- Geen berichten gevonden
Kweapraat 2026 (11)
Gerelateerde Artikelen
De trein fan Menno van Zwieten, Rick Minnesma en Tjisse Steenstra dendert mar troch. Yn Boalsert wie der alwer de tsiende oerwinning fan it seizoen 2026. De oare partoeren stean der by as seurtjes by it boadskip. Dat is it dan ek wol. Sjoch, tsien kear efter elkoar winne is net niks fansels. Yn de lange skiednis fan it keatsen wie dat noch nea bard. Yn 1981 bruts de de lange riege fan sân oerwinningen bij het ferneamde partoer fan Jarich van der Veen, Johannes Brandsma en Reinder Triemstra. Mannen woenen dat jier alles wat los en fêst siet allinne de PC waard net w֪ûn. Sis net dat trio Van Zwieten dat ek oer komt mar it soe ek samar kinne. Sjoch, ien kear sil it triedsje fan oerwinningen brekke…dat is wis. Foar harren is it te hoopjen dat dat net bard op de PC.
Want hjoed yn Boalsert hie it ek samar wer kinnen. It partoer fan Marten Bergsma hat hast noch noait op folle kreft keatse kinnen omdat efterynse Erwin Zijlstra nochal tiid pleage wurdt troch ûngemak oan de ljisk. Hjoed ek mar wer ien loopke…dat is te min en dat wit Erwin en dat witte syn maten ek. Der sil wat barde moatte linksom of rjochtsom. Ik tink dat Hans Wassenaar yn de startblokken stiet. Yn Rie liet hy snein wer sjen dat hy nochal tiid goed meidocht. Wûn de PC al 5 kear…in seisde kear soe samar kinne. It partoer fan Johan Sipma krige fanemiddei in geweldich pak foar de kont. Yn goed 23 minuten stiene hja wer yn de klaaiboks. Dat sil fêst net de bedoeling west hawwe mar hja keatsten alle trije ek as in krante. Sa ik sjen kin yn myn argyf stikken wie dit noch net earder foarkommen dat je yn in finale net mear as acht punten oan de hang krije.
Yn Boalsert stienen 12 partoeren op de list. Dat is net nij mar foar Boalsert wie dat wol. Hja hienen der by de bond ek net om frege. Ik fyn dat frjemd. Altyd tsien partoer útsein OKK Bitgum en no ynienen 12 partoer yn Boalsert. De wedstriid telde ek net mei foar de ranking omdat yn Rie wer in ôfdielingswedstriid op it programma stie. Dat is in oantal jierren net sa west omdat de lieding fan de bond fûn dat Rie in frije formaasje wedstriid hawwe moast omdat der oars problemen kamen troch de ranking. Se hawwe elkoar hast nei it libben stien mar lang om let hat Klaas Mug syn ôfdielingswedstriid wer werom krigen. As se der no blyd mei binne…ik haw myn twivels want yn Rie stienen mar 14 partoerkes op de list. No ja 15 want de bond hie betocht dat der twa man dy’t net in ôfdielingspartoer hawwe as KNKB partoer meidwaan mochten.
Ik kin it net hurd meitsje mar troch 12 partoeren nei Boalsert te stjoeren bleu der foar Rie net folle mear oer. It is in grut misbaksel dat út de mouwe komt fan ús geweldige foarman Coos Veltman dy’t soks ea yn Hommerts betocht hie. Ja, ik moat earlik wêze dit is wer in geweldich idea fan ús warbere foarman hoewol warber…der is noch altyd gjin grien ljocht wêr’t de sinten fan de leden bleun is. Hy sil dochs in kear mei it wetter foar de dokter moatte. Ik snap der ek neat fan dat der gjin ferienings binne dy’t freon Coos efkes hurd by it ear of syn twa earen pakt. It binne allegear seurtjes by it boadskip. Blykber hat net ien kont yn de broek.
Oer goed twa wike is it PC en as ik de lûden om my hinne goed begryp dan is it noch mar in knikkert op de kant as it partoer fan Steven Koster, Gerben de Boer en Pieter-Jan Leijenaar op de PC stean sil. As hja snein yn Stiens op de earste klasse wedstriid net yn de prizen falle stean hja net op de PC mar ek net op de keats-off. Dat is feitlik te gek foar wurden. It hiele jier keatse op de haadklasse en net keatse op de PC. Had alles te krijen mei dy geweldige ranking. In partoer dat net fierder kommen is as de twadde klasse stiet straks wol op de PC. Wa’t soks betinke kin heard yn in gesticht. Spitich is it wol dat dy gestichten al sa fol sitten mei dwazen dy’t ek al lang it paad kwyt binne mar in pear fan de KNKB der soe doch wol noch plak foar wêze.
By de bond sit no ien kear in bytsje keats ferstân mar de keatsers hawwe ek wer sliept troch akkoard te gean dat der wer gewoan lotte waard. Der is it partoer fan Steven Koster mei it skip yn gongen. Te faak moasten hja keatse tsjin Menno-en-dy en tsjin Marten-en-dy en boppedat keatsten se ek net geweldich. Mar wis is dat it systeem foar gjin meter deugd. It soe ek net sa wêze.
Kom ik ek noch efkes werom op it keningskip yn Boalsert. Ik wit by God net wêr’t de kommisje nei sjoen hat mar net nei it keatsen. It wie foar de massa dúdlik dat opslager Menno van Zwieten de man fan dei wie en net Tjisse Steenstra. Houd der dan mar mei op as je der dochs gjin doel oer hawwe. Menno sil der net in nacht minder om sliepe mar it giet om it idea. Dan binne je de bêste en dan sjogge dy omkoalen it net.
Oant in oare kear!









Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie