Kweapraat (2026) 20
Gerelateerde Artikelen
Hjoed de lêste wedstriid fan it seizoen 2026 foar de froulju haadklasse. No, dermei is alles al sein want de lêste partij fan dit kalinderjier hie mear fan de begraffenis fan Omke Wopke. Niks wie der mear oer fan wat ea de ferneamde Aldehoupartij wie mei prachtige prizen sawol foar de manlju as de froulju. Nee, der wie neat mis mei. Sponsor Oranjewâld betelle altyd alles foar sawol foar de manlju as de froulju dus it mocht wat kostte. Mar foar de froulju is ‘over en uit’. LKC Sonnenorgh hie al in oantal jierren te kampen mei in list dy’t hast net fol te krije wie.
In diel fan de saneamde haadklasse froulju ferdomde it gewoan om harren noch foar Marsum en Ljouwert op te jaan en dat wie no foar de Ljouwerter keatsklub foldwaande om no de stekker út dizze partij te lûken. Sneu foar de froulju dy’t der altyd binne mar de goeie moat altyd belies jaan as de oare froulju dy’t oan de ein fan it seizoen it keatsen op it twadde plak sette. Dat is altyd al sa west mar dit kear wie it mear as te folle. Fan de 48 beskikbere froulju hienen harren mar 23 oanjûn foar dizze partij. Minder as de helft dus. Mar dat is it net allinne. Der binne dan wol 16 partoeren opjûn foar de ranking wedstriden mar heechút fjouwer partoer binne haadklasseweardich. Der kinne op de Frouljus-PC dan wol kloften minsken op ôfkomme mar mei kwaliteit hat it neat te krijen. De kalt spat je dochs fan de tosken as je sjogge nei dat hantsje fol dat hjoed yn Ljouwert op de wedstriid ôfkommen wie. Ik tink in man-frou fan krapoan heechút 50.
Der moat dan sa’n partij foar op poaten set wurde. Kantine besetting fan moarns tsien oere ôf. Karmasters, blokjerinners alles moat yn it spier foar wat…ja foar wat. It frouljus keatsten is op stjerren nei dea. Sjoch nei de wedstriidkalinder…sjoch nei it handeljen fan de bond. Yn de heechsimmer fan it keatsen twa wiekeinen frij jaan. Hoe betinke je it….hawwe de froulju der om frege. Nee, de measte froulju wolle yn de heechsimmer folop keatse en dan moatte se it no dwaan mei sa’n 24 wedstriden. De wedstriidkalinder rint hurder leech as in ammer mei wetter. Wat je altyd hearre is…der wurdt sein dit en der wurdt sein dat mar wa bepaald dat.
Sjoch as je net helder mear binne en Corrie Kroondijk op de list sette dan meie je ek net folle mear ferwachtste fan in bond wêr’t no ien kear gjin ien minske mear doel hat oer it spultsje. Je hearre de gekste ferhalen as je wat faker oan de kant fan it frouljuskeatsen sitte. Yn Weidum foel Anouk Smink út en waard ferfongen troch Corrie Kroondijk. Dat mocht mar wat spile der doe mear…der waard tocht om Corrie yn de twadde omloop te ferfangen troch Marrit Zeinstra. Gelokkich wie der noch ien dy’t noch in bytsje kennis fan saken hie. It rint de spuigotten út en it frouljuskeatsen kin it net mear behape. Noch efkes, pak’em beet twa trije jier dat kin der in kras troch. It gros fan de haadklassers wolle graach keatse mar der is te folle oars. De kalinders fan oare sporten binne no al it keatsen de baas. Mar ja, Coos-en-dy dy witte it wol. Hoe soenen se dit no wol witte en boppedat hawwe se fansels ek gjin tiid om der mar oer nei te tinken….se hawwe it fierstente drok mei it sykjen nei de 174.800 euro. Mar ea sille se mei de billen bleat moatte…mei Coos foarop.
Oant in oare kear!








Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie