Kweapraat 2026 (3)

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma mei 17, 2026 20:57

Kweapraat 2026 (3)

Der wurdt al wer om raak keatst mar it nijs kaam dizze wike net fan de fjilden mar fan de burelen fan ús keninklik bondsje. Ik tink dan daliks soe it lek boppe wêze fan de 174 tuzend euro dy’t noch altyd op’e loop binne. Want sûnt de AV fan maart is der noch hieltyd gjin dúdlikheid jûn wêr’t de sek mei bûnsjild bedare is. Ik tink dan soe freon Coos V. út H miskien de pûde mei jild meinommen haw op wei nei Argentinië. Nei it WK is hy der efter bleun hearde ik fan guon dy’t ticht by it bûns fjoer sitte. Sil dochs net tink ik dan mar yn dizze dwaze wrâld moatte je nearne mear fan skrikke. Mar goed it giet dus net om de sinten mar wer dan wol om.

No nei alle drokte oer de sinten, de wedstriidaginda en de mof hat ús freon Van Erve de boel yn’e jens stutsen oangeande de warbere fotograven. In dikke wike lyn moasten hja lânskomme op de burelen fan ús keninklik bondsje. Freon Jan van Erve, oftewol Adje interim, siet de saak foar en oerlange oan harren in dikke brief wêr’t yn dúdlik waard dat hy dwaande is om de bond fan 1897 nei de bliksum te helpen. Wat wol ús freon Van Erve no presys?

No, hy fynt dat de kwaliteit fan de foto’s omheech moat. Op himsels is der neat mis mei mar hy slaat no in bytsje sis mar hielendal troch. Adje interim is it paad kwyt. Te folle nei Trump en Poetin sjoen tink ik dan. In man út it Brabantse lân dy’t ús wol efkes witte litte wol hoe’t je yn koarte tiid it Fryske keatsspul nei de bliksum helpe kinne. No, al soe dat sa moatte dan rêde wy ús sels der wol mei der hawwe wy freon Van Erve net foar nedich. As der no in ferstandich wurd by siet dan wie it wat oars west fansels mar wat dizze man op papier set hat raast oan de protters. It kalk spot je dochs fan de tosken as je it A-fjouwerke fan de bond lêze. Dit is net goed of dat docht net. Ik tink dan begjin no earst ris efkes by wat je sels dogge.

Lês it ferhaal oer Klaas Vellinga. Neat mis mei mar dan wurdt der praat oer in foto wêr’t Klaas op stean moat mar dan is dy foto sa by it stik setten dat Klaas fan de foto ferdwine is. As je it sa goed witte doch it dan ek goed. Net in oar de maat nimme as je der sels in bende fan meitsje. Sa as jimme witte makket de bond al jierren gebrûk fan in oantal fotograven werfan Henk Bootsma wol de meast markante fotograaf is. Al dik 40 jier makket hy de moaiste foto’s en dat kin net ien him ûntstriede. Hy makket foto’s dy wat te sizzen hawwe. Foto’s mei in ferhaal. Komt by dat foto’s mear sizze as 1000 wurden.

Henk kriege no fan de bond te hearren dat hy as hy op paad is of wie foar de bond 20 foto’s oanleverje moat foar de priis fan 50 dikke euro’s. Ja, 2,50 de foto. Dan meitsje je in klapper. In hiele snein oant jûns let yn aksje foar de bond en dat foar de haadpriis fan 50 euro’s. Der sakket je de broek dochs fan ôf. Sit ús keninklik bondsje no sa op swart siet? Nei it fuortfallen fan de jierlikse krante, de Keats binne no de fotograven oan bar. Wat der ek stelt wurdt yn de brief fan de bond rekket kant noch wal. Gjin foto’s mear fan in keatser dy’t nei ôfrin fan in partij efkes in bierke drinkt. Lit stean as hy efkes in sigaret opstekt. Dat mei net mear. Dan sille wy it mar net oer it frouljus keatsen hawwe. Dat anno 2026. Dan te witten dat it keatsen falt en stiet mei de help fan de biertinte.

Gjin bier tinte mear dan is der ek gjin keatsen mear en kin Adje interim thús yn Wiuwert tomke draaie.Wat besielt dizze man? Tinkt hy miskien dat hy it ljocht sjoen hat? Troch dit soarte fan ûnnoazel gedrach makket hy mear stikken dan him leaf is. Sjoch, Henk hat der net lang oer nei hoegen te tinken. In oprjochte Fries lit him net de mûle snoere troch in oer it hynder tilt HB-lid en no efkes tinkt foarbest op te slaan op it bûnsburo no’t hy syn ‘freon’Dirk Jan de maat nommen hat. Henk hat syn kieltsje fan de bond gau erom brocht en hat syn frijheid werom. De leafhawwer is bliid mei Henk en sprekt der skande fan dat in foarbygonger want dat is Jan van Erve it keatsen sa’n skea ta bringe kin sûnder dat der ien mei kont yn de broek opstiet en seit: ‘Dit kin net en dit dogge wy net freon Van Erve.“ Do bist net it ljocht mar bringst de bond djip yn it tsjuster. Opsoute!

Oant in oare kear!       

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma mei 17, 2026 20:57
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel