Kweapraat 6

Jan Braaksma
By Jan Braaksma augustus 16, 2021 11:54

Kweapraat 6

Krekt werom út Kimswert tocht ik werom oan it petear dat ik noch hie foardat ik yn de auto stapte. Wêr’t it oer gong? No, fansels oer de geroften dy’t oer it keatsfjild fan Kimswert gongen en wêryn’t Tjisse Steenstra ien fan de haadrolspilers is (of wie). It nijs giet bytiden sa fluch, dus it kin samar wer oars wêze as dit stikje straks by kaatsen.nl op it skerm komt. Wat is it gefal: No fansels it spul fan de formaasje fan Tjisse Steenstra, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar. Foarôf geand oan it seizoen it te kloppen partoer! Mar nei de winst yn Stiens en Minnertsgea heakket al wiken by dizze tenoaren.

Op de PC wie der dan noch wol in lytse preemje, mar dat wie mar in doekje foar it blieden! Dêrfoar wie dizze formaasje net gearstald. Tjisse wie ommers it ûntbrekkende stikje út de puzzel. Mar hoe oars soe it rinne! Tjisse is Tjisse net mear en útsein Minnertsgea hat hy ek hast neat klear spile. Dat wurket troch nei beide oare mannen. De glâns is der ôf! Dat waard snein yn Kimswert mar wer ris dúdlik. Yn de partij tsjin de PC-winners Gert-Anne van der Bos en dy sloech Tjisse Steenstra 22 kear op. Die dat fertuten? No, nee! 9 kear miste hy de krite en 8 kear krige hy in boppeslach fan Taeke Triemstra om ‘e earen. Ien kear sloech Erwin Zijlstra boppe. Tjisse pleatste trije sitballen en 1 kear sloech Taeke in bal fan Tjisse kwea. Dêrmei winne je net de oarloch!

Dêrom is it ek net frjemd dat Tjisse it takom jier oars besykje wol. Tjisse wol wer in dûbelfunksje.  Der waard ek noch sein dat André Tolsma, hikke en tein yn de wrâld dy’t keatsen hjit,  Tjisse grien ljocht jûn hie om de kneppel yn it hinnehok te smiten. Dizze wike hie hy Dylan Drent al skille oft hy efterynse wurde koe by Dylan en Marten. Dat soe dan ten koste gean fan sweager Hendrik Kootstra. Dat liket my net leuk waard der sein. Nim bygelyks de jierdei feestjes, hiel gesellich. Mar yn sport kin in soad. Mar goed, it is net fan de grûn kommen.

It partoer fan Marten Bergsma sil ek yn 2022 yn deselde gearstalling keatse en dat jildt ek foar de PC-winners Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra. Foar Tjisse bliuwe der dan noch mar in pear opsjes oer fansels. Bliuwe by Hiemstra en Wassenaar of dochs oanbelje by Van der Schoot en Van Zwieten.  It soe sels noch kinne dat Hiemstra en Wassenaar har âlde maat Menno van Zwieten wer binnen helje en Earst wie van Zwieten net goed genôch, mar hy hat dit seizoen grutte stappen makke en sa’t ik al sei: Yn sport kin alles! Soe samar kinne dat dizze wike de knoop troch hakke wurdt.  En as it sá gean soe, dan soe  Tjisse wol yn in hiel aparte sitewaasje telâne komme.

Fierder wie der gjin nijs yn Kimswert. It spul wie net om oan te sjen mar it waar wie wol moai. Hawwe je dochs wat!

Kom ik ek noch efkes werom op de 119de Freule Partij, mei Tsjom as ferrassende winner. Dat is moai foar Tsjom en de keatsers mar fierder wie it in Freule wêr’t mar in bytsje fan hingjen bleaun is. Fan de 34 partijen wienen allinne de heale finale en de finale dy’t je langer as in dei by bliuwe. Boalsert mei in hast kompleet partoer ferlear hiel ûngelokkich fan Tsjom, troch in kweaslach fan Yomar Elzinga. Dat is sneu, hiel sneu, want Boalsert wie ek in moaie winner west. Ja en dan dy finale tusken Tsjom en Jellum-Bears. Of je kinne ek sizze in striid tusken de doarpen Goutum, Hylaard en Jellum en it doarp Tsjom. Ik sels bine tsjin it ienlingen belied fan de bond.

De Freule is ea yn it libben rôppen as de striid tusken doarp en stêd. Ek it oprekken fan de leaftiidsgrins hie net myn kar west. Sjoch nei Jelmer Miedema en in keatser fan bygelyks Hommerts. Dan binne de ferskillen toch fiersten te grut. Mar goed, Tsjom wûn en dat wie benammen de fertsjinste fan Steven Koster. Hy die woansdei alles goed en hie it gelok dat net ien opslagger gebrûk makke fan it foarperk fan Tsjom. Koster nam wol tsien oant 13 meter perk en stie syn efterynse hast yn ‘e bûse. Mar hy koe dochs noch hiel faak boppe slaan. De platte pripper haw ik net of amper sjoen. Is dochs noch altyd in geweldich wapen mar waard noait ynset. Sjoch as Harol de Boer op 5-4 en 6-4 beide hannen op ‘e boppe brûkt hie dan…ja dan hie de winst samar foar de Trije Doarpen (of toch de Twa Doarpen) wêze kinnen. Mar as is ferbaarnde turf!

 

Jan Braaksma
By Jan Braaksma augustus 16, 2021 11:54
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Liefhebber

    Liefhebber

    15 partoer, it is net best foar Jacob Klaver. Kost een protte tiid foar de club en dan mar een…

    View Article
  • Sjoerd Hofstee

    Sjoerd Hofstee

    Wat niisskjirrich om te lêzen dat ik in tik mei de mûlpûde hawn ha soe. Jan, do en alle oare…

    View Article
  • Hh

    Hh

    Moai stikje Jan , stiet 1 flaterke yn ûs heit Roel Hoekstra is berne yn 1922 dus wie hy 41…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel