Kaatsen is voor mij altyd een feestje weest

Jan Braaksma
By Jan Braaksma november 28, 2021 10:58

Kaatsen is voor mij altyd een feestje weest

Yn Harns oan de Vierkantsdyk sko ik oan by de famylje Van Dijk fan Harns. Om presys te wêzen by de soannen fan âld-keatskening Jan van Dijk dy’t dochs efkes dik 195 punten by elkoar slein hat. Jan van Dijk waard berne yn 1909 en keatste fan 1931 oant 1946. Jan van Dijk wie in echte Harnzer en koe him sawol op it fjild as bûten it fjild aardich rêde. Yn dy tiid tilde it op fan goeie keatsers yn de havenstêd. It wie ek de tiid fan Taede Zijlstra en as ik de jonges fan Jan leauwe mei dan koe harren heit it poerbêst fine mei Taede. Beide koenen se goed foarbêst opslaan en beide mochten ek graach efkes ien priuwe. Dat waarden der faak wol in pear mear. Simon, no de âldste mei 86 jier, hat syn heit noch keatsen sjoen en kin der smout oer fertelle. “Se konden der wat met jong. Een halve liter jenever ging der in as slappe thee. En dan merkten je niet eens dat se wat dronken hadden. Kiek, Jetse Pascal syn vader Arjen weunde hier oek en die wilde wel graach met Taede een kear kaatse. Dat kon wel mar dan moest hy in het foar wel in liter jenever voor Taede met nimme. Dat waar doe su. Der binne yn die tiid oek heel wat partijen ferkocht. As pa der wat aan ferdiene kon dan liet hij dat niet na. Het selfde deed Taede fansels. Die het oek de wereld aan partijen ferkocht. Mar ja dy man hat oek een groot gezin en der moest oek eten op tafel komme. Maar der waren wel meer dy’t partijen verkochten. Der kaam dan oek welris slaanderij uit voort fansels. Dat wu hier wel yn Harlingen.”

Simon koe geweldich keatse mar net mei de hurde bal. Fiif kear wûn hy it keatsen op de Lanen. Sjoch, dan binne je ien fansels. Mei broer Wiebe stie hy ek in kear op de Lanen te keatsen. “Wij konden niet verlieze, seit Simon, mar die gek hat veul te veul drank op. De jenever stond op het beeld van Walle Geertsje. Kin der nog duvels om worde!”

De bruorren Bennie (fan 1941) en Wiebe (fan 1947) kinne der smaaklik om laitsje. Bennie koe der ek wol wat fan. Hy hie mear mei de hurde bal en stie sels yn 1960 yn de finale fan de PC. Mei Hotze Schuil en Wijtse Vlietstra hie hy in baas partoer mar nei twa spul gelyk wie de sneed der wat út en de winst gong nei Jan Sijtsma, Jehannes Zijlstra en Dirk van der Zee. “Geeft die Lange op 5-4 en 6-6 een oaljekoek aan Johannes Zijlstra. Ik waar woest! ‘Wat het hij dij geven’, zei ik teugen die Lange! ‘Kin gebeure’, zei Hotze! Ik geloofde der gien bliksem van. Denk nog vaak dat die partij ferkocht is!”

“Kiek Simon en Wiebe konden veul beter met de zachte bal kaatse as ik. Maar ik hew wel ien kear de Lanen wonnen. Ik waar oek meer een van het feest. Ik hef avonturen beleefd met Jappie Klazinga en Heero Bultje. Vooral Bulle die kon der wat van. Altyd feest. In 1964 waarden de Olympische Speulen yn Tokio. As wy dan kaatsten en Bulle sloeg een boven dat rende hij over het veld en mar roepe Tokio! Pracht man. Met een groep naar Ried. Naar de kroeg van Piet Groen. Dat waar morgens al voor het kaatsen. De kroeg waar dan noch niet open. Bulle vroeg en kreeg dan de sleutel van Piet en wij de kroeg in. Bulle bepaalde dan oek wie wel en niet in de kroeg komme mocht. Waren allemaal Harlingers vanzelf. Moesten daarna nog wel kaatse vanzelf. Bulle mocht der avonds vaak thús oek niet meer in. Ging hij met Jappie Klazinga mee naar huus…die weunde toen oek al alleen.”

Bennie koe as jonge in aardich baltsje slaan. Mei Johnny Ligthart en Rinnie Brandsma wûnen se by de jonges gauris in priis en ek wol de krânse. Sels de Freule wie foar harren. Pieter Helfrich wie doe de ôffurdiger fan Harns. “Op in kear regende it en it waaide su hard dat de krans ons van de hals waaide. Hij hing al een tiid op half vijf. ‘Weg met dat ding’, zeiden wij. Pieter kwaad op ons. Die krans moest en sou met naar huus.”

Hjir kin de jongste, Wiebe, ek wol oer meiprate. Wiebe koe om de bliksem wol keatse, sjoen de winst op de Jong Nederlân yn 1965. Mar Wiebe hie doe al mear each foar it feest by it keatsen.

Wiebe keatste ek in kear op de Freule foar Harns. It tafal woe dat hy doe al each hie foar de famkes en mear as dat. Dat siet der jong yn by ús freon. Wiebe rekke efkes mei it famke ‘yn petear’ en tocht net mear oan it keatsen. “Ik waard al omroepen dat ik direct komme moest. Jelmer van der Hoek, onze leider, woest fansels mar ik sach de lol der wel fan in. Een mooie dame wat wist dan noch mear. Weet wel dat ik mooi op ‘e tiid waar.”

“Ik weet het niet seker maar ik hew mij in kear voor de PC opgeven. Ik meen met Gerrit Tempel en Jurjen Ladenius. Jud en ik konden geweldig. Wij binne toen niet aannommen. Ik mocht graag met Jud kaatse. Wij suden in kear kaatse vrije formaasje in Dronryp of Jorwert, daar wil ik van af weze. Anton Sikkema kon niet en toen ging Doede de Jager met. Die kwam van Oosterend. Doede sloeg allemaal van die hoge krengen en nooit een derút! Snapst wel wie koning waard..just ja..Doede de Jager.

“In de tweede klasse kaatste ik met Willem Hiemstra en Piet Schuil en een partij met Hein van der Zee. Wij wonnen twee keer en Willem wu wel met mij kaatse. Maar jonge, se waren mij veul te serieus. Dat waar niks voor mij. Ik wu met Jappie Strúnder so nu en dan even sitte. Potsje bier hier en potsje bier daar en miskien oek nog wat anders. Voor mij was kaatsen een feestje en dat is het nog steeds. Daarom kon ik op de Lanen oek se goed út de voeten. Acht keer hew ik de priis daar haald. As ik het met kaatsen niet winne kon, dan prate ik myn teugenstander der wel ôf. Machtig, machtig mooi! Ik hew su feul avonturen beleefd, kin der wel een boek over skriwe. Na het kaatsen kwam het zingen, oek een geweldige tiid. As der mot waar…je stonden nooit alleen. Dat zooitsje bij de tint waar der altyd om dy te helpen. Hoe dronken se oek waren, as it op knokken aan kwam waarden der gien betere maten.”

Jan Braaksma
By Jan Braaksma november 28, 2021 10:58
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Liefhebber

    Liefhebber

    15 partoer, it is net best foar Jacob Klaver. Kost een protte tiid foar de club en dan mar een…

    View Article
  • Sjoerd Hofstee

    Sjoerd Hofstee

    Wat niisskjirrich om te lêzen dat ik in tik mei de mûlpûde hawn ha soe. Jan, do en alle oare…

    View Article
  • Hh

    Hh

    Moai stikje Jan , stiet 1 flaterke yn ûs heit Roel Hoekstra is berne yn 1922 dus wie hy 41…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel