Kweapraat 2022 (8)
Gerelateerde Artikelen
It wie in drokke wike en der barde nochal wat op en njonken de Fryske keatsfjilden. Op de Lanen yn Harns waard mear as foarbest opslein en yn Balk en Sint Jabik dienen se harren stjonkende best om dat ek te dwaan.
Hiel Fryslân Keatst moast it hichtepunt wurde yn it jubileum jier fan it keatsbûn. It doel wie om sa folle mooglik keatsers oan it keatsen te krijen…mar fan dy pak’ém beet 9000 tûzend en in bytsje kamen rom 200 keatsers sneon it fjild op en dat foel bar en bar tsjin. De finale dy’t ein septimber halden wurde soe waard sneon al ferspile omdat it nei sneon al oer wie. Te min keatsers om noch in finale wedstriid te hâlden. Der soe earst op ferskatte plakken keatst wurde mar nei sluting fan de oanjeftes waard al rillegau dúdlik dat dat mar op ien plak barre soe en dat waard Balk. Sa’t de Ljouwerter al melde: it bûn fiert feest en Balk mei de slingers ophingje.
Yn de regio Midden, Súd , Moarre en Waadhoeke om mar in pear te neamen wienen de oanjeftes op de fingers fan ien han te tellen. Yn Moarre stienen bygelyks fiif nammen op ‘e list…tafal of net wol it hiele bestjoer fan kv Warber Bliuwe stie op de oanjefte. Wer gong it mis tink ik dan…want it gong fansels mis lit dat dúdlik wêze. Coos Veltman, de nije foarman fan it bûn, fûn it fansels tige spitich dat it net op alle plakken troch gean koe. Yn it petear mei radioman Geert van Tuinen fan Omrop Fryslân liet hy witte it net te witten werom de oanjeftes net oan de ferwachtings foldien hienen. Der skrok ik fan en ik hie ferwachtte dat Coos man en paard neame soe. It wie nammentlik al lang en breed bekend dat de âldere leafhawwer de hannen net op elkoar krige foar de foarm sa’t de kommisje wa’t dat ek binne betocht hienen foar dit bûns feestje. Ik haw tal fan jubileumpartijen sels mei makke en it wie altyd in drokte fan belang mar it waard wol hâlden op in sintraal plak yn Fryslân en dat wienen de fjilden yn Huzum. Der wie romte genôch en elk koe syn gerak krije. Der waard altyd yn in seistal klassen keatst en dat heard by in jubileum fan in 125-jierige. Mar it bûn woe wat oars. De jeugd oan te mei 17 yn harren klassen en de âlderen yn in A en B-klasse en der gong it dus mis want dat foel ferkeard by de 40, 50 en 60 plusser. Dy wolle dat net en hawwe dat ier en betiid oan de bond witte litten. KV Jan Bogtstra hie de 50plusser graach nei Frjentsjer helje wollen mar dan wol keatse yn klassen sa’t dat altyd al bart as dizze leafhawwers wedstriden hawwe. Soenen se dat net dwaan dan bliuwt de helte thús. Dat de bond dizze leafhawwers net temjitte komme woe slaat fansels alles. Want dizze groep is ien fan de grutste groepen dy’t noch altyd keatse en dy groep waard no tige mist. Mar no net sizze dat de bond dit net wist want it wie al lang en breed bekend. Komt fansels ek noch by dat de koroana woest om him slein hat en der hat it keatsen ek in geweldige klets fan krigen en de tiid fan foar de koroana komt nea wer gean der mar fan út. Yn it petear yn de Ljouwerter seit Coos: We moatte mei inoar sjen wat wurket en wat net…as de bond dat no ris dwaan soe dan kamen se der miskien ek wol efter dat dizze foarm fan keatsen anno 2022 net mear oanslaat by de leafhawwer. Miskien is it net mear fan dizze tiid. Mar dat de leafhawwer net mear keatse wol…dat slaat nearne op. Ik bin sels op de Lanen west en dat wie yn ien wurd geweldich. Geweldiche partijen fan jong en âld. In âldste klasse mei hast 20 partoer op é list. Pieter Bergsma fan Gytsjerk dy’t de priis mei pakt en hast 80 streekjes telt. Mar wol keatse yn eigen klasse! Boppedat de paden stienen fol mei Harnzers dy’t neat misse woenen fan dit spektakel. Ik wol mar sizze: it keatsen libbet mar je moatte it wol goed ferpakke as je it oan de man bringe wolle. Lulferhalen hear ik genôch mar de echte oplossing mar selden want wy komme elkoar moarn ek wer tsjin.
Genôch oer in feest dat gjin feest wie en dat selfde feest ek gjin nije leafhawwers nei it fjild luts. By de finale fan it haadklasse keatsen wienen de leafhawwers op de fingers fan ien han te tellen. Ien kanne kofje sei myn maat Klaas dy’t sneon oan de kant fan it fjild sitten hie…noch minder as yn Wommels. Wy prate dan wol oer haadklasse keatsen!
Yn Sint Jabik wie it snein wat de belangstelling oanbelanget wol hûdert prosint better fansels. Mar it keatsen wie op twa partijen nei it besjen net wurdich. O, o, o wat wurdt der wat ôfknoeid. Enno Kingma is it gefoel kwyt en dat jildt ek foar syn maat Menno van Zwieten. Se binne beide gjin skim mear fan 2021. De trije priiswinnende partoeren binne ek it bêste wat de haadklasse te bieden hat… de partoeren fan Haije Jan Nicolay en Peter van Zuiden dogge harren stjonkende bêst mar dat is net genôch. As PC organisaasje soe ik it swit op ‘e kop krije…16 partoeren op de list…as dat mar goed komt. De froulju keatsten ek yn Sint Jabik no mei seis partoer ferdielt oer twa pûltsjes fan trije. It betsjut dat der 18 froulju op ‘e list stienen. Mar derfan keatsten der mar 16. It is om te janken en it is ek om te janken hoe’t de partoeren yn it programma boekje stienen. As in gewoane list mei seis partoer. Dat hie fansels wol better kinnen en as service nei it publyk hie dat ek moatten. Efkes sa de list fulle dat eltsenien dat ek snapt want it feroaret ommers by de froulju om it libben. Ien partij wie leuk…dy fan Ilse Tuinenga-en-dy tsjin Nynke Sijbrandij-en-dy. No wûn Ilse yn it foar trajekt…en de finale mei fiif skjinne earsten. Hoe lang giet dit noch troch…it giet dochs nearne mear oer! Seis froulju dy’t al jierren de tsjint útmeitsje….graach oars wolle mar mei hannen en fuotten bûn binne oan de ranking! Straks hinget dysefde ranking it frouljuskeatsen oan de heechste beam!
Oant in oare kear!
Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie