Ledetal keatsbûn berikt histoarysk djiptepunt
Related Articles
Nei in dreech jier falt de finansjele skea by keatsbûn KNKB noch ta, mar de soargen oer it tal leden binne wol grut. It ledetal is sakke ûnder de 10.000 en dat is in djiptepunt yn de skiednis fan it bûn.
Dat makke de KNKB bekend yn de Algemiene Ledegearkomste, dy’t foar it earst yn de eigen skiednis digitaal holden waard. De 41 ferieningen dy’t ynskeakelen by dy gearkomste krigen as goed nijs te hearren dat it bûn foarich jier mei in posityf saldo fan 1.700 euro einige is.
In stik minder giet it dus mei it tal leden. Bûnsdirekteur Marco Hoekstra makket him dêr grutte soargen oer. “Hielendal ast sjochst wêr’t we weikomme, dan moat der wol wat gebeure. We sette hiel bot yn op breedtesport. Ferieningen dy’t wat minder ambysje ha en gjin haadklassepartij organisearje wolle we der hiel graach by ha.”
De wylde wedstriden binne populêr en der wurdt omraak keatst, mar de ferbining mei de KNKB is der net. Dat moat oars.
“Dy breedtesport, mei federaasjewedstriden, regiowedstriden en ek wylde wedstriden, dy moatte ek ûnder de flagge fan de KNKB organisearre wurde”, fynt Hoekstra. “Fan dêrút kinne dy wedstriden wer de oansluting by de KNKB fine.”
Benammen by de ferieningen dy’t dy wylde partijen organisearje, is noch wol wat te heljen. “Dy wedstriden binne populêr en der wurdt omraak keatst. Mar de ferbining mei de KNKB is der net en dat soe eins al sa wêze moatte.”
Reduzum en Easterlittens pleitsje foar rûlaasjesysteem mei haadklassepartijen
Ferieningen dy’t graach in haadklassepartij organisearje wolle, binne der wol. Foarich jier ha Reduzum en Easterlittens dat dien. Gewoanwei wurdt dêr net yn de haadklasse keatst, mar de beide ferieningen follen mei dy wedstriden gatten op yn de aginda.
No freegje dy twa ferieningen oft se net faker in haadklassepartij yn har doarpen hâlde kinne, mooglik fia in rûlaasjesysteem. Sjoerd Hofstee fan de Redúster keatsferiening Jan Reitsma tinkt dat de hiele keatssport dêrfan profitearje soe. “De manljushaadklasse is it úthingboerd fan de sport. Dat jout in stimulâns oan ferieningen. Dêrom is it goed foar de sport yn de hiele breedte.”
Hoekstra begrypt dy winsk goed: “It jout in boost oan dy ferieningen. Mar it is ek dreech, want de kalinder sit fol. Dat is tradisjoneel sa bepaald. Mar de haadklassepartij fan Snits is oergien nei de federaasje en dy wurdt no alle jierren op in oar plak organisearre. Dat soe miskien yn dit gefal ek kinne.”
Op de ledegearkomste waard Wigle Sinnema opnij beneamd as foarsitter. Earder liet er witte dat er ophâlde soe, mar op de gearkomste die bliken dat er dochs wer beskikber wie.
“Ik bin no seis jier foarsitter. Foar myn gefoel is de saak op oarder”, seit Sinnema. “Doe hienen wy it yn it bestjoer deroer dat we fierder sjen moasten. En doe tocht ik: ik ha der eins gjin nocht mear oan om dit noch trije jier te dwaan. Benammen net omdat we dan in soad nije dingen optuge moatte. Dêr bin ik dan ek net it type foar.”
De KNKB wie hiel ticht by in nije foarsitter, mar dat kaam der úteinik net fan. En doe hat Sinnema dochs besletten om troch te gean: “Sadree’t der in oare kandidaat is, dan freegje wy dy om mei ús op te arbeidzjen oant de folgjende algemiene ledegearkomste. Dan ha we dan de wikseling fan de wacht.”
Earst noch gjin keatsen
Keatst wurdt der foarearst net yn wedstriidferbân. Dat kin noch net mei de besteande coronamaatregels. En direkteur Hoekstra doart gjin datum te neamen wêrop’t der keatst wurde kin. “Wisten we it mar. Mar wy binne der klear foar.”
(Bron: Omrop Fryslan).
Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.
Write a comment