Minder publyk by de PC: sneon sa’n 2.000 kaarten minder te keap
Gerelateerde Artikelen
De nije coronamaatregels hawwe ek ynfloed op it tal kaarten dat foar de kommende PC ferkocht wurde. De PC hat freedtejûn it beslút naam om twa tredde fan it oantal sitplakken te ferkeapjen: dat betsjut sa’n 2.000 sitplakken minder. Hoe’t it fierder mei de organisaasje komt is op dit stuit noch net dúdlik.
De PC stiet foar woansdei 4 augustus op it programma. PC-foarsitter Ids Hellinga: “Wy hawwe ús no earst rjochte op de foarferkeap fan de kaarten. En dy begjint op sneon 10 july om 10.00 oere. Minsken moatte der dus rap by wêze. De rest fan de organisaasje is útfiering, ek de fraach: wat is krekt akkommodaasje. Dêr sille wy kommende wike fierder oer prate.”
Hoareka noch ûnwis
De PC woe dit jier mei testen oan de yngong folle bak publyk draaie. Ek soe it terrein fan de PC mei in stik fan de Voorstraat en de Vijverstraat útwreide wurde. Dêr soe plak komme foar ferskate hoareka-ûndernimmers út Frjentsjer.
Hellinga hat op dit stuit noch gjin idee oft dat no trochgean kin. Der hat al koart oerlis west mei boargemaster Waanders fan Waadhoeke, mar besluten binne der op dat punt noch net naam. Hellinga: “Dat komt yn de kommende wiken.” (Bron: Omrop Fryslân).
Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie