Kweapraat 2022 (5)

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma mei 29, 2022 21:13

Kweapraat 2022 (5)

It wie snein yn Menaam in kâlt putsje om oan de kant te sitten mar it spul fan it winnende partoer die de kjelt ferjitten. It siet der in bytsje oan te kommen dat yn it koart de hage foar de winners fan de PC fan 2021 der oan siet te kommen. Mei de wer herstelde efterynse Erwin Zijlstra hat it partoer fan Gert-Anne en Taeke oan kreft wûn lit dat dúdlik wêze. Hja dogge wer mei om ‘e prizen en dat is goed foar it keatsen. It partoer liket super fit. Se dogge en litte der as partoer ek in bulte foar om yn it wiekein goed prestearre te kinnen. Nei twa swiere partijen yn oanrin nei de finale wie dat yn de finale net te merken. Van der Bos sloech geweldich sterk op en pakte syn sânde winst yn Menaam en bopppedat waard hy foar de seisde kear kening fan de partij. De earste kear wie dat yn 2009 en no krapoan 13 jier letter stiet hy noch altyd oan de top. Maat Taeke Triemstra docht it net foar minder en syn teller wat Menaam oan giet stiet nei snein ek op sân oerwinningen. Taeke pakte syn earste krânse yn Menaam yn 2010. Sokke oantallen der komt Erwin Zijlstra noch net oan ta mar hy hat de takomst en kin noch jierren foarút.

Wat yn Menaam ek opfoel wei it feit dat de Gouden Willem partij skiednis is. Neat gjin Gouden Willems. Se binne der noch wol mar foar VVV Menaem binne se gewoan te djoer wurden om dizze munten noch beskikber te stellen. Dus krigen de mannen ‘gewoan’ jild yn de sluuf. Sil harren woarst wêze tink ik dan. Dat tiden tiden hawwe seach ik ek oan it gemis fan de tribune. Dat wie altyd fêste prik op dizze partij lyk as it aardige boekwurkje dat altyd by de yngong te ferkrijen wie. Dan haw ik it mar net oer de esktra premies dy’t der tusken de partijen troch te fertsjinjen wienen. Mar wat my noch mear opfoel wie dat der safolle romte siet tusken de reklameboarden.

Der waard my ferteld dat der tweintich boarden minder om it fjild stienen as twa jier ferlyn. As it sa is sa’t it my ferteld is dan kost dat de bond in moai smak sinten. De koroana hat in soad slachtoffers makke ek yn de jildstreamen.

Skiedsrjochter Astrid Kooistra liet witte dat 2022 har lêste jier as skiedsrjochter op de Fryske keatsfjilden is. Astrid wurdt sjuery lid by de turnbond. Har bern, twa famkes, hawwe neat mei it keatsen mar wol mei it turnjen. Ja, wat dogge je dan. Astrid krijt noch in oantal moaie partijen werûnder de PC, Freule en Bitgum. Mar spitich is it wol omdat je Astrid der wol by hawwe kinne as keatsbond.

Menaam sil der fêst in reden foar hawwe mar begjinne om tolve oere fyn ik persoanlik oan de lette kant. Wat is der mis mei om fiif oere út te wêzen. Dat hie miskien snein ek wol kinnen as it ynslaan beheint wurdt oan it oantal minuten wat der foar stiet en wat der mei keatsers en skeidsen ôfspruten is. Ik ha wit klokje der efkes by pakt en dan prate wy gau oer tsien oant tolve minuten. Ik snap net wêr’t dat goed foar is.

Sneon keatsten de froulju haadklasse yn Menaam en wer moast der keatst wurde mei in ferliezersronde. Wa’t soks betocht hat snap in ferrekt lyts bytsje fan it keatsen. Yn Menaam waard sein dat der fan it buro op oantrune is om foaral de ferliezersronde wol troch gean te litten. As je mei in HB-lid prate dan komme je ek net in meter fierder…blykber is it kwartsje noch hieltyd net fallen of se hâlde harren fan de domme. Ik skrik der fan. Gelokkich hawwe de froulju der mear as genôch fan en tiisdei sil der in oantal yn petear gean mei harren dy’t dit blykber útfûn hawwe. Is dit betocht troch it buro of hawwe de keatsmannen fan it HB hjir ek in han yn of hawwe se sitten te sliepen doe’t dizze hazze út de hege buro hoed helle waard. Wat is no it belang…it belang fan de keatsers stiet dochs foarop…of net hege hearren fan de KNKB.

Yn Tsjommearum pakte Eksmoarre tongersdei de winst troch it favoryte Bitgum oan de kant te setten. Gerben de Boer en Pieter Jan Leijenaar yn de mande mei balkearder Marten Leijenaar pakten mei goed ‘keatsen’ de oerwinning. Net ramme en huffe op ‘e boppe mar de bal it wurk dwaan litten. Dan kom je hjoeddedei noch in hiel ein. Keatsferiening Eksmoarre stiet goed mei de fuotten yn de Fryske klaai want de iene nei de oare keatser út Eksmoarre keatst him yn ‘e prizen. Moai is dat!

Oant’t in oare kear!

         

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma mei 29, 2022 21:13
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel