Kweapraat 2026 (9)

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma juni 28, 2026 20:54

Kweapraat 2026 (9)

Sneon waard der foar it earst net keatst om de waarmte. Dat meie je wol unyk neame want dat wie yn de lange skiednis fan it keatsen noch net earder bart. Mar alles moat in kear barre fansels. Freed yn Littens wie it ek glûpende hjit mar der waard wol gewoan keatst. Blykber koe en mocht dat wol. Ik fyn dat mjitte mei twa maten mar der sille guon wol wer oars oer tinke.

Hawar snein yn Berltsum wie it te dwaan mar dan moasten de leafhawwers wol it skaad opsykje. It keatstfjild lei der by as wie it in steppe earne yn Afrika. Dat fûn it bestjoer fan de keatsferiening fansels net leuk mar it is sa’t it is. Ik tink dat de gemeente der net al te folle oan dien hat om it fjild moai te halden. De keatsers moasten harren der mar mei rêde en dat gong frij aardich. De wedstriid waard sa as de lêste wiken wûn troch it partoer fan Menno van Zwieten, Rick Minnesma en Tjisse Steenstra. Mannen kinne der net ôf hear ik al in pear wiken mar ik tink dat de mannen gewoan te ferslaan binne mar dan moatte de konkurrinten harren sels net sa yn ‘e bokse pisje. Nim de partij tsjin Marten Bergsma, Hessel Postma en Gerben de Boer. Partoer Bergsma hat kânsen by de fleet han mar dan moatte je dy kânsen wol gripe fansels en net harren eltse kear wer yn it sadel helpe want dan winne je noat fansels. Want Van Zwieten-en-dy hawwe oan it heale kâns genoch om te winnen. Komt by dat se gau kiezzich wurde as it net rint sa’t de mannen foar eagen hawwe. Dat is in punt dat net yn harren foardiel sprekt en der soe de tsjinstanner gebruk fan meitsje moatte. De lontsje binne koart.

Wat ek opfoel yn Berltsum wie it feit dat it fierstente let dien wie. Begjin no om alve oere dan is de wedstriid moai op ‘e tiid klear. Kinne de krantejonges ek noch yn alle rêst harren stikje troch maile nei de krante. Ik fyn trouwens dat dit in putsje is foar de bond. Hja soenen hjir it foartou yn nimme moatte mar ja sluge soe ek mar dy stoar earder en dat sil mei de bond ek wol sa wêze.

Yn Berltsum keatsten ek de earsteklassers en dan sjogge je dat der nochal wat romte sit tusken de top fan de earste klasse en de nûmer tsien fan de haadklasse. Foaral oan de stuit waarden der bot flaters makke. Yn bepaalde partijen waarden der in skepnet ballen bûten slein. Dat dogge de haadklassers ek, hjoed yn Berltsum like in partij hurd op wei nei in opslach rekord mar de 36 missers fan Sint Jabik stean noch as in hûs mar healwei de partij like it dat it opslach rekord oangeande de bûtenslagen yn gefaar komme soe mar by 28 missers is it bleun. Je soenen der raar fan yn ‘e holle wurde mar dat is ek keatsen anno 2026. Dat ek noch by hast wynstil waar.

Hearde fan ien fan de froulju haadklasse dat se de kommende twa wiekeinen net yn it spier hoege. Dat yn de heechtij dagen fan it seizoen moatte de froulju haadklasse no earst mar wer op trainingskamp. Ik kin jimme sizze dat se der fan bale as in stekker. Hawwe je krekt je ritme wat fûn en hawwe je ferplicht twa wieken frij. Moat wer in slimme man/frou fan bond west hawwe dy’t soks betinke kin. Mar derom binne je ek keninklik oars soenen je dit net betinke kinne.

Hearde dat Dijks Media de plaatsjes oanleverje sil foar de bond. Dat is moai want de namme jouwer kin hiele aardige plaatsjes meitsje mar ik tink net dat hy dat docht foar ryksdaalder de foto. Sil gâns wat mear op it kleed komme moatte mar gelokkich sit ús keninklik bondsje rom yn de sinten.

Oant in oare kear!           

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma juni 28, 2026 20:54
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel