Hendrik Gjaltema 1933-2021
Related Articles
Yn de adfertinsje yn de Ljouwerter krante stie: ‘Trije spul is út’. Better hie Hendrik Gjaltema net omskreaun wurde kinnen. Hendrik syn hiele libben stie yn it teken fan keatsen. As ik him tsjin kaam, dan gong it daliks oer it keatsen dat hy sa leaf hie. Hendrik wie in apart man yn dy sin dat syn miening meastal dûbel telde. As der 55+ keatsen wie, dan kaam hy faak efkes del. In pear wurden, de list, en dan sette hy wer op hûs ta.
Hendrik waard berne op 6 augustus 1933 yn Peins. Mar al rillegau kaam hy te set yn Skalsum. It wie ek it plak wêr’t it keatsen op ‘e buorren him te pakken krige. Hendrik wie der sljocht fan. Ien fan syn hichtepunten yn it keatsen wie wol de winst op de Freule Partij fan 1950. Net foar Skalsum mar oar Peins. Dêr keatsten doe ek Evert Faber en Pieter Boonstra. In knappe tredde maat wie noait wei fansels en sa kamen se út by Hendrik Gjaltema. It koe eins net want Hendrik wenne yn Skalsum. Mar goed, der waard in mouwe oan past en Hendrik ferhuze nei pake en beppe yn Peins en koe sa mei dwaan oan de Freule fan 1950. Hendrik is dan 17 jier âld. It ferhúzjen nei pake en beppe hat fertuten dien want de priis is dy dei foar Peins en Hendrik waard ek noch útroppen ta kening fan de dei en krige foar syn keningskip in sulveren dollar. Hendrik soe ek de lêste kening fan de Freule wêze want dêrnei is der nea wer in kening west. Hendrik wie der mar wat grutsk op. Hendrik wie in ridlike twaddeklasser en kaam geregeld mei in priis thús. Nei syn aktive keatserskarrière waard Hendrik yn 1966 skiedsrjochter by de KNKB. Tsien jier lang hat hy dat dien mar it lieden fan de PC wie in brêge te fier, wat hy o sa spitich fûn hat. Snein 15 augustus 2021 kaam der dochs noch hommels in ein oan it libben fan in markant man. Hendrik Gjaltema mocht 88 jier wurde! (Foto: Keatsmuseum).
Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.
Write a comment