Keatsferiening Harns seit organisaasje haadklassepartij ôf. Stiens nimt it oer!

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juni 27, 2021 11:15

Keatsferiening Harns seit organisaasje haadklassepartij ôf. Stiens nimt it oer!

Keatsferiening Eendracht fan Harns hat de tradisjonele haadklassepartij foar manlju ôfsein. De partij stie foar snein 4 july op it programma yn Harns, mar wurdt no op deselde dei spile yn Stiens.

By de Harnzer keatsferiening is noch amper in bestjoer. De organisaasje komt foar it grutste part del op ien of twa persoanen en dat is net te dwaan. Boppedat spylje coronamaatregels en finânsjes ek in rol.

It Harnzer bestjoerslid Douwe Broersma hat úteinlik it beslút naam de haadklassepartij te skrassen. “Daar zit ik erg mee, maar ik had geen andere keus”, sa seit hy. Yn de takomst hopet de keatsferiening de partij wol wer organisearje te kinnen. Eartiids hie Harns twa haadklassepartijen. De woansdeipartij is al sûnt jierren fan de aginda.

Stiens nimt it oer

It keatsbûn KNKB is op syk gien nei in feriening dy’t de partij fan Harns oernimme woe. Keatsferiening De Boer út Stiens sil de organisaasje no op har nimme.

Yn Stiens stie oarspronklik op snein 13 juny in haadklassepartij op it programma. Dy is fanwege corona net trochgien. Dat Stiens de partij oernimt, is in opluchting foar Broersma. “Ik heb er nog net niet slapeloze nachten van gehad, maar ik ben blij dat de partij toch gekaatst kan worden.” (Bron: Omrop Fryslân).

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juni 27, 2021 11:15
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Aha

    Aha

    Rare vergelijking. Kaatsen is een teamsport. Als bij voetbal bijvoorbeeld een speler in de WKfinale uitvalt wordt hij toch wereldkampioen.…

    View Article
  • Leendert van Wieren

    Leendert van Wieren

    Hallo Jan Toch even een reactie op Kweapraat 20. Ondergetekende vertelde bij de prijsuitreiking in Marsum, dat Teake er weer…

    View Article
  • Wuboma

    Wuboma

    As in sporter net de einstreap hellet, dan kin hy dochs ek net winne? In hurddraver dy't fier foarleit, mar…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel