Kweapraat 2025 (7).

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma juni 15, 2025 20:45

Kweapraat 2025 (7).

Je kinne it net sa bryk betinke mar der altyd gedoch yn keatslân. No is dat net sa raar want as je in bytsje thús binne yn de skiednis fan it keatsen dan tilt it der fan op. Yn 1897 waard de NKB oprjochte en dernei wie der altyd wol wat. Dat hie faak ek te krijen mei bunsfoarsitters dy’t osa graach foar best opslaan woenen en min each hienen foar oaren dy’t ek ridlik mei komme koenen yn keatslân. Lês de ferhalen yn de tiid dat Willem Westra foarman wie mei syn kompaan Dirk de Zee. Syn striid tsjin de PC gong net fan de iene op de oare dei oer. Wat is der in gedoch west oer spuie op de bal. Ik haw hjir noch de strafsaken dy’t der spile tsjin de grutte tenoar Taede Zijlstra. As je soks no lêze dan giet de grize je oer de grauwe. Skandalich sa’t der doe mei sporters omslein waard. It wie ek faak de grutte menear tsjin de lytse man. Dy moast wol witte wa’t baas wie yn keatslân. Mar goed dat dy tiid efter ús leit.

Mar no werom nei hjoed yn Sint Jabik. Yn de earste omloop wie der de striid tusken de partoeren fan Johan Diertens, Jelle Cnossen en Jari Visser tsjin dat fan de bruorren Kees en Pieter van der Schoot en Jelle Attema. It rûn net geweldich by Attema-en-dy en doe’t de bal op 6-6 kwea jûn waard wie it yn kear oarloch. Partoer Jelle Attema seach de bal boppe mar de bal waard kwea jûn troch de karmaster op de boppe. Dat kin mar dat Pieter van der Schoot dat oars seach koe ik wol ynkomme. It hie der alles fan dat de bal foar de peal op de boppe oan de goeie kant boppe gong. It wie wol op seis gelyk. Pieter helle ferhaal by skiedsrjochter Henk van der Zee en dy gong yn petear mei de karmaster. Eintsje beslút: Van der Zee bliuw by it ferhaal fan de karmaster. Dat kin en dat mei. Mar wat my wol opfalt is it feit dat sûnt Hendrik Sweering de kuierlatten nommen hat der noait in skiedsrjochter is dy’t nei eigen oardiel in karmaster overrult. Dat is der net mear by. Ik snap dat wol: je wolle je fingers net brâne. Lekker feilich no…mar sterk nee! Mar goed Pieter van der Schoot fielde him wer naaid krekt as op de bond wer’t hy ek al yn de sek naaid wie en hat fansels wat tsjin Henk van der Zee sein.

Dat hat de skeids rekke want ik haw noch noait sa fluch in reade kaart lutsen sjoen dy’t foar Pieter bestimd wie. As folger wolle je dan witte wat wie no de oarsaak fan dit alles. No radioman Geert van Tuinen hat Pieter sprutsen en dy sei dat hy it in ‘achterlike beslissing’ fun fan de skiedsrjochter. Dat wie it. Letter op de middei is Geert ek noch efkes op ‘e lije side west fan Van der Zee. Hoor en wederhoor no! Dy stie net te springen om it ferhaal te dwaan mar efkes letter liet hy Geert dochs witte dat it folgens him efkes oars lei. Pieter hie sein: ‘achterlike skeids en hy hie Henk ek noch in triuw jûn doe’t hy de kaart krige. Dat is gâns oars fansels en Pieter soe witte moatte dat je fan de skiedsjochter ôfbliuwe moatte hoe grut de frusstraasje ek is want dy wie grut fansels. Dat hat fansels ek noch alles te krijen mei de soap op de bunspartij. Der is it feitlik begonnen. Boalsert naaid de saak en de mannen út de Bjirmen binne de lul. Sa is en sa fielt it ek foar Pieter van der Schoot-en-dy. De keatsers fan Boalsert binne sparre. Je sette yn it reglemint (artikel 12 lid 2) dat soks net mei mar je sette der net by wat de straf is as je soks úthelje.

Wat wurdt der dan sein: dan is it reglemint hast net mear te lêzen. Dat is de grutste lulkoek dy’t ik de ôfrûne dagen heard haw. Der wie in healoere oerlis fan nedich om ta in beslút te kommen. Dan te witten dat de man dy’t mei it reglemint ûnder syn kessens sliept oan de oare kant fan it fjild siet en daliks wol sizze kinnen hie hoe te handeljen mar Jaap Adema waard oer de holle sjoen. Se hienen ommers Geert Hoekstra, ea winner fan de Freule foar Huzum yn de tinte. Hoekstra ea yn it haadbestjoer tinkt noch altyd dat hy de wiisheid yn pacht hat en hy soe wol efkes bepale dat radioman Geert van Tuinen net mei Sipke Hiemstra yn petear gean mocht. Yn wat foar tiid libbet dizze man…tinkt hy no oprjocht dat immen noch wat fan him oanlûkt. Wy libje noch altyd yn it ridlik frij lân en dat moat moai sa bliuwe. Dat jildt seker foar nijs út it wrâldsje dat keatsen hjit. Der hawwe wy Geert Hoekstra net foar nedich. De tiid fan knibbeljen en bek hâlde leit fier efter ûs.

Mar goed de reade kaart fan Pieter van der Schoot is fansels net nei. Henk Vlietstra wie de man dy’t de earste reade kaart kriege en dat barde yn Menaam. Dernei wie Martijn Olijnsma oan bar. Hy rekke nochal yn petear mei Fokke van der Veen yn Doanjum. Dernei wie Wijbe Visser dy’t de print kriege yn Bitgum. Rick Minnesma kriege yn 2024 yn Tsjommearum in reade kaart doe’t hy it reklameboard in geweldige skop joech. Dy kaart is letter net trochsetten omdat Minnesma de skea oan it board betelle hat.

Ja, fansels der waard ek noch keatst. Wie net geweldich…sis mar striemin. 98 missers yn de earste omloop…20 per partij mei wynstil waar. Yn de twadde omloop wie dat noch net folle better…43 bûtenslagen…mear as 20 de partij. Gelokkich fallen de heale finale en de finale dan wer mei mei 12 en 13 missers.

Partoer Johan Sipma moast efkes op gong komme en hawwe Gert-Anne en Erwin fêst in bierke oerlange want sûnder de 18 missers hie it fêst oars rûn. No kamen Sipma-en-dy krekt droech oer de streek by 5-5 en 6-2. Mar as je de lêste slach mar hawwe. De rest wurdt gau fergetten.

Dat moat it partoer fan Menno van Zwieten, Rick Minnesma en Tjisse Steenstra ek mar dwaan want it wie hjoed yn Sint Jabik wer trije kear neat. It is gjin partoer…trije keatsers dy’t it bêste wolle mar it strielt gjin ienheid út. Der wurde te folle fouten makke en se rinne harren sels foarby yn harren dadendrang om mar de bêste wêze te wollen.

Yn Broeksterwâld foel de lêste slach by de manlju earste klasse om jûns tweintich oer tsiennen. De waxine ljochtjes moasten hast oan. Makket net ût dat de partij pas eindige op 5-5 en 6-6. By 12 partoeren begjinne je net om healwei fjouweren. Fotograaf Henk Bootsma wie pas om tolve oere thús neidat hy earst leafhawwer Harm Akkerman fan Lollum noch thús brocht hie. Harm wie op ‘e fyts nei de Broek kommen…Henk fertroude it net en hat Harm mei fyts en al yn de auto setten. It wie moai waar doe’t Harm ôfsette nei it keatsen mar it stoarmde doe’t Harm nachts wer thús kaam yn Lollum. De frou wie net bliid sacht sein. Binne dochs ek gjin tiden. Net lulle dat de partijen sa lang duorren…dat kinne je witte en der moatte je yn it foar rekken mei hâlde. No stie der in lyts stikje yn de Ljouwerter. Kin net oars want de persen wachtsje net op partijen dy’t net oan de ein komme mar spytich is it wol. Hja dy’t net nei de Broek koenen witte no feitlik neat hoe’t it keatsen der ferrûn is. Mar net werd dwaan.

Oant in oare kear!            

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma juni 15, 2025 20:45
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel