Emile Leonard Vogels 1951-2021

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juni 8, 2021 10:26

Emile Leonard Vogels 1951-2021

Ut it libben weiskourd! Ynienen is it oer! Net te leauwen!

It binne de teksten fan de rou advertinsjes dy’t ik fan’e moarn yn’e krante foarby kommen seach. Hast twa siden fol met rou beklag oer it hommels ferstjerren fan Emile Leonard Vogels noch mar 69 jier âld. Vogels stie noch folop yn it libben. Wie boer yn ieren en sinen, wie polityk belutsen, stie midden yn de mienskip en wie noch lang net klear mei syn libben. Dan op de 4de juny 2021 is it ynienen foarby.

Ik tink werom oan de tiid dat ik Emile foar it earst foarby kaam. It moat op de Barradielpartij foar skoaljonges west hawwe yn Tsjummearum. Ik keatste foar de iepenbierre skoalle fan Seisbjirrum en Emile wie ien fan de jonges fan Tsjummearum. Heit Vogels stie efter it perk en wie de driuwende kreft efter it partoer. Foar ús wie Tsjummearum in brêge te fier.

Letter sil ik Emile noch faak tsjin komme op it keatsfjild. Earst as foarsitter fan VVV Tsjummearum en leter as HB-lid. 16 jier lang wie Emile Vogels foarsitter fan syn Tsjummearum. Hy liede de feriening mei hert en siel. Ek de federaasje Barradiel hie syn hert. Fan 1986 oant 1998 wie hy foarsitter. Boppedat stie hy der foar! Sa en net oars! Je koenen it der mei iens wêze as net mar Emile fierde wol út hoe’t hy it yn it kopke hie.

Letter waard hy HB-lid fan it keatsbûn. Dat wie yn 1998 nei in roerige jûn op de Algemiene Gearkomt fan novimber 1997. Op dizze gearkomst liet foarsitter Jehannes Westra it keatskabinet falle doe’t it efkes net by de foarman fan it bûn yn de ploai foel. De fergadering wie ferbjustere mar Emile Vogels pakte daliks de mikrofoan en yn ‘e mande mei ûnder oaren Auke Swart fan Seisbjirrum en Geert Faber fan Minnertsgea waard it HB wer op it pluche setten. It wie de oanset foar Westra om Vogels te fregen om sit te nimmen yn it Haadbestjoer fan de KNKB. Yn april 1998 wie it safier. Jierrenlang wie Vogels in driuwende kreft yn it haadbesjoer. Hy stie foar de saak dy’t hy leaf hie. Doe’t hy it HB ferliet fielde dat as in grut gemis.

It gemis fan dizze warbere freon is mei gjin pinne te beskriuwen! Yn syn 70ste libbensjier waard hy troch in swier ûngelok út it libben weiskourd. (Foto: LC).

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juni 8, 2021 10:26
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Ate de Jong

    Ate de Jong

    De PC wit dy dan grif te finen Sjoerd!

    View Article
  • Ate de Jong

    Ate de Jong

    Ids wit jim grif te finen!

    View Article
  • Sjoerd Hofstee

    Sjoerd Hofstee

    Prachtig idee Ate! As dit plan wurkelikheid wurde kin en 'moat', mei de PC ús yn Reduzum wol benaderje. Wy…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel