Wiebe de Boer 1924-2022
Gerelateerde Artikelen
Tiisdei 28 desimber 2021 kaam der in ein oan it libben fan Wiebe de Boer fan Raerd. De Boer wenne dan wol yn Ljouwert mar hy wie hikke en tein yn Raerd. De Boer wie in jongeskeatser dy’t trije kear op de Freule yn de prizen falle soe. Hy wie 13 jier doe’t hy foar Wez Wis yn 1937 yn de finale kaam fan de Freule partij. Mei Roel Nijboer en Durk Talsma koe hy it net oprêde tsjin keatsferiening it Noarden fan Sint Jabik. Foar de Sint Jabik keatsten under mear Durk Ganzinga en Klaas Tjepkema en die hienen in fin mear as in bears. It soe net by die preemje bliuwe want yn 1939 wie it wer priis foar Wiebe de Boer. No mei Piet de Jong en deselfde Durk Ganzinga dy’t yn 1937 de priis al ris wûn hie! Yn 1940 waard der dochs noch keatst om it Freule goud. Hoewol de wrâld yn ‘e brân stie koe der dochs noch keatst wurde. Mei de bruorren Piet en Gerrit de Jong wie Frjentsjer yn de finale de tsjinstanner. It waard in partij dy’t stiif stie fan de spanning. Raerd kaam foar mei 5 om 4 en 6-2. De lêste slach like slein mar dochs waard it noch 5 om 4 en 6-6. Raerd stie oan de stuit. De bal waard goed útslein mar Wiebe de Boer koe him op ‘e boppe moai foar de keats werom slein. Nei in preemje, in lytse preemje wie der no it goud foar Wiebe de Boer. It wie it hichtepunt foar de jonge keatser fan Raerd.
Wiebe de Boer waar nag jaren myn skildersmaat in ’t klassy fan Eddy Sikma in Luwt. ’n Noflike en beskaiden man, die’t prachtig fertelle kon fral over ’t kaatsen. We hewwe ok nag mooi even bijpraten op Sonnenborgh. Hij saai doe dat ‘r nag ’n kaatser ’t Gouden,sulveren en brônzen klokky op ‘freule wonnen had. Wete jim syn naam?
Wierd Baarda is juist. Maar van later datum is het antwoord Johan van Ijs ook goed. Overigens heeft Martinus Santema ook goud, zilver en brons gewonnen, maar daar bleef het niet bij. De zilveren won hij twee keer en er was een vijfde prijs..
Dat is Wierd Baarda uit Dronrijp
Gerben Okkinga, Kaatser van de buitencategorie! Ook een kaatser die als hoofdklasser koning is geweest als opslager, voorinse en achterinse.