Kweapraat 2

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma juli 19, 2020 21:35

Kweapraat 2

‘Goeie mannen, noch wat flecht op ‘e koai hân?

Sake, brek my de bek net iepen. As je yn dizze tiid libje dan giet der gjin dei, gjin oere, foarby of je falle hast fan je stoel. Nim no tiisdeitejûn. Doe wie der ommers in byienkomst wêryn’t  de bond, sis mar Wigle, ferienings it hôf meitsje moast om noch wat fan it ferlerne keatsjier te meitsjen. Wol wat oan de lette kant fansels want yn maart seach in blyn hynder wol dat it mei de sport op ‘e kop ferkeard komme soe en dat it keatsen dêr ek it nedige fan mei krije soe. Blykber sieten de gerdinen ticht by hja dy’t noch altyd miene der doel oer te hawwen. Want as it keatswetter je hast boppe de holle stiet dan jouwe jo as organisaasje je direkteur net frij ôf. Fakânsje wol, of fakânsje net: Marco syn plak is it bûnskantoor. Hy wurdt der hiel goed foar betelle en dan bliuwe je  yn tiden fan krisis op de basis. Dat dan ek noch HB-lid Durk Kuperus der tusken út knypt lit de amer oerrinne. (Cartoon: Peter Vassilev).

Dat fan Durk snap ik noch in bytsje…Je binne mar frijwilliger en Durk hat fêst noch neitocht oer de ofrûne AV…Mar dat fan Marco Hoekstra is in dikke blunder fan it hjoeddeistige HB mei Wigle Sinnema as foarman. No liet Wigle ús leauwe dat it KNKB-stjoer by him yn goeie hannen is. Ik miende te sjen dat syn gesicht oare taal spruts. Wigle is it paad kwyt…Wa’t dat net sjocht is ek in blyn hynder. Dan mar roppe dat hy bytiden wat rebels is…

Dus dat domme praat dat de ferienings kapot gean soenen oan it wiidweidige corona protokol moatte wy der dan mar ûnderskowe? Dan is it seker ek net sa bedoeld dat Geert van Tuinen en ik sei de gek net by de gearkomste fan tiisdei komme mochten. Mei as ferhaal dat it miskien ferkeard falle soe by de gemeente amtners dy’t foech hawwe yn it corona belied. Der binne hurde wurden oer fallen. Ik sels haw daliks kontakt socht met frou Nieuwland fan de Waadhoeke. Wy hawwe tegearre efkes noflik praat.  Corona sus en corona sa. Neat gjin ‘terughoudenheid’ fan har. Wigle moat gewoan it goeie ferhaal fertelle en gewoan fertelle dat it troch de bond net sa handich ôfhandele is. En de skuld net by de jonges lizze dy’t allinne mar dat dogge wêr’t hja foar stean. Iepenheid en der foar stean en je net alles oan leune litte omdat dat de foarman fan de bond  better útkomt.

As ik werom sjoch nei tiisdei dan moat ik sizze dat de hânrikking fan de bond noch altyd marginaal is. Sjoch, as de grutte ferienings de kont der útlûke wurdt de ferantwurdelikheid fan it trochgean fan wedstriden no dellein by de lytse ferienings. Dat is foar harren nij omdat je ommers altyd oer de holle sjoen binne. No, as de foarman fan de bond it no sa graach wol, dan ferwachtsje de ferienings ek wat fan de bond. Wat hat de bond harren te bieden. Praatjes vullen geen gaatjes. Want Wigle wol it altyd ôfdwaan fan: Komt wol goed. Wy binne der om jim te helpen. Ja, mar wat docht de bond dan wurdt der frege!

Regelje jim de karmasters! Hoe sit it mei it protokol fan de Corona! Hoe sit it mei it prizejild! Gean samar troch…Ik haw net folle heard fan Wigle! De bond soe in hiele klapper meitsje as se de boer op gongen om foar de lytse ferienings de karmasters te regeljen. Dy ferienings in lytse fergoeding te jaan en by te springen oangeande de prizen. Der is noch genôch jild yn kas. En dit binne útsunderlike tiden! Lit sjen Wigle datst ballen hast. Net dwaan as ofst der ferstân fan hast en dat dit in ‘niemanddalletje’ is. Want it is krisis yn keatslân. Nim dat mar fan my oan.

Der binne sels minsken dy’t har ôffreegje  oft dit HB wol troch gean kin mei wêr’t se mei dwaande binne! Tink net dat keatsend Fryslan net oan it neitinken is. Kin dit sa troch gean. Noch net sa lang lyn binne der wer twa nije HB-leden ta treden ta de ploech fan sân. Njoggen fan de tsien leafhawwers hat en hie noch nea heard fan beide froulju. Se sille grif har stjonkende bêst dwaan wolle,  mar dizze tiid hat oare minsken nedich. Net allinne mar skoalmasters en oar folk dat it mei de pinne fertsjinnet.

Der binne hiele kapabele minsken dy’t in fin mear hawwe as in in bears en graach yn it HB stipe jaan wolle mar noait de kâns krije omdat it hjoeddeistige HB allinne mar selektearret op freonskip. It moat foaral gesellich wêze en bliuwe! Lekker mei elkoar út iten bygelyks. No dêr winne je de oarloch net mei. Mar it giet dizze klup fan fiif foaral om it feit dat de bond de bond net mear is. Oarstinkende minsken wurde oan de kant set of  wurde negeart. Sis net dat it net sa is want it is gewoan sa.

Ik haw Wigle noch net sizzen heard dat as bygelyks in feriening him om net jildende regels werom lûkt foar in partij, hy dan de kommende trije jier gjin partij mear krije sil. Ferienings dy’t gjin feesttinte hawwe kinne, moatte gewoan har partij oarganisearje. Wat sille wy no belibje. Hâldt op mei dat pamperjen. Lit mar ris de tosken sjen. Dat gelul fan wy komme elkoar moarn ek wer tsjin slacht nearne mear op. Ien freon mear as minder dêr sjoch ik net op. As je yn it HB sitte moatte je stride foar it Fryske keatsen. Dan litte je as HB-lid je gesicht sjen yn Sweins of Sint Anne. It HB fan Jehannes Westra wist wol hoe dat moast. Gewoan fiif of seis partijen efkes del. De minsken serieus nimme en net allinne mar oanwêzich wêze foar de bühne.

Ta beslút ek noch in pear wurden oer de keatserij. LKC Sonnenborgh hie it poerbêst foar elkoar. De goed 500 leafhawwers hawwe dik har gerak krigen. Soe moai wêze as by de gearstalling fan de list dêr ek noch ris kritysk nei sjoen wurde soe. De tekst ‘10 partuur vrije formatie beperkt’ slacht nearne op. Wat is der dan beperkt. Moat der keatst wurde mei ien hân of in houten poat ofsa! Net wer dwaan dus. Ek dat de kening de wikselpriis oanbean hat giet my wat te fier. Dy eare moat de doetiidse keninginne mar hawwe.

Sake oant in oare kear.

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma juli 19, 2020 21:35
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel