Kweapraat 2022 (3)

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma mei 16, 2022 07:57

Kweapraat 2022 (3)

Ik wie snein hast klear mei myn stikje oer de haadklassepartij yn Dronryp doe’t ik noch in tillefoantsje krige fan Bouke Poelsma dy’t troch de Ljouwerter op paad stjoerd wie foar in bijdrage oer de wedstriid op de Ryp. Hey Jan, Hans Wassenaar is kening wurden hear…! Tinks derom! Ik wist net wat ik hearde Hans kening? Dat kin dochs net seinen wy tagelyk. Der koe dochs mar ien kening wurde en dat wie Tjisse Steenstra fan Bitgummole. Hy wie de man dy’t syn partoer sawol yn de striid om de preemje of neat en yn de finale oerrein holden hie. Hans wie der ek mei oan fertelde Bauke my! Ja wat oars wat steld sa’n keningskip dan noch foar. Ik kin my der freeeslik drok om meitsje! Hokker ‘oetlul’of oetlullen sitte er dan yn sa’n kommisje. As je dochs in bytsje rjocht fan praten hawwe dan koe der dochs mar ien kening wurde op De Ryp. Tjisse helle alle kastanjes út it fjoer omdat syn maten yn it perk de bal faak net fierder krije koenen as foar de middenline. Sokke minsken soenen dochs nea wer yn sa’n kommisje sitte meie. Ik tink dat dizze kommisje neat fan de wedstriid sjoen hat en pas oan de ein fan de finale de lêste klap fan Hans sjoen hat en dy bal gong boppe. As keatser moatte jo je dochs hiel ûngelokkich fiele by sa’n útferkiezing. As ik Hans west wie dan hie ik sels Tjisse de priis jûn en him yn it midden setten. Dit kin dochs net! As bestjoer fan kv Sjirk de Wal binne je der moai klear mei mei sokke hampelfritsen. Like de útferkiezing nearne op…de dei wie moai op De Ryp. In moai kloft minsken…gjin 2500 sa Jan Willem van Beem moarns tocht dat dy der komme soenen mar in lytse tûzend stienen oan de ein fan de dei wol om de touwen. It keatsen en de merke is al jierren in begrip yn Fryslân en dat moat moai sa bliuwe. Dúdlik waard ek yn De Ryp dat de koarona in grut part fan de frijwilligers fuort jage hat. It is oars wurden en it sil nea wer sa wurde foar de koroana tiid. De glâns is der of en de lontsjes binne koarter wurden…! Spitich! Hiel spitich mar wy sille it der mei dwaan moatte.

Op de Ryp op de twadde frije formaasjepartij fan it jier waard ek dúdlik dat de druk fan it winnen no leit by it partoer fan Tjisse Steenstra en dan foaral by de efterynse Hans Wassenaar. Hy fielt de eagen fan opslager Tjisse yn syn rêch en dat makket him ûnseker. De twifels slaan dan ta….it lûd is der noch wol mar it byld is gâns minder wurden. Gert-Anne wit der alles fan! No’t hy de druk fan Tjisse net mear fielt is Gert-Anne wer de Gert-Anne dy’t hy wie. De Mantgumer is goed troch de winter kommen en datselfde jild foar syn maat Taeke Triemstra. Beide moasten it snein dwaan sûnder harren fêste maat Erwin Zijlstra en dat skeelt fansels in slok op in borrel. Trainer en coach Daniël Iseger is der noch altyd mar kin op hast 42-jier dat net mear bringe wat hy in oantal jierren lyn noch wol koe. Dat is gjin skande want tiden hawwe tiden. Mar as Erwin der wer by is dan telle de mannen wer hielendal mei.

De tiid sil it ús leare mar dúdlik is wol dat de top hiel…hiel tin is. Juster yn De Ryp stienen der fjouwer nije partoeren op ‘e list mar mei alle leafde koe ik net sjen as dat no in ferbettering wie…! Geschikt of niet geschikt…ik tink it lêste! Miskien soe der noch ris neitocht wurde kinne oer acht of seis partoer. Twa pûltsjes fan trije soe net sa’n gek idee wêze. Kin der ek noch keatst wurde om de lytse preemje.

Kom ik ek noch efkes werom op de partij yn Oentsjerk wêr’t de froulju haadklasse keatsten. In haadklasse partij mei in ferliezersronde omdat der krapoan fjouwer froulju úit earsteklas fermidden harren foar dizze partij net opûn hienen mar wol op ‘e list stienen. Troch dat nusje earste klas froulju moat der op in haadklasse partij in ferliezersronde keatst wurde. Wa betinkt no soks. Wer binne de keatsmannen en froulju dy’t sizze: dit kin dochs net. As de froulju earste klasse de trochinoarlotterspartijen links lizze litte wolle…dan hâlde wy der dochs gewoan mei op. Dizze foarm fan wedstriden hat al lang syn langste tiid hân…leauw dat no ris! It is lûken oan in dea hynder!

Yn De Ryp hie de nije foarman fan de feriening it der noch oer. De frijwilligers, ûnmisber by tal fan ferienings, hawwe foar in part de kuierlotten nommen en komme net wer werom. In grut part fan keatsend Fryslân sit mei de hannen yn it hier. Se binne fuort en se komme net wer werom. Oare dingen yn it libben binne wichtiger wurden. Sjoch nei kommende snein yn Sint Anne wêr’t de kv feriening Sint Anne Drie Spul is út is snein besykje wol mei mar acht karmasters foar de haadklassepartij. Dat mei omdat it sa opnommen is yn it keatsreglemint mar hja dy’t der wol doel oer hawwe fine dat oantal fierstente beheind. Tsien of tolve karmasters…dat soe it wêze moatte! Dan kin der ek noch ien efkes út de broek as dat moat. Hendrik Sweering kin der snein yn Sint Anne plat foar. Sjoch alles sjen hoecht net …mar wol graach it measte!

Oan’t in oare kear!

 

   

      

 

 

 

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma mei 16, 2022 07:57
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel