Prutswurk.

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma november 18, 2025 17:47

Prutswurk.

Oan dy wurden moast ik moandeitemoarn yn Ljouwert  tinke doe’t ik oanskikte by it koart pleit fan direkteur Dirk Jan van der Woud tsjin de KNKB. Ik haw mei grutte ferbjustering nei it tonielstikje sjoen fan twa mannen yn it swart te witte de abbekaten De Vries en Kingma. Toanielstikje.  Want mear wie it feitlik net.  Beide mannen bepaalden op oantrunen fan rjochter Titus Hoogslag it tempo fan it koart pleit. Rjochter Hoogslag, pakesizzer fan âld-PC-foarsitter Master Klaas Bijlsma, woe him feitlik net te drok meitsje en liet it wurk graach oer oan beide abbekaten.

De fragen dy’t hy stelde wienen op de fingers fan ien hân te tellen. Hy liet tusken noas en lippen wol witte dat sokke saken bakken mei jild kostje. Dus frege hy oan beide abbekaten oft der noch romte wie foar oerlis sadat hy gjin útspraak hoefde te dwaan. Dat wie wol in tûke set fan Titus want ja alle smoarge wask lei fansels al op strjitte. Koartsein: It tsjinstferbân mei Dirk Jan van der Woud wie trije kear neat west. Der doogde fan alles neat. Hy mocht noch de prizen útrikke op de Aldehou mar dat wie it ek wol. Van der Woud koe absolút net wer werom…Dat moat Dirk Jan dochs sear dien hawwe as je sa  publyk ôfmakke wurde. Ik tink dat hy nachts noch wolris gillend wekker wurd fan “freon”Jan van Erve. Want hy is de man dy’t him as earste by de dyk setten hat.

Dat neamt him dan freon!  Rjochter Hoogslag liet ek witte dat sa’n saak allinne mar ferliezers telt en gelyk hat hy fansels. Want hie it net oars kinnen. Snein wie der ommers noch oerlis west tusken De Vries en Kingma mar net ien woe bûge en dan krije je dit.  En dan witte je dat je ek wer dy ferfelende jonges fan de parse tsjin komme want dêr hat us Keninklike Bond in protte muoite mei. Gewoan goeie sizze is al in grut probleem mar se snappe net dat se troch neat te sizzen dêr sels de oarsaak fan binne. Ja dy jonges en famkes fan de bond sieten der by as suertsjes by de boadskippen. Famke Palma hie it drok mei har laptop en foarman Coos Veltman woe wol ûnder de tafel krûpe. En Adje interim Jan van Erve wie drok mei briefkes, wêr’t nei alle gedachten syn oeren opstienen dy’t hy noch deklarearje moat by de bond.

Want freon Van Erve docht neat foar neat. Deselde Van Erve moat dochs minne dagen hân hawwe doe’t hy syn grutte freon Dirk Jan nei oardel jier oan de dyk setten hat. Want oars kin ik it net neame. Fansels sil der bêst wat oan te merken wêze op de wize fan lieding jaan fan Dirk Jan. Mar de bond wist dochs wa’t se binnen hellen. De grutste fout leit dochs by de minsken dy’t de Goutumer yn it sadel holpen hawwe en dan op it earste plak Jan van Erve. Doe’t Marco Hoekstra direkteur waard,  wie dat tsjin de winsk fan Jan van Erve.  Want dy hie syn jild setten op Dirk Jan. Dus doe’t Marco by de bond wei gong lei it paad iepen foar Dirk Jan. Ik tink dat der net iens mei in oare kandidaat sprutsen is. Dirk Jan soe en moast de nije direkteur wurde. Blykber is der net ien fan it bûnsbestjoer op it idee kommen om de fraach te stellen oft Dirk Jan wol de geskikte man wêze soe.

Ik neam soks swak bestjoer dat seker yn de tiid fan Jan Rodenhuis en Sake Saakstra net bard wie. Dy mannen hienen folle mear kont yn’e broek. Neidat Dirk Jan as in grutte prutser weisetten wie troch de abbekaat fan de bond waard de saak dochs noch skorst en koe it hantsjeklap begjinne. Ik haw der mei ferbazing nei sjoen. Fiif kertier en acht kear hinne wer tusken bond en Dirk Jan en doe wienen se der út. Net dat Dirk Jan werom komt mar wol dat it ûntslach beklonken wurdt met in pûde fol jild. Hoefolle,  dat waard fansels net bekind makke. Stel je foar dat de foarman fan de bond dat sizze soe. Feitliks soe dat wol moatte want it binne wol de sinten fan de leden. Mar ja, it is maklik útjaan fan in oar.  Dat docht je sels net sear. Mar op de AV fan 2026 sille se dochs mei it wetter foar de dokter moatte want dan moatte de jiersifers bekend makke wurde. Ut ûnderfining wit ik dat der mei jild skoot wurde kin.  

Dat barde yn de tiid dat ik as belestingman de kontrôle by de bond die ek al. De leden hoefden net alles te witten en dat sil no net oars wêze. Mar no witte de leden fan de bond dit en no kinne en moatte se der ek fûleindich nei freegje. Lit Coos-en-dy mar it swit op ‘e kop krije. Moai waar spylje dat kinne sy as de bêste mar as it knypt jouwe se net thus. Mar ien ding is wis: It keatsen en alles derom hinne is en bliuwt in wespenêst.

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma november 18, 2025 17:47
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel