Kweapraat 2026 (7)
Gerelateerde Artikelen
Keatsen kin in feest wêze mar is dat faak net mear. Alles is tsjintwurdich ôfbakene mei regels mar it kin ek oars dat die ôfrûne wike mar wer bliken by it Lanenkeatsen. Hoewol it waar net altyd foar best opsloech stienen der wer kloften leafhawwers lâns de kant. Dat fiif dagen lang en it waar wie net altyd harren bêste freon mar it folk kwam dochs manmachtich nei de Lanen. Op de Lanen is it eltse jûn feest oars kin ik it net neame en boppedat wurdt der fûleindich keatst om de priis mar foaral ek om de eare as winner fan de Lanen want dat telt yn Harns en ek fier der bûten. As je winne op de Lanen dan hawwe je wol in fin mear as in bears. Boppedat hawwe de Harnsers doel oer harren spultsje en se rinne harren it fjoer út de skuon om alles goed foar elkoar te krijen. Ik tink dat der by de finales wol rom 500 of mear taskôgers wienen en dy seachen prachtige finales weryn it hurd om hurd gong. Dat is keatsen op syn moaist.
Wat moat de teloarstelling dan grut wêze foar harren dy’t freed nei Stiens ôfsetten foar de haadklassenpartij foar de froulju. It opkommen folk wie op de fingers fan ien han te tellen. In ramp foar de organisaasje en ek foar de keatssters fansels. Dat kin dochs nea de bedoeling wêze hawwe as je in wedstriid organiseare. As ik de lûden leauwe mei wienen der noch nea sa’n bytsje minsken by it haadklasse keatsen fan de froulju west. Je meie je ôfreegje wer dogge it noch feitlik foar. Alles yn it spier foar sa’n nusje leafhawwers. Blykber lûkt it net mear.
Wat my wol opfoel yn Stiens wie it feit dat de froulju Lisanne Scharringa en Senne Idsardi ek op de list stienen de jûns yn Harns. Dat fyn ik linke soep om samar te sizzen. Beide froulju stienen yn Harns yn de finale mei Senne Idsardi as winner nei in swiere partij. Ik hie yn Sint Anne de yndruk dat se fan dat slaan op in sefte bal der noch lêst fan hie. Is hiel oar wurk as keatse mei in hurde bal fansels.
Yn Sint Anne wie it ek net smoardrok om samar te sizzen. Heechút 100 man/frou sieten om it keatsfjild en dat wie ek noch in ferrekt kalt putsje. Goed tsjin kertier foar fjouweren foel hjir de lêste slach en de winst wie foar it partoer fan Louise Krol, Jeska Terpstra en Sjanet Wijnia. Yn de finale rûn it as it spoar en partoer Gerbrich Koster bleu op ien boardsje stean. It wie in perfekte show weryn alles mar dan ek alles te plak foel. Jeska en Sjanet sloegen poerbêst út en Louise hat de opslach aardich ûnder de knibbel. Oer de wedstriid yn Sint Anne wienen de froulju dan ek dik tefreden mar dat de line tusken goed en minder goed keatse tin is die yn Sint Anne ek wer opjild. Yn de heale finale wie feitlik neat oan de han mar doe’t op 5-1 en 6-2 de winst net pakt wurde gong it efkes mis by de trije froulju.
De geast rekke út de flesse en oan de gesichten wie te sjen dat it samar ferkeard gean koe. De trije kanjers wisten efkes net wêr’t de útgong wie en rekken fan it sintrum. Ik fûn it wol knap dat nei in spul prutsen dochs de útgong noch fûn waard. Sjoch, trije grutte tenoaren wol noch net sizze dat it daliks rint as in trein as je mei elkoar keatsen gean. Jeska Terpstra is nij by Louise en Sjanet en kin geweldich keatse mar dochs hat se wenne moatten oan beide froulju dy’t beide in fin mear hawwe as in bears. Nei de wedstriid yn Sint Anne tink ik dat dit net de lêste wedstriid is dat hja mei de hage foaroan stean sille. Mar wit wol hoe mear je winne it folk dochs wol graach sjocht dat ek ris in oar mei de hage foar de tinte stiet. Dat is no ien kear it lot fan harren dy’t mei de holle boppe it gersfjild út komme en foaral komme om te winnen.
Oant in oare kear!









Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie