Kweapraat 2025 (18)
Gerelateerde Artikelen
No dat wie it dan. Mei de lêste slach op de Aldehou kin de mof wer yn ‘e tas en moat de keatsleafhawwer dy’t der noch altyd is him of har wer dik sân moanne fermeitsje mei oare saken sa as sneon en snein nei it keatsen. Guon sile it spytich fine en guon fine dat it seizoen te lang duorre hat.
De jonges en famkes fan LKC Sonnenborgh dogge der altyd fan alles oan om de lêste partij fan it jier hannen en fuotten te jaan. Wy hawwe it fansels wol oer ien fan de âldste keatsklassiekers. Mar der begjint it al. De ‘grandeur’fan eartiids is der net mear. De Aldehou is no in partij dy’t gjin skaad mear is fan de partij dy’t it ea wie. Dat is al begûn doe’t de froulju fan de sneon nei de snein moasten. Dat hie fansels nea moatten. Hja hienen moai op de sneon bliuwe moaten. Dan hienen hja ek harren gerak kriegen. Mar der wie wer fansels ien dy’t it better wist en de froulju moasten tagelyk mei de mannen it seizoen ôfslute. Dermei hat de sa ferneamde Aldehou in geweldige klets kriegen. Komt ek noch by dat de belangstelling foar dizze partij ôfnommen is. Ik kin my noch goed foar de geast helje dat der rijen dik om it fjild stienen. Ik tink dat it bestjoer fan LKC der ek oer tinke moat om de wedstriid wer te splitsen. It soe foar sa wol de froulju as de manlju in útkomst wêze.
Mar miskien hoege se der net swier oer nei te tinken en hawwe se it beslut al nommen om de partij foar de froulju yn de iiskast te setten. Want litte wy earlik wêze dit kin dochs net sa’t der hjoed by de froulju keatst waard. Foar in partij mei 1800 euro oan prize jild hienen harren mar 17 froulju oanjûn. Dat raast dochs oan de protters. LKC seach dit net mei dit oantal net sitten en doe hat Willem Miedema fan de keatst bond noch mei in gelûdswein troch Fryslân west om de froulju waarm te meitsjen om harren dochs noch op te jaan foar dizze partij. No dat smiet noch fiif froulju op mar noch gjin 24 stiks sa’t der ôfpraat wie. Kaam ek noch by dat der ek noch ien fan de keatssters net meidwaan koe troch in blesseure. Dan noch te witten dat der by de frije formaasje wedstriden faaks 16 partoeren op de list stienen. Seis by de haadklasse en 10 by de earste klasse. Dan hawwe it wol oer krapoan 48 froulju en dan binne der fan dat oantal mar 17 dy’t harren opjûn hawwe foar sa’n partij as de Aldehou. It is noch ôfwachtsjen wat LKC dwaan sil mar ik tink dat it einde oefening is foar de Aldehou partij foar de froulju. Boppedat soe ik it hiel normaal fine dat it slot der op giet. LKC stiet hjir net allinne yn. In oantal jierren tebek hie kv De Pompeblêdden sawol in partij foar de manlju en de froulju mei grouwelige prizen. Wy prate dan oer de Masters en de Ladies. Partijen mei hiele dikke prizen wêr’t Willem de Haan-en-dy foarbêst opsloegen. Mar doe’t de froulju dwers begunnen te lizzen wie it samar klear der yn it Fryske Haagje mei it frouljus keatsen. It wie sa en net oars. Willem-en-dy wienen der bliksum dúdlik yn. Graach of net…net dus! Ik tink dat de rjuachte froulju harren han oerspile hawwe troch harren net mear op te jaan foar dizze partij.
Gelokkich binne de manlju noch wol sa ferstandich om harren wol foar dizze partij op te jaan. It wie in knikker op ‘e kant mar it oantal fan 30 koe krekt helle wurde. Jorn Lars van Beem stie dizze kear net op ‘e list en dat sil him bot sear dien hawwe mar hja de ranking. Hy hie noch efkes besocht om him oan te melden as opslager mar dat feest koe fansels net troch gean. Je kinne as bond net altyd de eagen dicht knype.
De Aldehou kriege in moaie winner yn it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Gabe-Jan van Popta en kening Tjisse Steenstra. It wie in moai ein oan de karrière fan Gert-Anne van der Bos. Ofskie nimme mei winst op de Aldehou dat is net eltsenien gunt. Ofskie nimme as kening hie noch moaier west mar nei in geweldige striid om de preemje of neat koe hy dit yn de finale net wer bringe en moast de eare litte on Tjisse Steenstra. Mar it feit bliuwt dat Gert-Anne in prachtige karrière han hat mei in skepnet fol hichte punten. Dat kin net better. It is osa spitich dat de blesseure oprûn yn Dokkum him de lêste jierren parten spile hat. Nei Dokkum koe hy net mear bringe wat hy altyd wol koe foar dy blesseure.
Wie de hâge noch foar Gert-Anne syn maat foar 15 jier Taeke Triemstra koe it op syn lêste partij net mear oprêde. Dat hie hy fansels graach oars sjoen mar tiden hawwe tiden. Taeke hat rom 25 jier foarbest opslein. Alles wûn wat der mar te winnen foel en noch altyd in kanjer yn it foar perk en op ‘e boppe. Taeke faalde noait. Nea minder as in sân faak in njoggen. Mar foar Taeke wie it hjoed op de Aldehou ek einde oefening. Ik wie der by by de earste winst yn Snits en hjoed seach ik dat der om 7 minuten oer twaan in ein kaam oan de keatskarrière fan de nûmer ien yn it keatsklassemint alle tiden Taeke Triemstra. It sil wennen wurde as it nije keatsseizoen wer begjint….gjin Oranje brigade mear. Spitich!
Oant in oare kear!
Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie