Sikke Sikkema 1941-2021
Gerelateerde Artikelen
Tiisdei 23 novimber kaam der in ein oan it libben fan Sikke Sikkema fan Frjentsjer. Yn de rou advertinsje stie: De laatste slag is slagen. Disse stried was niet te winnen.
Ik koe Sikke persoanlik en ik wist ek dat de ein fan de eker yn sicht wie foar Sikke. Sikke wie slim siik en dochs komt de ein noch altyd unferwachts. (Foto: LC)
Sikke wie in bekende namme yn de keatswrâld. Sikke waard berne op 17 april 1941 en wenne syn hiele libben yn Frjentsjer. It keatsen waard de jonge Sikke mei de brijleppel yn jûn. Heit Taeke sloech foarbest op yn it bestjoer fan Jan Bogtstra en Sikke learde it keatsen op it Sjûkelân wêr’t siliger Cees Roersma en âld-earsteklasser Jan Jellema de jonges ûnderrjocht joechen yn it spultsje.
Sikke wie noch mar fyftjin doe’t hy yn 1956 mei neef Piet Sikkema en Jan Seerden de sa ferneamde Freule partij winne soe. It soe it begjin wêze fan it moaie keatskarrière. 1960 keatste hy syn earste PC. Mei Sikke Bouwma fan Frjentsjer en Sake Faber fan Berltsum liet hy daliks sjen dat hy in fin mear hie as in bears. Se keatsten tsjin it sterke partoer fan Rinnie Kuiper, Albert Rina en Foppe de Vries. De lêsten wienen favoryt mar soenen net droech oer de sleat komme. Sikke hie it each goed op de snelle ballen fan mei name Rinnie Kuiper en nei spul gelyk wûnen se de partij op 5-3 en 6-4. Yn de heale finale tsjin it letter winnende partoer fan Jan Sijtsma, Jehannes Zijlstra en Dicky van der Zee wienen der genôch kânsen mar op 5-5 en 6-6 wie de winst dochs foar partoer Jan Sijtsma.
Yn 1964 wie it partoer fan Rienk de Groot, Sjoerd Heeringa en Johan Halbesma in brêge te fier. De preemje dus foar Sikke mei Gerrit Okkinga en Klaas Cuperus. Yn 1967 mei deselfde maten noch in lytse preemje en yn 1969 wie der dan de hage mei Johan van Seijst en Jehannes Westra. Yn 1972 hie it ek noch in kear kinnen mar doe ferlear Sikke mei Hein Zijlstra en Flip Soolsma op 5-5 en 6-6 de finale fan Piet de Jong, Bert Rinia en André Roosenburg.
It wie net allinne de PC wêr’t Sikke aardich út de fuotten koe. Ek op de ferneamde bûnspartij keatste hy him mei ôfdieling Jan Bogtstra gauris yn ‘e prizen. Yn 1964 wie der in preemje en yn 1966 in lytse preemje. It grutte wurk waard dien yn 1968 en yn 1974. Beide kearen mei Johan van Seijst as opslagger en Piet de Groot en André Roosenburg as efterynsen.
Sikke Sikkema keatste fan 1960 oant 1974 en stie 81 kear yn in finale werfan hy er 43 wist te winnen. Boppedat kaam hy noch mei 49 lytse preemjes thús. Alles goed foar 254 punten. As foarynse pakte Sikke ek noch keningsprizen yn Boalsert (1960), Wytmarsum (1964), Penjum (1965), Holwert (1967) en Marsum (1967).
Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie