Kweapraat 2026 (5)

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma mei 31, 2026 18:39

Kweapraat 2026 (5)

Juster waard der om raak keatst by kv Warber Bliuwe en snein wie ik te gast op it Sjûkelân. Om mar mei de partij fan sneon út ein te setten. By de manlju wie net safolle mis. Partoer Menno van Zwieten sloech ek hjir wer foarbest op. De oare partoeren sille der de nedige skepkes boppe op dwaan moatte om net de hiele rit mei lege hannen kommen te stean. As de mannen Van Zwieten-en-dy sa keatsen bliuwe dan binne de krommels foar de oare njoggen partoeren. Mar it wienen net allinne de manlju dy’t yn Moarre foarbest opsloegen. Ek de froulju haadklasse en sels de froulju earste klasse mochten yn Moarre efkes in baltsje slaan. Mar dat wie it dan ek.

By de froulju haadklasse stienen wel geteld fjouwer..ja fjouwer partoer op de list. Skande sis ik dan. Dit hat neat mear te krijen mei keatsen op top nivo. De behelle punten kinne ek wer oer de hage smieten wurde omdat der yn 1996 ôfpraat is dat der altyd minmaal seis partoeren op de list stean moatte om mei telt te wurden yn it klassemint fan alle tiden. De wiisnoasen dy’t it no foar it sizzen hawwe sille dat wol wer net witte of it is of wie foar harren tiid doe’t soks spile. Ik hear it harren alwer sizzen. Mar it bliuwt fansels beskamsum dat in wedstriid met fjouwer skamele partoerkes oanmerkt wurde kin as de top fan it frouljuskeatsen. It is fansels om te janken.

Smiet de haadklasse en de earste klasse dochs by elkoar dan kinne je noch sprekke fan frouljuskeatsen op in bytsje nivo. Dit raast dochs oan de protters. Wer in signaal dat it net goed giet mei it Fryske keatsen. Gjin Keats mear, it jild dat noch altyd net boppe wetter is en no dit wer. De ôfbraak fan it moaie Fryske spultsje giet mar troch. Dan is der sa’n oetlul dy’t rôpt je moatte posityf wêze….o ja wer op dan. Ja, Tjisse keatst as in lieuw….mar fierder?

Ik freegje my dan ek ôf is der no net ien fan de leafhawwers dy’t wol doel oer it spultsje hat dy’t syn nekke útstekke wol? Of moatte wy leaf foar elkoar bliuwe omdat wy elkoar moarn miskien by bakker of slachter wer tsjin komme kinne. Mei wa hawwe hjoeddedei te dwaan. Yn Frjentsjer kamen se my ek wer op ‘e lije side. Fragen fan witte jo al mear en hja sizze it jild is wol útjûn oan it keatsen. No, der kin ik wat mei. Mei sokke opmerkings winne je de oarloch net. Ik wol iepenheid fan saken. Ferdomme it binne ek myn sinten CV út H. Ik seach CV út H. moandei tusken de leafhawwers stean…ik fyn dan hawwe je wol lef. Mei in glimke der sa stean….en dan te witten dat je de kluit oant besodemieterjen binne. Dan haw je wol dûbel fel foar de kop.

Yn Frjentsjer sloech Tjisse Steenstra foar mear as best op. Hij veegt, klopt en hij zuigt. Dat is Tjisse Steenstra. Snein op it Sjûkelân wie der mar ien dy’t der foar gong. Paul en René dienen dan wol mei mar 80% fan alles kaam út de hannen fan Tjisse. Op en út in klasse apart. Derom moast ik snein tinke oan de jierren 1925 en 1926. De tiid fan Klaas Kuiken, Taede Zijlstra en Ids Jousma. De Kuik keatste faak allinne tsjin trije oare keatsers. Hy wûn dan faak….mar fan wa? Ik tink dat Tjisse sa njonkenlytsen ek yn dy rige sit fan mannen as Jan Reitsma sr. Klaas, Taede en Ids. Noch net sa lang lyn sloech Jehannes Brandsma foar best op mar Tjisse Steenstra is ek in all-round keatser. Je kinne en maaie net appels mei parren fergelykje mar ik tink en ik bin der wol wis fan dat hy hielticht yn de beurt komt fan al dizze grutte nammen. Boppedat is hy noch net útkeatst. Wa wit wat der noch komt.

Oant in oare kear!        

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma mei 31, 2026 18:39
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel