Jan Ludwig Seerden 1939-2026
Gerelateerde Artikelen
De tekst op de roubrief seit alles oer hoe’t Jan Seerden yn it libben stie.
“In keatser yn hert en nieren hat it fjild ferlitten. Mei in sporthert fol fan oantinkens nimme wy ôfskie fan ús leave heit en pake.”
Jan Seerden, soan fan âld-PC-winner Lou Seerden, hikke en tein yn Frjentsjer, wie in markant man. Mar ek in tige eigensinnich man. Ik learde Jan kennen yn de jierren 80 doe’t Jan ynspekteur wie by Schoonmaakbedrijf Vlietstra. Ik wurke yn dy tiid op it belestingkantoar op it Havenmantsje yn Harns. Jan kaam ien kear yn de safolle tiid del om te sjen oft der wol goed skjinmakke wie. It soe it begjin wêze fan in freonskip dy’t mear as fjirtich jier beslacht. Wat ús bûn wie de leafde foar it keatsen wêryn’t de histoarje in wichtige rol spile. Jan wist ek troch syn heit Lou in soad fan it keatsen ek fan jierren tebek. Jan wie sljocht op ferhalen út it ferline. “Keatsen is ferhalen” sei hy altyd en dat wie in wier wurd. Doe’t hy kunde krige oan Jelle Dijkstra, soan fan sammler Schelte Dijkstra, kaam der folle mear út it ferline boppe wetter. Schelte, kroegbaas yn Frjentsjer, hat de basis lein foar it sammeljen fan alles wat mei keatsen te meitsjen hat en Jan is der op fierder gongen.
Jan is ek de pionier west fan it meitsjen fan keatsfilms. De wrâld oan dia’s hat hy makke. Fansels wie hy ek yn it spier foar KV Jan Bogtstra en de PC. Jan hat ek de wrâld oan jierboeken makke foar KNKB en PC. It binne der seker wol mear as fyftich west. Der ûntkaam him net folle.
Jierrenlang wie hy it gesicht fan it Keatsmuseum. Oant syn 70ste wie hy lid fan de museum kommisje en dêrnei waard hy frijwilliger by it museum.
De lêste tiid wie de fleur der by Jan wat út. It rinnende wurk woe net mear en hy bedarre yn Menaam. As it heal koe socht ik him moandeis op. De geast wie noch altyd helder mar Jan hie grutte muoite om noch wille út de dei te heljen. “Ut is moai weest Jan”, sei hy dan.









Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie