Kweapraat 2025 (9)

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma juni 29, 2025 20:41

Kweapraat 2025 (9)

No, dat wie hjoed bingo in Tsjom foar de oranje brigade. It siet de mannen in harren lêste jier ek net mei dit seizoen. Pak alle listen fan dit seizoen der mar by en dan ûntkomme je der net oan om efkes de wynbrau op te lukken. Noch nea nummer njoggen of tsien. Altyd in sterke tsjinstanner yn de twadde omloop. Der binne partoeren dy lotsje allinne mar numer njoggen en tsjien. Dat kin tafal wêze mar miskien is it tiid om ris efkes te sjen hoe’t der tsjintwurdich lotte wurdt. Moat gjin probleem wêze want soks is noch altyd iepenbier. Woansdei mar efkes sjen by de mannen fan Dirk-Jan.

Goed dat foarôf. Gert-Anne–en-dy keatsten oant no ta hielendal net sa gek allinne foel it kwartsje hieltyd nei de ferkearde kant. Dan haw ik it oer De Ryp, Sint Jabik en Berltsum om mar te sweien fan it wenplak fan Gert-Anne Holwert. Yn Holwert waard der fûleindich keatst tsjin it partoer fan Van Zwieten. It mear as aliine keatsen want keatsen is mear as trije spul. Der is dit seizoen al te folle bart op en rûnom de keatsfjilden en dat hat kwea bloed setten. Sokke saken wurde mei naam yn de wedstriid. Der wienen earder kânsen genôch om te winnen mar op 5-4 en 6-6 slaat Gert-Anne op. De bal is bûten mar alles wat in bytsje doel hat oer it spultsje sjocht Rick Minnesma een slaande beweging meitsjen. Mar skiedsrjochter Henk van der Zee sjocht dat allinne net en dus gean de mannen op 5-5 en 6-6 wer de bietenbult op. Dat ûnrjocht siet de mannen sneintemoarn yn Tsjom noch hiel heech.

Henk Vlietstra âld-haadkeatser hie oanbean om de mannen fan de oranje brigade efkes by te stean omdat der fan Puur Passie blykber net ien ree wie om de mannen yn dizze dreeche tiid efkes by te stean. No, dat hat fertuten dien. Henk grut wurden yn de tiid dat der ferbaal wat mear barde op de Fryske keatsfjilden wit hoe’t je soks dogge. Ik sjoch him noch de linen op de wedstriid yn Makkum derût skoaren en en yn de Bildthoeke belâne de kwaepeal yn’ e sleat. Henk brocht wer fjoer yn it partoer en de tsjinstanner hat dat witten. Keatse mei it mes tusken te tosken…en de tsjinstanner rekke der fan yn ‘e war. Sa yn ‘e war dat se it net mear behappe koenen. Sjoch dat heard der ek by. Keatsen is striid en der mei best emoasje by los komme. Fansels krije je dan kampen mar dy binne der altyd al west. Henk hie wat ideeën hoe’t it better koe en dat lukte wonderwel. Vreemde ogen dwingen…no miskien is dat ek wol sa. Henk fûn dat Taeke en Erwin faker wikselje moasten yn de krite en dat pakte geweldich út. Taeke slaat fanút it efterperk like maklik boppe as út it foarperk. Efterynse Erwin Zijlstra hat der allinne mar baat by en mei de treflik opslaande Gert-Anne van der Bos kin it noch in moaie simmer wurde. Set Henk mar op de bank.

Skiedsrjochter yn Tsjom wie Joop Dijkstra fan Dokkum. Joop wol graach mar is der snein yn Tsjom wol efter kommen dat de wei nei de top lang is. Ik kwam efkes by de man op ‘e lije side en doe hienen wy it der efkes oer. Oer bygelyks syn posysje op it fjild. Wer moatte je bygelyks stean om in goed oersjoch te hawwe op alles wat der op it fjild bart. No der wienen wy it net meielkoar iens. Ik fyn dat de skiedsrjochter sa’n twa meter út de kant op it fjild stean moat. Dan rint hy net ien yn de wei en hat it bêste oersjoch. Dat sei ek Jitse Heeringa tsjin my dy’t jierren lang ek skiedsrjochter west hat en no taskôger wie. Mar goed begelieder Jaap Adema sei dat it goed wie en ja dan hâldt it op. Tsjin safolle wiisheid kinne je net op. Dat jildt fansels ek foar de man as frou by de kweapeal.

Hjoed yn Tsjom siet de man flak ûnder de peal by de boppe mei de sinne yn it gesicht en in gles bier yn’e han. Syn freonen spilen foar de ‘vrolijke noot’. Ik seach it wol sei Joop…je moatte oeral eachen hawwe. Mar ik tink dan…dit kin dochs net. Lit dan de man op de foarperk line de kweapeal dwaan. Hy hat it bêste sicht op de ballen dy’t dy kant útslein wurde…mar wy hawwe it altyd sa dien en dus sil it wol sa bliuwe moatte.  

Oant in oare kear!         

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma juni 29, 2025 20:41
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel