Werom sjen nei 2020
Related Articles
In lytse fjirttjin dagen ferlyn foel foar de haadklassers de lêste slach op de ferneamde Aldehou partij. Nei dy partij koe it jierklassemint ek opmakke wurde. It wienen mar trettjin wedstriden. Mar ek nei mar in tredde part fan de yn it foar fêst stelde wedstriden heart der in jierklassemint opsteld te wurden. Marten Bergsma en Hendrik Kootstra kamen dit jier as bêste nei foaren en as je de punten derby pakke dan is dat ek sa. Beide mannen kamen út op 23 punten en dat is hielendal net gek as je mar 13 partijen keatse koenen.
In gemiddelde fan 1,7 punt de wedstriid. By in fol seizoen fan 32 wedstriden hienen de mannen foar sa’n gemiddelde tekene. It gros, sis mar mear as 95% fan de punten, waard behelle op de frije formaasje wedstriden wêr’t de formaasje fan Bergsma c.s. dúdlik dit jier foarbêst opsloech. Alve kear kamen se yn aksje en dêrfan pakten se sân kear de priis, ien kear de preemje en ien kear in lytse preemje. Twa kear gongen se der foar de prizen ôf, t.w. yn Moarre en yn Reduzum. Yn Moarre die Dylan Drent net mei en dat gemis meie je foaral dit jier net weipoetse.
Want Dylan keatste miskien wol it bêste seizoen út syn keatskarrière. Mar in soad winne wol dat dan ek sizze dat hja fierwei it bêste partoer wienen dit jier? Winnen hat faak ek te krijen mei hoe’t je yn de list sitte en tiid hawwe om yn de partij te kommen. Foar Marten Bergsma–en-dy jildt ek dat it har net tsjin siet yn bepaalde wedstriden. By de earste fjouwer wedstriden waard der gewoan lotte en dêr foel op dat it partoer it lot net tsjin hie. As it lot jo in kontsje jout of dat it lot jo akelich dwers sit, dat makket noch al in gâns ferskil. Boppedat wienen se op de seis gelyk net ûngelokkich.
Ik neam De Rengerspartij (5 om 1 efter) en op 5-5 en 6-6 winne. Fansels dat dogge je sels mar in wike letter yn Hommerts en yn Bitgum komme se ek noch droech oer de sleat as it feitlik oer is. Lit ik foarop stelle dat dit ek in kwaliteit is om sokke partijen noch nei je hân te setten. Mar ik sis: It hie ek samar oars rinne kinnen. Sa fier stutsen de mannen der net boppe út. Dat de wedstriden yn Littens en Huzum noch wûn waarden lei mear oan de tsjinstanner dan oan it goeie keatsen fan dat momint.
Dan haw ik it mar net oar de winst yn Sint Anne doe’t de partij tsjin Bauke Triemstra, Pieter Jan Plat en Patrick Scheepstra op omfallen stie by 5 om 2 en skjinne fjouwer. Mar skiedsrjochter Jan Winkel stuts it partoer de helpende han ta, troch warrich belied. Neidat de partij dik tsien minuten stil lein hie wie de fleur der by Bauke en foaral Patrick hielendal út. Patrick hat nei de ûnderbrekking gjin pipernút mear rekke. Dus dizze winst yn Sint Anne wie in soad bonus. Yn Reduzum en Frjentsjer waard ek dúdlik dat hja der net sa fier boppe útstekke as de behelle punten miskien wol leauwe wolle. Takom jier as it hooplik wer in gewoan keatsjier wurdt moat bliken dwaan dat 2020 net in útsûnderlik jier wie.
It partoer fan Menno van Zwieten, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar einige dit jier as twadde, mar dat hie ek samar oars wêze kinnen. Trije kear pakten sy de winst en dat hienen der ek samar twa of trije mear wêze kinnen. It ferlies op de Rengers en Bitgum wie sneu. Oars kin ik it net neame. Menno sloech poerbêst op en Hiemstra en Wassenaar wienen miskien wol it bêste perk fan dit jier. Foaral Hiemstra wie dit jier net in bal yn it foarperk betroud. Sjoch, twa kear ferlieze op 5-5 en 6-6 jout ek oan dat hja it yn in earder stadium lizze litten hawwe. Foaral it ferlies op de Rengers nei in 5-1 foarsprong moat der aardich yn klapt hawwe.
Foar 2021 bliuwt it ek ôfwachtsjen oft Tjisse Steenstra fan harren in ûnoerwinnelike formaasje meitsje sil. Trije goeie, sis mar hiele goeie keatsers, meitsje noch net dat je as partoer mar alles winne sille. Dêr is Tjisse Steenstra nei dit jier ek wol efter kommen. Der is mear foar nedich as allinne mar traine, traine en noch ris traine. Goed troch in doar kinne mei elkoar kinne en foaral wille hawwe op it fjild. As dat der is dan kinne je sjen wat dat betsjut. Op de Aldehou spatte de wille der wer ôf bij Steenstra en syn maat foar goed fjouwer jier Taeke Triemstra.
As ik it no dochs oer Taeke Triemstra haw, dan tink ik: Wêrom gong it dit jier sa faak mis. Ik haw alle partijen fan de mannen sjoen en al by de start yn Ljouwert op 5 july miende ik te sjen dat foaral Tjisse Steenstra de ballen net lekker rekke. Te folle ofswaaiers! Te faak net goed yn de bal komme…Letter as je hearre dat it partoer út elkoar falt dan bekrûpt mei it gefoel dat Tjisse doe al dwaande wie mei syn ôfskie. Hy sil it miskien noait sizze mar de Tjisse fan 2019 haw ik nea wer sjoen…
Allinne op de Aldehou fan 2020. Dat is spitich want hy koe it keatsen net ferleard hawwe fansels. Mar as de geast net wol, dan wol faak it lichem ek net wat je wolle. En it siet de formaasje Van der Bos ek net mei en dan druk ik my seft út. De lotting wie de earste partijen in lytse ramp. Faak yn it sterkste blokje fan de list en faak siet it ek net mei. Allinne feitlik yn Boalsert wêr’t op 5-5 en 6-6 wûn wurdt yn de heale finale fan Bergsma-en-dy. It wie foar my, mei de finale op de Aldehou, de bêste partij fan it jier.
Mar it ferlies yn Littens en Huzum moat sear dien hawwe en wie ek net nedich. Twa kear sântjin ballen bûten slaan. Dat mei net en dat hoecht ek net. In top opslagger moat dus njonken de snelle bal ek noch in driuwer jaan kinne. In bal djip efteryn…Wêr is dy bal bleaun! Moai putsje foar 2021. Gjin kikkersprongen of oare dwaze trainingsfoarmen mar dat dwaan wêr’t je de partij mei winne kinne. Want it giet noch altyd op dat je de bal der yn hâlde moatte want dêr leit de earste winst. Ek dit jier wie it oantal bûtenslaggen wer fierstente heech! Ek by de mannen is it allegearre gong op de foarynse. Ik haw in pear partijen turft hoe faak de efterynse opsocht waard troch de opslagger…Net mear as 15% fan it oantal opsleine ballen. Mannen hjir leit winst…Doch der wat mei!
Foar Enno Kingma, Kees van der Schoot en Erwin Zijlstra wienen twa preemjes en trije lytse preemjes. Mear siet der ek net yn. Kaam ek noch by dat Kees van der Schoot de lêste partijen der net by wie mar hiel aardich ferfongen waard troch Hessel Postma. Foar 2021 komt Menno van Zwieten yn it plak foar Erwin Zijlstra. Ik fyn it hiel sneu foar Menno dat hy no fan opslagger efterynse wurden is. It is fansels in kar mar Menno hat dit jier geweldich opslein. Syn dûkende ballen wienen in grut part fan de perkspilers de baas. Efteryn is in hiel oar fak. Dat hat ek tiid nedich foardat je dat ûnderdiel ûnder de knibbel hawwe.
Benijd bin ik ek hoe’t Erwin Zijlstra it dwaan sil by Gert-Anne van der Bos en Taeke Triemstra. Persoanlik tink ik dat it wol ris hiel goed útpakke kin by de grutte tenoaren Gert-Anne en Taeke. De basis moat lein wurde yn de moannen jannewaris oan te mei april. Erwin hat in sterke lea en ek syn opslach mei besjen lije. As de mannen it mei syn trijen wat fine kinne, kin dit partoer wol ris de ferrassing fan 2021 wurde.
Oare wike de froulju!
Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.
Write a comment