Kweapraat 2025 (14)
Gerelateerde Artikelen
It wie dizze wike wer in drokte fan belang. Yn Weidum rûnen de froulju foarop en Bitgum hie wer syn Van Aismadagen. De leafhawwer koe syn of har gong mar gean. Ik sette woansdei of nei Weidum wêr’t foar de 49ste kear de frouljus-PC ferkeatst waard. Ik wie der by doe’t yn 1977 dee earste wedstriid ferkeatst waard en Houkje Rodenhuis, Janneke Pagels en Hilda Achenbach de priis pakten. Mar dan houdt de ferliking ek op want doe wie it in trochinoarlotterpartij en no is it in frijeformaasje wedstriid en dat makket gâns ferskil. Mar hawar it siet Weidum dit jier wer goed mei. It wie prachtich waar en dan wol de leafhawwer wol nei Weidum ta. Manmachtich wurdt dan de ofslach nei Weidum nommen. Ik stean der altyd fersteld fan dat safolle folk dan nei it frouljus keatsen komt want by de ‘gewoane’wedstriden kinne je it mei in ien kanne kofje wol dwaan.
Yn myn eagen giet it dan ek net om it keatsen mar it folk wol der by wêze. Ek hjir komt 95% fan de besiker mar ien kear yn it jier nei it frouljus keatsen. It is sa’t it is. Mar de leafhawwer hat wol in moaie wedstriid sjoen mei in hiele moaie winner. Martzen Deinum, Louise Krol en Sjanet Wijnia wienen dan wol net de grutte favoryt mar se keatsten keninklik. Partoer Roelie Kroondyk mocht dan wol de grutte favoryt wêzen mar hja koenen dat noait wier meitsje. Te folle druk fan it favoryt wêzen en dat kostte harren yn de earste omloop al de kop. Ik hearde Manon Scheepstra nei ôfrin wol sizzen dat se de bêste wienen mar dat moatte je wol wier meitsje fansels. Manon soe witte kinne of moatte dat de PC ek foar de froulju in oare partij is of bygelyks yn Arum of Seisbierrum. Krekt as by de manlju jilde der oare wetten. Dat is moai en dat makket sa’n partij ta in bysûndere partij. Kaam ek by dat it partoer fan Annet de Haan net samar in partoer is. It partoer kin folle mear as der oant no ta útkaam.
Tsjin it partoer fan Manon Scheepstra lukte dat woansdei wol. Boppedat stie der noch wol in rekken iepen. Ik tink dat Annet Manon graach in hak sette woe. Ein 2024 waard har ommers de wacht oan sein en mocht Roelie Kroondyk har plak ynnimme. Sokke saken kin in sporter in kontsje jaan om noch better te keatsen. Sjoch it waard dan wol fiif earsten en seis gelyk mar dat wie noch in grut wunder want it partoer fan Manon hie al folle faker de dea yn de eagen sjoen. Dat soks pas barde by 5-5 en 6-6 wie mear gelok as wiisheid. Mar Noa Elzinga makke prachtich dien wurk. Dat hja letter gjin poat oan de grûn kriegen tsjin Iris Veltman c.s. wie hiel gewoan. Se misten it gefoel dat se tsjin Manon har partoer wol hienen. Se koenen har net foar in twadde kear oplade. Spitich mar sa rint it faak. Takom jier mar wer besykje.
It partoer fan Martzen Deinum-en-dy keatse in prachtige finale. Miskien wol harren bêste partij fan it seizoen. De measte ‘kenners’hienen har net as favoryt nei foaren skout en dat snap ik net. Froulju pakten mei sân ferskillende maten 6 earste en 4 preemjes. Dan kinne je dochs wol wat. Yn Weidum foel foar Louise, Sjanet en Martzen alles te plak. Troch de blesseure fan Gerde Lycklama à Nijeholt moasten Louise en Sjanet hast eltse wike mei in oare tredde maat keatse. Ik jou it jimme te dwaan. Mar mei Martzen foel alles te plak. Martzen is net samar in balkearder. Martzen hat self ek yn de haadklasse keatst en wit hoe’t it spultsje wurket. Ja, je kinne Martzen wol om in boadskip stjoere. By Louise en Sjanet foel alles te plak. Beide froulju keatsten sa’t it keatsen ea bedoeld is. Earst tinke…dan slaan.
Tsjintwurdich is dat net mear sa. It each op‘e boppe en ramme mar. Mar Louise en Sjanet hienen in plan en dat pakte geweldich út. Yn de twadde omllop moast der noch wol efkes buffele wurde mar doe’t dy stap nommen wie gong in allinnich mar better. De finale wie it klapstik. Kaam ek noch by dat eltse slach rekke wie. Altyd de keatsen lyts halde en Sjanet yn har kreft keatse litte. No, dat die se as de beste en Louise makke har paadsje ek mear as skjin. By de tsjinstanner waard Marrit Zeinstra yn ‘e kjelt setten. Hja die gewoan net mei. Dat is ek keatsen. De sterkste docht net mei. Soenen de manlju ek ris besykje kinne. Mar goed ik fûn it prachtich om nei te sjen. Sa’n bytsje fouten sawol oan de opslach as yn de krite. Ik hie it gefoel dat der oer eltse slach neitocht wie. Mei Sjanet Wijnia as in terjochte keninginne. Dat hie ek net oars kinnen want dan binne je as keningskommisje in blyn hynder. Moai wie de oerwinning ek foar Martzen. Troch de oerwinning kriege se ek noch de wimpel. No as ik it no ien gun dan is it wol Matzen fan Wommels. Keatse nei je mooglikheden. Soenen mear dwaan moatte.
Yn Bitgum pakte Tjisse Steenstra syn 9de oerwinning. Dat is in moaie prestaasje en dat rekord sil wol in moaie tiid stean. Boppedat ek noch sân kear kening. Foar OKK koe it dus net op. In smite folk en prachtich waar….in moaie show mei hynders mar doe’t de oranje brigade der of wie moast de hjoeddeiske foarsitter sa nedich daliks oan it wurd om ôfskie te nimmen fan Gert-Anne en Taeke. Dat se soks docht is moai mar net op de wize sa it snein barde. Der waard ynbrutsen op in wize dy’t net kin. De mannen wienen der dan wol ôf mar hja wienen net de ienige dy’t oan it keatsen wienen. Der wie noch in partij dwaande en dy moasten as se it no wol of net woenen gewoan stopje mei harren partij. Soks dogge je net. Dan snappe je der gjin bliksum fan en binne te folle dwaande mei je eigen ik. Sjoch doe’t de finale by 3-0 en 4-0 stil foel doe hie de foarsitter fan OKK efkes lûd jaan moatten. In kloft minsken stiet der nei te sjen en krijt neat te hearren werom Van Popta en Kootstra it fjild ferlitten hawwe. Dan sjitte je as organisaasje dúdlik te koart. Dan snappe je net wer’t it einliks om giet.
Oan’t in oare kear!
Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie