Op 16 juny  2013 kin der wer efkes in memorabel momint fierd wurde, as Taeke de grins fan 500 punten hellet. Hy komt dêrmei foarby oan de grutte keatskening fan eartiids, Frans Helfrich. De top fan it klassemint komt yn sicht. We fine Taeke dan werom op it 21e plak.  Yn de jierren 2006, 2011, 2015, 2016 en 2018, wint Taeke het it jierklassemint.

18 juny 2023 wurdt ek in moaie dei  foar Taeke.  Mei de preemje yn syn eigen doarp St. Jabik pakt hy it twadde plak yn it klassemint en ferdiuwt  hy de leginde Hotze Schuil nei it tredde plak. Klassemintslieder Piet Jetze Faber stiet dan noch 9 punten foar op Taeke. Dy punten wit hy te pakken yn …..en dêrmei hat it keatsen sûnt 33 jier wer in nije klassemintslieder.

Trouwe maten; grutte súksessen.

Yn de 23 jier dat Taeke aktyf west hat op de haadklasse hat hy  yn ferskate formaasjes keatst. Mar as je sa goed binne as Taeke, dan kinne je de maten fansels útsykje. Johan van der Meulen wie sa’n maat. Mar ek Tjisse Steenstra, Kor Zittema en Jochum Bouma. Mannen wêr’t in fracht prizen mei wûn waard.   Op  snein 27 juny  2010, kamen Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra (ûndertusken foarynse) en Daniël Iseger yn it no sa bekinde oranje shirt foar it earst  it fjild op yn Berltsum. Om út te groeien ta de meast súksesfolle formaasje ea, mei mar leafst 64 oerwinnings.

Taeke keatst  ûndertusken 13 jier mei Gert-Anne van der Bos. Dy gearwurking hat  him mear as 450 punten opsmiten, werûnder 116 earste prizen.  En dat is mear  as 50 prosint fan it totaal fan Taeke!!

It wie net altyd merke.

Je soenen hast tinke dat Taeke Triemstra allinnich mar súkssen en goeie tiden  meimakke hat. Mar sa is it no ek wer net. Der binne wis ek teloarstellings te neamen. Nim bygelyks de PC finale fan 2012. Doe ferlear hy de finale fan Hendrik Tolsma, René Anema en Thomas van Zuiden. It wie dy bysûndere finale wêryn’t Tolsma blessearre it fjild út moast en as in soarte fan mummy wer werom kaam.  Hy koe noch amper mop syn fuotten stean.  Mar de grutte favoriten Gert-Anne, Taeke en Daniël koenen it net winne. 5-4 der ôf.   Opmerkelik: Taeke sloech yn dy finale noch wol 11 ballen boppe.

Yn 2018 stie Thomas van Zuiden wer ultym súkses yn it paad. Mei syn broer Peter en Allard Hoekstra wûnen sy doe de finale. It ferlies yn dy finales wienen grutte teloarstellings foar de formaasje fan Taeke. En sa sille der grif noch wol in oantal mominten west hawwe wêryn’t it net mei  siet foar Taeke.

Ungemak en sykte.

Taeke hat ek noch geregeld te krijen hân mei lichamelik ûngemak. Sa bruts hy ris twa fingers en dat kosse him 7 partijen en de nedige punten yn 2009. Ek in  brutsen ‘middenvoetsbeentje’ hat him dwers sitten.

It seizoen 2014 wie foar Taeke in min seizoen.   It skouder liet it ôfwitte. It Labrum, dat is it kreakbeen wêr’t  it skouder oan fêst sit,  liet los. In swarte perioade wie it gefolch.   Op de PC fan 2014 moast hy nei twa omlopen syn plak ôfstean oan Jacob Wassenaar, dy’t mei Gert-Anne van der Bos en Daniël Iseger de oerwinning oer de streep luts.

Taeke  liet him lykwols troch dat ûngemak  net fan syn doel ôf hâlde.  Withoefolle sprekkeamers fan doktoaren en therapeuten hat hy fan binnen sjoen. Spesjale behannelings yn de klinyk  yn Naarden wienen meastal in bysûnder pynlike ûnderfining. Gûlend siet hy soms yn de auto wer werom nei  hûs.  Mar Taeke moast en soe troch.  Hy waard operearre en moast revalidearje. Dat gie mei fallen en opstean en in protte pine.  Mar ek mei in protte ynset.

Taeke knokte mei alles wat hy yn him hie foar it fuort setten fan syn keatsloopbaan. En dat slagge him.  Hy trainde him it snot foar de eagen, mear as wa dan ek. En dat docht hy noch altyd. Ek yn de winter.  Omdat it moat, want úteinliks die bliken dat hy ek noch de sykte fan Bechterev hat.   Mei in dissipline dy’t by de kommando’s net misstean soe, wist hy syn libben sa yn te rjochtsjen dat topkeatsen noch altyd mogelik is. Taeke kaam wer oan de top en dêr stiet hy no promininter as ea.

It gesin.

It gesin fan Taeke Triemstra libbet it libben mei it keatsen fan Taeke as sintraal punt. Syn frou Gerdien en de trije bern (ek keatsgek trouwes) moatte noch al wat oanpassings dwaan om Taeke syn sport optimaal bedriuwe te litten. Tegearre mei heit Reinder, mem Fré en skoanheit Nanning (mei altyd skoanmem Baukje dy’t te betiid ferstoarn,  is yn gedachten)  wurdt  in soarte fan kollektyf foarme sadat al dy ynspannings en de tiid dy’t der yn stutsen wurdt opbrocht wurde kin.

It is no klear. Taeke kin der mei ophâlde.

Dat soenen je tinke kinne.  Mar sa tinkt Taeke Triemstra net.  Hy wurdt op 4 desimber fan dit jier 41 jier. Mei in bytsje gelok hellet hy dit seizoen  ek in puntetotaal fan minimaal 41. Dat soe him op de magyske grins fan 900 punten bringe.  En dat soe ek betsjutte dat Taeke noch genôch prizen wit te winnen. En dat is wêr’t it om giet by de nije klassemintslieder. Winne. En dêrtroch wille hâlde oan it spultsje.  Want  salang as je winne, is it noch leuk en kinne je troch, sa hat hy sels sein.  Ek al binne je 41 jier.

It liket der dus op dat de keatsferiening  Het Noorden yn St. Jabik noch efkes wachtsje moat op in nij bestjoerslid. Want it siert Taeke Triemstra  dat hy him realisearret dat it keatsen him in protte brocht hat. En dat  der dan dús wat werom dien wurde moat foar it keatsen is foar him logysk.

Taeke Triemstra, in sportman yn ieren en sinen. Mar ek in fenomeen mei each foar it grutte gehiel en de wrâld om him hinne.  Bysûnder!!

Geert van Tuinen. *mei tank oan keatshistorikus en statistikus Jan Braaksma.

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juli 23, 2023 19:31
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    View Article
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    View Article
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel