Kweapraat 6

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma augustus 17, 2020 14:16

Kweapraat 6

‘Goeie mannen, der ek wer op út west?

Fansels Sake, hiest net oars ferwachte dochs? Wy soenen ús dizze kear it leafst beheine wolle ta de wedstriden dy’t wy sjoen hawwe, mar yn keatslân is altyd folle mear oan de hân. Nim no de kommisje dy’t him dwaande hâld mei it tasjen op de moffen.No hie it bûn altyd al de nedige muoite om minsken foar dit putsje te krijen, mar de boaiem is no wol yn it sicht. Geale fan Skuzum hat sjoen en heard dat der noch twa binne dy’t it skip driuwende hâlde. Dat is fansels fiersten te min. De kommisjeleden binne as ierpels troch it souwe gongen. De iene nei de oare sei: ‘Jou myn pakkie mar oan fikkie’, of soks sawat.
(Cartoon: Peter Vassilev)

Wat is er dan oan de hân? Koartsein: De kommisje minsken hawwe der genôch fan. Se hawwe skjin har nocht fan it gedoch dat om de kontrôle fan moffen hinget. Feitlik is it hiel simpel. As in mof oanbean wurdt foar kontrôle, dan moat hy op gewicht wêze en der moat gjin stik stiel yn sitte wêrmei’t  je in bolle dea slaan kinne. Grofwei giet it dêr om. Wy prate dan oer 200 gram. Klear soenen je sizze, mar de praktyk is oars. Sa wie der freed kontrôle by de junioaren op it LKC terrein yn Ljouwert. Seis mannen broeders gongen foar de bile. De mof wie yn alle gefallen te swier. Dat mei net, dus dan binne je de klos.

Mar no komt it: Yn Wommels waard my sein dat de jonges de mof noch wol föhne mochten mei hast fjirtich graden op de termometer. No, tink ik dan, dan koe der tenminste noch mei keatst wurde. Mar sizze is ien en dwaan is in twadde. Dêrom sneontejûn dochs noch mar myn ear te lústerjen lein by minsken dy’t hast op it keatsfjild sliepe en dy minsken komme dan mei in hiel oar ferhaal. Dat fan: Net goed! Spitich, mar der wurdt hjoed net mear mei dizze mof keatst. Ik sels bin ek fan net pamperje. Dat wurdt der al genôch dien. Mar foar dizze groep keatsers wurdt besocht (mei stipe fan de PC en yn gearwurking mei de bond)  om se oan it keatsen te hâlden.

En dêr binne dizze junioare  wedstriden no krekt foar yn it libben roppen. Dan is it dochs net handich om seis fan dizze junioaren ‘kalt te stellen’ ûnder it mom fan eigen skuld dikke bult. Want sy hawwe har maten der ek mei. Dy koenen freedtejûn de klean wol wer oan dwaan, want keatse sûnder mof kin net mear yn dizze tiid wêryn’t  de bal sa hurd as beton wurden is. Mar de soargen binne der net allinne by dizze groep jonges, mar benammen ek by de kommisje dy’t te set moat oer dy moffen, want dy kommisje bestiet  dus noch mar út ien man en frou.

Dat mei de bond him oanrekkenje. Dan hawwe de kommisje leden blykber gjin betrouwen mear yn de bond as hoeder fan rjocht en rjochtfeardigens. Der is te faak de kant keazen fan de sporter en der wie gjin lef om de sporter oan te pakken en no binne der noch mar twa striders foar rjocht oer!

Hoe neame je soks? Swak, hiel swak belied. Je kinne alles wol meinimme wolle, mar dêr bliuwt it yn njoggen fan de tsien gefallen by. Wy nimme it mei…ja, ja!

Yn Reduzum kaam Wigle Sinnema, de foarman fan ús sa pleage keatsbûn, ek efkes op ‘e lije side fan radioman Geert van Tuinen. It petear gie oer it feit dat Marsum en Penjum net mear ree binne om de haadklassepartij foar snein 5 en snein 12 septimber del te setten. De bestjoeren sjogge op dit stuit allegear apen en bearen op de wei. De fraach oan Wigle wie:Hoe no fierder. Sjoch, de media komt op de snein altyd út by Wigle, omdat it keatsbûn no ien kear in direkteur hat dy’t yn de heechtiid fan de keatssimmer op fakânsje is en sneins noait op de fjilden te finen is. Wigle koe der ek net om hinne en moast tajaan dat der net safolle sportbonden binne wêrfan’t  de direkteur in soad Kort Jakje is dy’t dan wol net siik is, mar net op de fjilden ferskynt. Marco mei bliid wêze dat hy as direkteur te meitsjen hat mei in foarsitter as Wigle Sinnema. Want yn de tiid fan Rodenhuis, Westra of Sake Saakstra wie it rap dien west mei ús Kort Jakje.

Mar om noch efkes op Wigle syn petear werom te kommen: Der wurdt hurd oan wurke om de data fan Marsum en Penjum noch ynfuld te krijen. Om yn haadbestjoerstaal  te sprekken: Dat nimme wy mei!

Yn Wommels seach ik sneon de froulju keatsen. Ik haw  al wit hoe faak sein: Je hawwe twa froulju dy’t fier boppe alles útstekke en dan noch in pear dy’t der tsjin oan hingje, mar dan hawwe je it wol hân. Manon Scheepstra en Ilse Tuinenga koenen sa meidwaan by de manlju. Komt noch by dat Manon sawol yn de krite as oan de stuit oppermachtich is. De iennige dy’t har dwêrs sitte kin is Ilse Tuinenga. It kanon fan eartiids Berltsum. Sy hat de opslach fan in man en it wie sneon in genot om nei har te sjen. Omdat Manon Scheepstra yn it foarperk ek mear as geweldich stie te keatsen wie de krânse foar har, mar der mei wol in lytse tûke fan dy krânse nei Ilse. Mei Marrit as efterynse soe dit partoer noait, mar dan ek noait wer in wedstriid ferlieze. De oare froulju fan de twa top partoeren binne de wetterdragers neat mear en ek neat minder.

Wat my sneon ek opfoel, of better sein wêr’t  ik my oer ferbaasde, wie it feit dat Sjanet Wijnia flak foar de finale noch in ynterview joech oan Omrop Fryslân. Dan hawwe je dochs skijt oan in goeie tarieding op de finale. Ik kin my net foarstelle dat benammen Ilse hjir gelokkich mei wie. Yn gedachten hawwe je dan dochs al ôfskied fan it keatsen naam en stiet it folleybal op nûmer ien.

Dat dogge je dus net! No,sa!

Yn Reduzum sloeg it partoer fan Menno van Zwieten wer ris foar best op. Ien spannend potsje en dat wie it dan ek. By it partoer fan Gert-Anne van der Bos is de gong der wat út. Der is mear foar nedich om de gong der wer yn te krijen. Van der Bos docht der alles oan om de saak op skerp te setten en op seis punten nei wie hy der ek noch hast yn slagge. Dat it dan wolris wat hurd om hurd giet moat kinne. Je keatse net mear om in pot soere hjerring.

Sake oant in oare kear!

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma augustus 17, 2020 14:16
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel