Junioare keatsers boykotte partij yn Boalsert

Geert van Tuinen
By Geert van Tuinen juni 6, 2023 11:17

Junioare keatsers boykotte partij yn Boalsert

De junioarekeatsers fan de KNKB wolle kommende freed net keatse yn Boalsert. Der is foar dizze kategory in spesjale kompetysje opset. Dy kompetysje wie oan’t no ta in súkses, mar dit jier giet it mis. Dat hat te krijen mei de eksperiminten dy’t de KNKB útfiert om it keatsen oantrekliker te meitsjen. It earste eksperimint wurdt útfierd by de junioarekeatsers.

Dêr wurde net mear 6 punten yn in earst ferkeatst mar 4. Mei as doel dat partijen rapper dien binne. Dat is it gefal, mar de keatsers fine it hielendal neat. In partij is neffens harren no fiersten te rap dien. Dat hat bliken dien op de earste partij dy’t op 19 maaie keatst is yn Makkum. “We sitte langer yn de auto as dat we op it fjild stean”, wie de grutte klacht fan de keatsers. 

Freed soe de twadde partij keatst wurde yn Boalsert, mar op tiisdeitemoarn hienen har foar dy partij noch mar 5 keatsers oanmelden. Dat is fansels fiersten te min en it liket der net op dat der in protte mear by komme sille.  Oanmelde kin noch oan’t tiisdeitejûn 20.00 oere.

De organisearjende feriening Boalsert hat moandei ekstra bestjoersoerlis hân en hat besletten dat de partij troch gean kin as der minimaal acht partoeren op de list komme. Oars wol Boalsert de partij net organisearje. 

KNKB foarsitter Coos Veltman lit witte dat it keatsbûn him drok dwaande hâldt mei de ûntsteane sitewaasje. “Wy hawwe ferliden wike mei in delegaasje fan de keatsers in earste evaulaasje hân oer dit eksperimint.  Wy tochten doe dat we der fierder mei koenen. Dat liket no oars te wêzen. We moatte no earst presys witte wat hjir no spilet.  Fernijïng docht altyd wol in bytsje sear. Mar wy moatte wer by elkoar komme. De keatswrâld is te lyts om foar elkoar oer te stean.”

Geert van Tuinen
By Geert van Tuinen juni 6, 2023 11:17
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Liefhebber

    Liefhebber

    15 partoer, it is net best foar Jacob Klaver. Kost een protte tiid foar de club en dan mar een…

    View Article
  • Sjoerd Hofstee

    Sjoerd Hofstee

    Wat niisskjirrich om te lêzen dat ik in tik mei de mûlpûde hawn ha soe. Jan, do en alle oare…

    View Article
  • Hh

    Hh

    Moai stikje Jan , stiet 1 flaterke yn ûs heit Roel Hoekstra is berne yn 1922 dus wie hy 41…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel