Kweapraat (2022) 14
Related Articles
It wie dizze wike wer in drokte fan belang op de Fryske keatsfjilden mar net allinne op ‘e fjilden mar foaral wat der bûten bart en faak kant noch wal rekket. Nim no de keats-off fan ôfrûne tongersdei. Ik neam it in bongel oan de poat fan de hjoeddeiske keatser. Gean mar nei it kalk spat je dochs fan de tosken as je sjogge dat partoeren sa as fan Haije Jan Nicolay en dat fan Peter van Zuiden mar krekt droech oer de sleat kommen binne om harren te pleatsen foar de 169ste PC. Beide partoeren binne al tiden in fêste wearde op de haadklasse partijen en dan blykt yn ien kear dat Haije Jan Nicolay-en-dy krekt harren wol pleatse en dat it partoer fan Peter van Zuiden noch twa ekstra partijen keatse moat om harren foar de PC te pleatsen.
It is te gek foar wurden. Moai is wol dat de mannen mei twa fingers yn de noas de klus alsnoch kleart hawwe. De hiele keats-off is in meunster en docht sear oan de eagen. Myn maat Klaas telde yn trije partijen 50 bûtenslagen…ja 50 bûtenslagen. Wat foar nivo hat soks dan noch en wêr’t je as leafhawwer nei sjogge. Dochs stean der kloften minsken lâns de kant fan it Sjûkelân. Der snap ik gjin bliksum fan. Sneon yn Seisbierrum as beide flaggeskippen fan de bond lâns komme stean mar in part fan dy leafhawwers oan de kant fan it fjild. Wer komme se dan tongersdei foar? Nei wat wurdt der sjoen? Mei keatsen hat it ommers gjin bliksum te krijen. Ik snap best dat Peter, Kevin Jordi en Gerben de pest yn han hawwe doe’t hja mei harren partoer ûnder de streek fan pleatsing kamen. Dat hat fansels in oarsaak.
Mannen lotten net altyd even maklik en dan moatte je as partoer ta sjen dat in twadde klas partoer dat op dy wedstriden maklik punten pakt en jo dan foarby giet yn de ranking. Dat soe oars moatte. Dat moat oars. Sjoch nei it partoer fan Johannes van der Veen, Jorn Lars van Beem en Rick Minnesma dat by de gearstalling fan de pleatsing samar op plak seis stie flak efter de grutte jonges. Ik hie harren noch nea sjoen op de haadklasse. Moai foar harren mar dan blykt doch dat de ranking op’e helling moat. Dit kinne je de partoeren net oan dwaan dy’t hast altyd as sjitskief tsjinje op de haadklasse wedstriden want sa is it gewoan. Fan de 16 pleatste PC-partoeren hawwe der rom fjirtjin of miskien noch wol mear neat op ‘e PC te sykjen. Se binne kanonnenvoer foar Steenstra, Bergsma en Van der Bos-en-dy. Wer is de oanswask fan jonge keatsers wêr’t de bond altyd de mûle fol fan hat…ja fansels Thomas Dijkstra, Steven Koster, Jorn Lars van Beem en Rick Minnesma. Ik moat it allegear noch sjen as hja de reis meitsje kinne…miskien de lêste. Want talint wol noch net sizze dat je de apenrots samar beklimme kinne!
Coos lit it net op syn beloop…gryp yn foar dat it te let is! Der foar bist ek ynhiert!
Sneon yn Seisbierrum hearde ik dat der op ‘e PC wer moffen kontrôle wêze soe…dat soe ús freon Marco wol hiel graach wolle mar de kommisje belêst mei de keurings hat nee sein. Dat snap ik wol. It hiele jier noch net in mof yn ‘e hannen han en dan de gebraden haan úthingje op ‘e PC. Wer komt soks no sa plotseling wei? No, it komt út de koker fan ús Marco. Jimme witte wol de direkteur fan ús bond dy’t altyd yn de heechsimmer fan it keatsen op fakânsje is. Hy soe dat wol efkes regelje! No, moai net. Gelokkich binne der noch freonen dy’t net boege foar sokke domme aksjes.
En dat alles wer fia mailtsje. Prate mei kommisjes dy’t dat osa graach wolle der docht ús Marco leaver net oan. Stel je foar dat se him efkes djip yn’e eagen sjen wolle. Op fakânsje wêze en dan ûnder in dikke beam mei in wiete klets efkes sizze dat der in moffen kontrôle op ‘e PC wêze moat. Hoe betinke je it!
Yn Seisbierrum hearde ik ek dat de 169ste PC Astrid Kooistra hat as skiedsrjochter. Dat is net nij mar de situaasje is efkes oars as in jier lyn doe’t bekend waard dat Astrid noch ien kear de PC liede soe. Astrid hat de lêste pak’ em fiif wike net in foet setten op de Fryske keatsfjilden en dus ek net by de manlju haadklasse. Dat hat in reden fansels. Astrid hat in earnstige nek hernia en dat bestjut dat Astrid in stapke werom dwaan moat. Ik hie it der mei Jenco Sieperda de twadde man op’e PC oer. Hy sei: ‘Astrid docht woansdei gewoan de PC. Gean der mar fan út. It is har lêste en dy wol se net misse. Dat snap ik wol en it is ek prachtich foar Astrid mar de PC liede anno 2022 is net samar in wedstriid. Ik sit hast eltse sneon en snein lâns de kant fan it fjild en it giet net mear om in pot soere hearings lit dat dúdlik wêze. As de grutte tenoaren elkoar bestride moatte je sân pear eagen hawwe en niks oan it tafal oer litte. Je moatte witte hoe’t de hazzen yn keatslân rinne en dat kin allinne as je wedstriden liede wêr’t soks spilet.
Persoanlik fyn ik it in grutte gok om Astrid op de 169ste PC los te litten. Nim har yn beskerming en set Hendrik Sweering op dizze klus. Net dat Hendrik alles sjocht mar de keatsers witte wol dat der mei de kloaten fan Hendrik net boarte wurde kin. Ik hâldt my hert faak fêst sa lâns de kant fan it fjild. Ta faak sjoch ik dat de skiedsrjochters gjin beslissing duoarre te nimme. Te faak de hannen yn ‘e loft stekke fan ik wit it net. De tenoaren fiele dat hiel goed oan en meitsje der misbruk fan. Dat bart net allinne by de manlju want de froulju haadklasse kinne der ek wat fan mei as djiptepunt de partij út de earste omloop sneon yn Seisbierrum. It wie in striid tusken de partoeren fan Annet de Haan-en-dy en dat fan Ilse Tuinenga. It partoer fan Tuinenga wankelde en by 5-5 en 6-4 like it dien mei de keapman. Dan komt der in slach fan wol of net in keats. Omdat de bond rom yn de skeidsen sit stie Pier Minnema op it fjild om de froulju yn ‘e stokken te hâlden. Pier is dan wol foarman fan in kommisje dy’t yn it donker nei skeidsen syket mar hy is sels noait skiedsrjochter west. Dat is in fak lit dat dúdlik wêze. Der jekke it by Pier. Gean mar nei: wol keats, gjin keats, wol keats nei ferbaal geweld fan partoer Tuinenga. Omdat de karmasters it net sjoen hienen wûn hja it dy’t de grutste mûle hie. Kin dochs net! Ek by de froulju moatte je oplette oars naaie se je in ear oan.
Yn Seisbierrum wie de Oranje brigade dy’t de winst pakte mei dank oan Gert-Anne. Yn Arum sloech Tjisse Steenstra wer in kear foarbest op. Fierder wie it in partij om hiel gau te ferjitten. Fierder foel my op dat der sa frekte geheimsinnich dien waard waard no Dylan Drent ferfange sil op ‘e PC. It liket wol op in steatsgeheim. Dat net fertelle wol oan de media dy’t der kundskip fan dwaan wol. Jonges en famkes it is mar keatsen. Doch a.u.b in bytsje gewoan en sis Dylan wurdt ferfongen troch…
Oant in oare kear!
Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.
Write a comment