Kweapraat 2023 (16)\

Jan Braaksma
By Jan Braaksma augustus 20, 2023 20:51

Kweapraat 2023 (16)\

Keatsers nimme wol ris in dei frij en dat dogge de leafhawwers fan it spultsje ek wol ris. Dat hat bytiden te krijen mei fakânsjes en saken dy’t je sels bytiden net yn’e han hawwe. Ik sels moat my sels wat yn acht nimme en hie Moarre bewust links lizze litten. Moarre is oars wol in plak wêr’t ik graach wêze mei. Se hawwe it altyd tige foar elkoar en de minsken fan keatsferiening Warber Bliuwe ite en drinke it keatsen. Se binne in foarbyld foar de hiele keatserij. Yn Moarre wie oan de ein fan de rit de priis foar it partoer fan Gert-Anne van der Bos-en-dy. Mei in útblinkende Erwin Zijlstra waard yn de finale wûn fan Tjisse Steenstra-en-dy en dat wie yn it foar net ferwachtte. Ik hearde fan freon Klaas dat it in knikker op’e kant west wie of it wie yn Moarre by ien omloop bleaun foar de oranje brigade.

Yn de earste partij fan de dei kaam de formaasje mei 5 om 4 en 6-4 efter tsjin partoer Remmelt Bouma, Allard Hoekstra en Evert Pieter Tolsma en dat nei tsien boppeslagen fan Taeke Triemstra en fjouwer fan maat Erwin Zijlstra. Mar it wie Gert-Anne mei syn opslach dy’t de partij noch oer de streek luts. Ik seach letter noch efkes yn myn argyf en doe seach ik dat sawol Gert-Anne as Taeke  yn Moarre hast net ferlieze kinne. Foar Gert-Anne wie it nei de earste winst yn 2007 al de njoggende winst yn Moarre. Maat Taeke kin der ek wat fan want de teller by Taeke stiet no op acht oerwinningen. Foar partoer Van der Bos wie de oerwinning yn Moarre in moaie opstekker nei it drama fan de ôfrûne PC. It wie net allegear goud wat der blonk want beide mannen rekken yn Moarre blesseert. Dat wie spitich foar beide mannen mar ek spitich foar de leafhawwer dy’t de besten graach keatsen sjogge. Mar der wienen mear dy’t net op’e list fan Kimswert stienen. Gabe-Jan van Popta en Pieter Jan Leijenaar bygelyks woenen neat misse fan it doarpsfeest fan Eksmoarre en lieten Kimswert wat it wie. Mar der wienen fansels mear tenoaren dy’t net op’e list fan de Helfrichs stienen. Dat fyn ik spitich. Der giet sa in soad ferlern.

It wie ek net geweldich wat de leafhawwer te sjen kriege. It nusje taskôgers moast it dwaan mei moai spul fan Steenstra en Wassenaar. Dat is fansels fierstente min. Ik tink dan werom oan de tiid dat der yn Kimswert noch keatst waard op it âlde keatstfjild. Doe stienen der kloften leafhawwers rûn om it fjild. Tiden hawwe tiden mar keatsferiening De Helfrichs hat wol in geweldige klets om’e earen kriegen de lêste jierren. De ‘grandeur’ fan de Jan Timmer partij is net mear. De fraach bliuwt dan altyd hoe lang kin dit sa noch troch gean. Moatte oare keatsferienings dy’t ek graach ris in haadklasse partij organisearje wolle net in kear de kâns krije om ris te wikseljen mei Kimswert? Ik soe der in foarstanner fan wêze!

Yn Easterein nam de formaasje fan Ilse Tuinenga al fest in foarskot op de winst op de kommende frouljus-PC. Sûnt de earste wedstriid yn Littens hawwe de froulju no acht fan de njoggen partijen mei twa fingers yn’e noas wûn. Allinne yn Grou moasten hja op 5-5 en 6-6 belies jaan troch in bûtenslach fan Ilse Tuinenga. Dernei waard alles wûn wat der te winnen foel en faak mei hiele dikke sifers. Faaks is der mar ien partoer dat in bytsje tsjinwicht jaan kin mar de formaasje fan Annet de Haan, Louise Krol en Sjannet Wijnia koenen de lêste fiif finales ek net in foet tusken de doar krije. It is faak skjinne fiif earsten of heeachút ien of twa earsten. Dan praat ik mar net oar de tsjinstan fan de oare partoeren. Ik snap dat de froulju alle trije harren lêste PC keatse mar ik fyn it wol dea sunde. Sa jong, sa folle talint en dan der in streep troch sette. Ik hearde yn Kimswert dat Louise Krol en Sjannet Wijnia de handoek noch net yn ‘e ring smite mar der seker noch in jier oan fêst knoopje wolle. Annet de Haan sil derby plak meitsje foar Gerde Lycklama à Nijeholt werby Louise opslagger wurdt. Ik doar wol te sizzen dat dizze formaasje yn 2024 rûchwei 90% fan de prizen winne sil want sa leit it der hjoeddedei yn keatslân foar. It frouljus keatsen is tin hiel tin wurden. Spitich, der feroaret de kommende Frouljus-PC neat oan.

 

Oant in oare kear!        

Jan Braaksma
By Jan Braaksma augustus 20, 2023 20:51
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Liefhebber

    Liefhebber

    15 partoer, it is net best foar Jacob Klaver. Kost een protte tiid foar de club en dan mar een…

    View Article
  • Sjoerd Hofstee

    Sjoerd Hofstee

    Wat niisskjirrich om te lêzen dat ik in tik mei de mûlpûde hawn ha soe. Jan, do en alle oare…

    View Article
  • Hh

    Hh

    Moai stikje Jan , stiet 1 flaterke yn ûs heit Roel Hoekstra is berne yn 1922 dus wie hy 41…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel