Wiebe de Boer 1924-2022

Jan Braaksma
By Jan Braaksma januari 9, 2022 14:22

Wiebe de Boer 1924-2022

Tiisdei 28 desimber 2021 kaam der in ein oan it libben fan Wiebe de Boer fan Raerd.  De Boer wenne dan wol yn Ljouwert mar hy wie hikke en tein yn Raerd. De Boer wie in jongeskeatser dy’t trije kear op de Freule yn de prizen falle soe. Hy wie 13 jier doe’t hy foar Wez Wis yn 1937 yn de finale kaam fan de Freule partij. Mei Roel Nijboer en Durk Talsma koe hy it net oprêde  tsjin keatsferiening it Noarden fan Sint Jabik. Foar de Sint Jabik keatsten under mear Durk Ganzinga en Klaas Tjepkema en die hienen in fin mear as in bears. It soe net by die preemje bliuwe want yn 1939 wie it wer priis foar Wiebe de Boer. No mei Piet de Jong en deselfde Durk Ganzinga dy’t yn 1937 de priis al ris wûn hie! Yn 1940 waard der dochs noch keatst om it Freule goud. Hoewol de wrâld yn ‘e brân stie koe der dochs noch keatst wurde. Mei de bruorren Piet en Gerrit de Jong wie Frjentsjer yn de finale de tsjinstanner. It waard in partij dy’t stiif stie fan de spanning. Raerd kaam foar mei 5 om 4 en 6-2. De lêste slach like slein mar dochs waard it noch 5 om 4 en 6-6. Raerd stie oan de stuit. De bal waard goed útslein mar Wiebe de Boer koe him op ‘e boppe moai foar de keats werom slein. Nei in preemje, in lytse preemje wie der no it goud foar Wiebe de Boer. It wie it hichtepunt foar de jonge keatser fan Raerd.

 

Jan Braaksma
By Jan Braaksma januari 9, 2022 14:22
Write a comment

4 Comments

  1. Sytse Keizer januari 16, 15:35

    Wiebe de Boer waar nag jaren myn skildersmaat in ’t klassy fan Eddy Sikma in Luwt. ’n Noflike en beskaiden man, die’t prachtig fertelle kon fral over ’t kaatsen. We hewwe ok nag mooi even bijpraten op Sonnenborgh. Hij saai doe dat ‘r nag ’n kaatser ’t Gouden,sulveren en brônzen klokky op ‘freule wonnen had. Wete jim syn naam?

    Reply to this comment
    • murkviersma februari 6, 16:52

      Wierd Baarda is juist. Maar van later datum is het antwoord Johan van Ijs ook goed. Overigens heeft Martinus Santema ook goud, zilver en brons gewonnen, maar daar bleef het niet bij. De zilveren won hij twee keer en er was een vijfde prijs..

      Reply to this comment
  2. Kees januari 18, 19:03

    Dat is Wierd Baarda uit Dronrijp

    Reply to this comment
  3. Jan januari 22, 00:24

    Gerben Okkinga, Kaatser van de buitencategorie! Ook een kaatser die als hoofdklasser koning is geweest als opslager, voorinse en achterinse.

    Reply to this comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    View Article
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    View Article
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel